Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Doe't ik tsien jier âld wie, doe is my sjen litten hwer't ik letter komme soe to wenjen.
Ik seach tige dúdlik twa nije húskes. De doar, de finsters, it dak, it hiele model seach ik sa klear, dat ik it noait wer forgetten ha. It ienen húske is letter ôfbrutsen.
Doe't ik troude bin 'k yn 't hûs kom to wenjen. Ik herkende it. Dat wie sahwat yn 1910.
nl.verhalenbank.22981
As heit nei in forgadering wie, gebeurde it soms dat mem nei in skoft sei: ik hear heit al praten, hy is op komst. Mar dan wie hy der net. Efkes letter kaem er.
nl.verhalenbank.31526
Ik wie sa'n oardeljier lyn by de Kilometerwei ûnder Aldegea. Dêr stie 'k to sjen nei it terrein fan it ierdgas. Wylst ik dêr stie hie 'k hiel sterk it gefoel dat dêr ien fordronk. Ik sei: "Ik mat hjir wei, ik kin hjir net bliuwe." Ik wist net hwa en hwat dêr fordrinke soe.
Nou in healjier lyn is Riemmer Benedictus dêr op 't selde plak fordronken.
Dat hat...
nl.verhalenbank.22980
Ergens kaem der in man oanriden op redens. Doe hearden guon in stim út in wek wei: De tijd is verschenen, de man is er niet. Doe ried dyselde dy't dêr op redens oankaem it wek yn en fordronk.
nl.verhalenbank.31496
As men yn 'e nacht midden op 'e wei rint, wurdt men soms oan kant treaun troch in lykstaesje, dy't passeare mat.
Sa'n lykstaesje sjogge jo net.
nl.verhalenbank.22993
As it lyk in snein oerstie, stoar der gau wer ien.
nl.verhalenbank.31508
Op 'e Greate Wielen hearden in soad minsken dy't dêr op 't iis wienen yn 'e foarige ieu ek in stim: Here, Here, wij vergaan! hearden se. Doe waerd der tocht dat dêr noch ris in hiel soad minsken tagelyk fordrinke soe. Mar de Burgumer dichter Tsjibbe Gearts lei it oàrs út. Der wie sein woarn: Ere, ere, wij zijn voornaam, biwearde er.
nl.verhalenbank.31497
De wylde lantearnen, dy't wy froeger seagen wienen de foarboaden fan 'e fytsen en de auto's.
nl.verhalenbank.22991
Skoanmem hat faek sein dat se de tram fan Drachten fier fan tofoaren al heard hie en in bulte oare minsken ek.
nl.verhalenbank.31418
In man út Sumar, dy't nei Grins west hie foar ûndersyk yn it jier 1887 kom op it Barndelân by de Nije Wei in hiel great munster to sjen mei gleone egen. It wie stil waer, mar it sûze en bearde dêr as stie der in stoarm.
Letter, om 1893, 94 hinne is dêr it tramstasjon boud, en doe wist er, dat it de foarboade fan 'e tram west hie, dy't stoom út 'e masine...
nl.verhalenbank.21794
Der wennen hjir minsken dy seagen de tram fan Feanwâlden nei Drachten fier fan tofoaren al, foardat er noch ried. Dan wienen der ljochten skean oer de heide. It wienen letter deselde ljochten.
nl.verhalenbank.22698
To Garyp stiet oan 'e wei nei de polderdyk in hûs, dêr wennet nou Lammert Slofstra. Froeger stie dêr in âld hûs foar, doe wie 't nije dêr noch net. Mar guon wisten fan tofoaren al dat it nije dêr komme soe. Dy hienen dêr timmerjen heard en oare lûden dy't men by 't bouwen observearret.
nl.verhalenbank.32112
Ek in bult minsken út dizze streek ha de tram al lang fan tofoaren riden sjoen.
nl.verhalenbank.31624
Dêr't letter de tramwei kaem seagen guon op 'e Gariperheide wylde lantearnen. "Hjir komt hwat", seinen se. Doe kaem de tram dêr.
nl.verhalenbank.32113
Yn Garyp ha guon al us út 'e feart in stim heard: "De tijd is verschenen, de man is er niet."
nl.verhalenbank.24628
Guon yn Garyp seagen yn 'e Broek (to Garyp) wylde lantearnen. "Dêr komt in wei lâns", seinen se. It duorre lang ear't it sa fier wie. Mar de wei is der kaem troch ruilverkaveling. Sy ha wòl gelyk krigen.
nl.verhalenbank.32114
Antsje wenne to Sigerswâld ûnder Garyp yn in lyts húske njonken de koaipleats. Antsje fortelde: As ik op bêd liz, sjoch ik allegear ljochtsjes, twa rigen, de kant út nei Ljouwert en de kant út nei Earnewâld.
Hja hat it goed sjoen. Letter kaem dêr de snelwei fan Drachten nei Ljouwert en de wei nei Earnewâld, dêr't de auto's lâns stouden, mei jouns de...
nl.verhalenbank.31623
Rypke Paulusma wie rider fan ds. v. Herwaarden fan Garyp. Hja rieden us in kear nei Ljouwert om healwei seizen yn 'e winter. Samar ynienen woarde it reau op 'e berm set. Der stie in muorre foar 't hynder, it beest koe net fierder. Dêrom moest it wol oerside.
De doomny en Rypke seagen de muorre allebeide.
Letter kom dêr de tsjintwurdige brêge.
It gebeurde...
nl.verhalenbank.21785
As in houn spûkgûlt komt der in sterfgefal. Jan Wiberens de Haan fan Garyp hat yndertiid syn frou forlern. Hja hienen in moai hountsje. Alle nachten spûkgûle it beest. Doe't de frou forstoarn wie, wie 't dien.
nl.verhalenbank.32115
Yn Sigerswâld ûnder Garyp is it gebeurd dat in jongfeint oer iis yn in wek ried en fordronk. Krekt fan tofoaren hienen guon heard dêr op dat plak út it wetter wei: "De tijd is verschenen, de man is er niet."
nl.verhalenbank.32119