Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
26 datasets found
Dutch Keywords: voorbode Narrator Gender: male Place of Narration: Mûnein
As der froeger in fûgeltsje tsjin 'e glêzen oan fleach, dan leaude men fêst dat der yn dat hûs ien kaem to forstjerren.
nl.verhalenbank.30565
As men in pod deatrapet, dan komt der tonger, waerd ús froeger sein.
nl.verhalenbank.30549
Us beppe fortelde, foardat de trein der wie hearden guon yn 'e Mouneein brommen yn 'e loft. 't Wie 't selde lûd dat de trein letter makke dy't troch Hurdegaryp ried.
nl.verhalenbank.30049
Wylde lantearnen hie men hjir froeger in soad. Dat wie foartsjirmerije. 't Wienen de fytslampen fan letter tiid.
nl.verhalenbank.36615
Wy wennen yn Sumarreheide. 't Wie yn 'e nacht dat heit my rôp. "Hearst dat wol?" sei er. Ik hearde klear dat se stikken fan 'e stien ôfsloegen, lyk as dat by 't metseljen gebeurt. En ik hearde timmerjen en saegjen. 't Wie tichteby. Mar dêr wie neat to sjen. "Dat hear ik no al forskeidene nachten", sei heit. Letter bin 'k nòch wolris mei heit bûten west....
nl.verhalenbank.30304
Dêr't wy froeger yn 'e Sumarreheide wenne ha wie de feart. Dy hâldde dêr mei in bocht op. Letter ha se dy feart trochgroeven en rjochtút makke. Doe kaem de bocht der út. Hanne en Aef wennen in eintsje fierder as wy. Doe wie dy feart dêr noch net. Op in joun kaem Hanne by ús to praten. Doe sei er: "Der gebeurt aenst ek wer hwat. Dêr sil wol in feart komme....
nl.verhalenbank.30305
Tusken Feanwâlden en Mounein wie 't froeger allegear wetter. Dêr wenne in boer, dy line op in joun oer de ûnderdoar hinne. Doe hearde er ynienen buslidden ratteljen oer 't wetter. Mar dêr wie neat to sjen. Letter waerd dat terrein dêr allegearre droech makke en doe kommen der allerhande buorkerijen to stean. It hie foartsjirmerije west.
nl.verhalenbank.36402
Jochums Antsje wie mei de helm geboaren. 't Wie in hiel âld minske. Hja wie widdou en wenne yn 'e Sumarreheide. Dy sei: "'k Ha der fannacht ek wer ôf west. Se ha my kloppe." Hja wenne oan in dwarsreedtsje. Hja seach bigraffenissen de reed lâns gean. Ek fan har buorfrou Martsje. Dan sei se: "Der giet aenst wer ien dea." 't Kaem altyd út.
nl.verhalenbank.30307
Op 'e Broek siet in man yn 't bûthús to melken. Dêr komt in hiel lyts mantsje yn 't bûthús. Syn burd sleepte hast op 'e groun lâns. Dat mantsje sei tsjin him: "Nou mast gau sjen datst hjir wei komst to wenjen, hwant ast' hjir bliuwste, dan bileefst rare dingen." Doe is dy man dêr ynienen wei gien.
nl.verhalenbank.30041
Wylde lantearnen, dat wienen de lettere elektryske lampen fan 'e fytsen. Ek de lampen fan nije wegen dy't der kaem binne. 't Wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.30337
Hjir yn 'e Mouneein wennet in jonge, dy is nou sa'n 20 jier âld. Dy jonge sjocht soms de dea fan 'e minsken foarút. Men seit wol, sa'n ien is mei de helm geboaren. Hy hie in broerke, dat wie in mongoaltsje. Dat jonkje wie twa jier âld, doe sei dy jonge tsjin syn mem doe't dat bern jierdei wie: "Mem, dit is syn lêste jierdei." It kloppe presys. Datselde...
nl.verhalenbank.32285
In âld-omke fan my, Romke van der Wal wenne yn Ryptsjerk. Hy sutele mei bôlle- en breaspul foar bakker Kloosterman fan Gietsjerk. Hy moest altyd fan Ryptsjerk nei Gietsjerk om it bôlleguod op to heljen. Elke dei moest er mei de hounekarre oer de Riid. Dêr wie doe in brêge, mar de molkfabryk stie dêr noch net. Op in kear ried er dêr wer lâns, doe tocht er:...
nl.verhalenbank.32284
Hjir ha wol guon west dy seagen soms nachts in lykstaesje. Sokken wienen mei de helm geboaren, seinen se. Men mat nachts noait midden op 'e wei rinne, hwant dan kin men sa'n lykstaesje yn 't paed rinne.
nl.verhalenbank.30054
Hjir yn 'e Mouneein wenne in man dy hat hiel lang sukkele. It bleau altyd op ien hichte. Doe sei dy jonge ris op in kear: "Dy man stjert." Ien of twa dagen letter is der stoarn. De jonge hie 't fan to foaren sjoen. Hy wie der sels alhiel ûnderstoboppe fan.
nl.verhalenbank.32286
Trape men op in slak, dan kaem der tonger.
nl.verhalenbank.36624
Op in nacht seach heit de kant fan Hurdegaryp út wei twa ljochtsjes dizze kant út kommen. 't Gong oer de polder hinne. Dêr wie wol in âld modderreed, mar dy wie sa min en sa drekkich, dêr koe noait in minske fytse. En dochs wienen it krekt fytsljochten. Mar dêr wie gjin forkear mooglik. Auto's wienen der doe noch net. De oare deis hat heit dêr hinne west...
nl.verhalenbank.32283
Nachts mat men altyd oan 'e kant rinne, oars kriget men op jin donder fan in lykstaesje.
nl.verhalenbank.30330
Greate Eise wenne op 'e Sumarreheide. Dy wie gefoelich foar lûden. "Hark," sei er, "der komt ek wer in sterfgefal." Dat hearde er oan 't lieden fan 'e klok. Dat lieden klonk dan deadelik. Dat kaem nei.
nl.verhalenbank.30546
Op 'e Harsteloane ûnder Sumar is 't ris op in nacht gebeurd dat ien smiten woarde, trochdat dêr doe in lykstaesje passearde. Hy hie net oan 'e kant lâns roun. It is ek ris gebeurd dat dêr twa rounen, doe seach ien fan harren in lykstaesje oankommen. "Even oan kant gean", sei dyselde. Mar de oare seach neat.
nl.verhalenbank.30357
Ik ha wolris fortellen heard dat guon dúdlik 'help!' roppen hearden út it wetter wei. Gongen se der hinne dan wie dêr neat to sjen. Mar letter wie dêr echt in drinkeling dy't 'help!' rôp.
nl.verhalenbank.30034
35