Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Dy't mei de helm geboaren is, dy mat der nachts faek út. Dan mat er lykstaesjes sjen. Der wenne sa'n man ûnder Kollumersweach, dy ha 'k wol kend. Dat wie Knjillis Veenstra. Dy seach geregeld lykstaesjes yn 'e nacht. Hy moest der soms hiele einen foar rinne, hiel Kollumersweach troch. Woed er lizzen bliuwe, dat joech him neat, hy woarde út bêd licht.
Hy...
nl.verhalenbank.22969
As men in ûngemak ha sil, wurdt men fantofoaren warskôge troch de fûgels.
Ik haw it sels meimakke. Trije kear fantofoaren skattere der in ekster, doe rekke der ien ûnder 'e auto. Hy is net dearekke.
nl.verhalenbank.20004
As it sweltsje tsjin 'e glêzen tikket, komt der mei trije dagen in deaden.
Op it Wyldpaed gebeurde it, dat in lyts popke wosken en klaeid woarde. De mem lei noch yn 't kreambêd. It iene buorwyfke sei: "Der tikket trije kear in sweltsje op 'e glêzen. Dat bitsjut dat der yn 't koart in sterfgefal wêze sil."
Trije dagen letter wie 't berntsje wei.
nl.verhalenbank.20000
Achter de kaserne to Bûtenpost ha wy froeger wol wylde lantearnen sjoen. Dat tsjutte op nije hûzen, seinen se. Dy binne der letter ek kom. En dêr is èk in nije wei kom.
nl.verhalenbank.22950
Wy hienen froeger by ús yn 'e hûs twa hounen. Mar dat wie ien tofolle. Wy hienen 't och sa earmoedich, heit wie gebrekkich en wy koenen 't net bitelje om twa hounen fretten to jaen. Spits hiet de iene houn.
Heit sei: "Ik sil Spits forsûpe."
Mem sei: "Wybren, ik warskôgje dy, datstû dy houn forsûpste. Dû kinst him wol yn 't wetter dwaen, mar hy giet net...
nl.verhalenbank.36298
As der in deatikkerke achter 't bihang is, seit men wol: der is in fremde wekker yn 'e hûs. Ek wol: in wyld horloazje. Dan komt der in deaden.
nl.verhalenbank.20001
Tusken Reitsum en Ginnum stiet in slachthûs.
Foardat it dêr stie moesten se dêr de hynders altyd beet krije, as se der lâns kamen, hwant dan wienen de dieren angstich. It wie foartsjirmerije.
Letter kaem it slachthûs dêr en doe moesten de hynders altyd yn toom hâlden wurde as se it passearden. Hynders binne altyd bang foar in slachthûs.
nl.verhalenbank.32188
As it hynder foar de lykwein stean bliuwt foar de daem fan in hûs en mei de poat skrabbet, dan komt dêr ûngefear trije à sawn dagen neitiid ien to fortsjerren.
Itselde hynder rint dan wer foar de lykwein.
nl.verhalenbank.20003
As de klok sadanich let krekt as op in bigraffenis, dan stjert der ek ien.
nl.verhalenbank.20002
Ik lei siik op bêd yn 'e hûs. Us Joukje siet mei in feint yn 'e keuken. 't Gebeurde oan 't Wyldpaed. Hja wie och sa stil, dat de feint dy frege: "Hwat mankeart dy?" Doe sei se: "Ik sjoch in lykstaesje." Hja seach ús der achteroan, en harsels net. Doe tocht se net oars as sy soe sels deareitsje.
Doe't se by my kom wie se sa stil.
"Hwat is der oan?" sei 'k....
nl.verhalenbank.20449
Us pake (heit syn heit) seach wol us lykstaesjes fan tofoaren. Hy wist altyd as der yn 'e omgeving in sterfgefal komme soe. In skoftsje letter kom dat ek altyd út. Hy wenne yn Bûtenpost en wie ôfkomstich fan Stiens.
nl.verhalenbank.22847
Ekstergeskatter is in foarboade fan 'e dea.
nl.verhalenbank.19999
To Sweagerbosk wie in húshâlding, dêr wie de mem allinne thús mei 't jonkje. Doe bigong har houn bûtendoar to spûkgûlen. Hy roan hyltyd mar achterút, al gûlendewei en sa ta 't hûs yn oan 'e fjûrpot ta. Dêr bleau er stean mei 't gesicht nei de muorre ta.
Fjirtsjin dagen letter kom 't jonkje to forstjerren. Syn kiste kom to stean tsjin 'e muorre oan op it...
nl.verhalenbank.19998
Wy ha in broerke forlern. Der wenne in âlde frou tichte by ús yn 't earmhûs. Dy sei fan tofoaren al: "Hjir komt gau in deaden, hwant ús houn spûkgûlt iderkear."
nl.verhalenbank.22852
As de houn spûkgûlt komt der in sterfgefal.
nl.verhalenbank.22851
Der wenne in frou yn Bûtenpost, dy fornom ek dingen fan tofoaren. Dat wienen altyd treurige dingen, lyk as sykte en forstjerren ensa. 't Forrin fan 'e sykte en de dea fan har man hat se allegear fan tofoaren krekt sa sjoen as it gebeurd is. Letter is se nei Grins ta gong to wenjen. Sy is nou al dea.
nl.verhalenbank.22848
Der roan in man yn 'e nacht op Feansterheide. Ynienen sjocht er ien oankommen.
"Joun", sei de earste, mar de oare sei neat werom. De earste sei noch us fan "joun", mar wer krige er gjin antwurd.
Doe seach er in lykstaesje oankommen.
Dy man hie dêr de foarboade fan west.
nl.verhalenbank.16508
Keke stie op in nacht yn 'e ûnderbroek nei in lyk to sjen op 'e hoeke fan 't Wyldpaed, sa hurd moest er doe út bêd wei. Hy hie gjin tiid mear om 'e broek oan to dwaen, hwant dan kom er to let.
nl.verhalenbank.20452
Knjillis Veenstra wenne yn Sweagerbosk. Wy seinen altyd Bontsje Keke, ek wol âlde Keke. Heit en dy wienen us op in nacht om twa ûre byelkoar bûtendoar. Mei in stik of hwat oaren soenen se nei Grinslân ta nei de bou. Keke wie der ek by. Doe sei Keke ynienen: "Gean achter my. Toe, fan 'e wei ôf, hwant der komt hwat oan." Heit en dy seinen: "Der is ommers...
nl.verhalenbank.20447
Us heit seach de dingen ek foarút. Fan ús Baeije hat er de hiele bigraffenis fan tofoaren sjoen. Hy hat it leefolk sjoen en hy hat ek sjoen, dat se har biklaeiden.
Baeije
nl.verhalenbank.20451