Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
24 datasets found
Dutch Keywords: voorbode Narrator Gender: male Place of Narration: Harkema
Froeger seagen wy wol us wylde lantearnen. Èk yn 'e buert fan 'e Skieding. Dan kom dêr letter in hûs.
nl.verhalenbank.24882
As in fûgeltsje tsjin 't glês oan hipte, kom der in deaden, of der gebeurde in ûngelok. As de eksters skatteren ek. As de kleasterklok deadsk lette of as de regenkleden wapperen, dan wie der gau in deaden yn 'e buert. As hja yn in lykstaesje net goed achterinoar oan roannen kom der ek gau wer in deaden. As it wicht fan 'e klok foel ek.
nl.verhalenbank.21294
Piter de Graaf moest der nachts út. Dan seach er lykstaesjes. Hy koe samar sizze: yn dat en dat hûs giet ien dea.
nl.verhalenbank.24884
Tichte by de Singel stie in âld húske by in dyk. Guon seagen fan to foaren dat it ôfbrânde. Yn werklikheit brânde it doe noch net. Mar 't wie de foarboade. Letter is dat hûs ôfbrând.
nl.verhalenbank.19544
As hounen spûkgûle, as eksters skatterje, as de tsjerkeklokken deadsk liede - dan hinget der in deaden oan - sil der ien stjerre. In pear jonges, sa fortelde heit, woenen de kloklieder ris in kear bang meitsje. Doe't er to kloklieden soe gongen dy beide jonges boppe op elkoar tsjin 'e muorre oan stean. 't Wie al hwat tsjuster. Doe't de klokmakker dy beide...
nl.verhalenbank.31545
As eksters tichte by in hûs skatterje of by de doar komme, dan stjert der ien yn dat hûs. Jan en Diuw hienen in hountsje, dat hat no in kear hiel bot oan it spoekgûlen west mei de kop nei it hûs fan syn buorman ta. Sy jagen dat hountsje dêr wei, sy ha it beest slein, mar it wie dêr fuort wer en dan bigong it opnij wer to spoekgûlen. Yn 'e nacht is de soan...
nl.verhalenbank.19975
As de klok sa deadsk oan 't lieden is, komt der in sterfgefal. Dat is foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.19976
Lytse Eldert, Grutte Eldert en de swarte ruter Op in plak midden yn 'e heide hûsmannen twa keardels. De iene wie Iyts en de oare grut. Dêrom waarden se Lytse Eldert en Grutte Eldert neamd. Op in kear spande de Grutte allegear triedden oer de heide, wite triedden. Doe frege Lytse Eldert: 'Wat moatte dy triedden dêr dwaan?' 'Dêr fange wy minsken mei', sei...
nl.verhalenbank.12984
Yn it hûs dêr't nou Haga de fytsmakker wennet, op it hoekje oan 'e Lytse Wei wenne froeger in timmerman, in sekere de Jong. Hy hie dêr syn timmerhok njonken stean. Boven yn dat timmerhok sieten lytse doarkes, dêr koe 't hout, lyk as planken en balken, ta'n ynskoud wurde. Op in joun wie dêr ien, dy seach fjûr ta dy doarkes útkommen. Hy rôp: Dat hok stiet...
nl.verhalenbank.31542
Dêr't nou de betonwei is yn 'e Harkema hienen jy froeger in sânwei. Us pake en dy wennen dêr oan dy sânwei. It wie sahwat yn 1850, doe kaem dêr by pake en dy in Eastemarder mei de wein. De wein hie er op it sânpaed stean. Doe't er dêr in skoftsje by pake yn 'e hûs sitten hie, sei er: "Heden, hwat is dat dêr in gerattel op 'e sânwei. Krekt as giet der in...
nl.verhalenbank.31541
Froeger seagen wy hjir faek wylde lantearnen. Dat wie allegearre foartsjirmerij. Hwant letter kommen dêr de strjitlantearnen.
nl.verhalenbank.19554
Wylde lantearnen binne de foarboaden fan oare lantearnen. (op fytsen en strjitwei)
nl.verhalenbank.16870
It fjûr as foarboade fan in brân wie hjir yn 'e Harkema algemien. In skoft letter brânde sa'n hûs dan op.
nl.verhalenbank.16859
Alde minsken sizze: De wylde lantearnen, dy't wy froeger sjoen ha, dat wienen de fytslampen en de autoljochten fan lettere tiid. Yn 'e buert fan 't Blauhûs sweefde faek in wylde lantearne. Froeger wie de wei fan 't Blauhûs nei Boelensloane in sânpaed. Dat is letter in hurde wei woarn. Dêr kinne se nou fytse en autoride. Dy lantearne hat dat doe al oanjown.
nl.verhalenbank.25517
Lammert Klokmakker fan Eastemar syn broer wie mei de helm geboaren. Hy moest der nachts altiten ôf.
nl.verhalenbank.32484
Op Luchtenveld wennen minsken dy hearden de tram fluitsjen, doe wie der noch net iens sprake fan in tram.
nl.verhalenbank.25529
Ik ha ûnder tsjinst lein mei in kammeraet. Dat wie èk in Eastemarder. Dy hie it hûs fan Tsjerk Piters op 't Heechsân in pear dagen foardat it echt ôfbrând is al yn 'e brân sjoen.
nl.verhalenbank.21927
Skoanmem wenne hjir yn 'e Harkema yn in húske dat tichte by de brêge stie. "Sy timmerje hjir sa om," sei se, "ik hear se alle nachten hast timmerjen. Hjir mat in nij hûs komme to stean, tichte by uzes." In skoftsje letter woarden dêr twa nije huzen delset. It iene wie foar ús, it oare foar ús soan. Dêr hie skoanmem al fan tofoaren it timmerjen fan heard.
nl.verhalenbank.32634
't Gebeurde wol dat de tsjerne de hiele nacht trochdraeide. Dat wie foartsjirmerij, dan soe der de oare deis wer brûkt wurde.
nl.verhalenbank.32742
Myn neef Willem Peule (= W. Nicolai) biweart, dat er us op in nacht in lykstaesje sjoen hat. Hy soe nei syn heit en mem (Sjoerd en Gees). Mar hy doarst der net hinne.
nl.verhalenbank.22222
35