Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Dy't mei de helm geboaren is, dy mat der nachts faek út. Dan mat er lykstaesjes sjen. Der wenne sa'n man ûnder Kollumersweach, dy ha 'k wol kend. Dat wie Knjillis Veenstra. Dy seach geregeld lykstaesjes yn 'e nacht. Hy moest der soms hiele einen foar rinne, hiel Kollumersweach troch. Woed er lizzen bliuwe, dat joech him neat, hy woarde út bêd licht.
Hy...
nl.verhalenbank.22969
Achter de kaserne to Bûtenpost ha wy froeger wol wylde lantearnen sjoen. Dat tsjutte op nije hûzen, seinen se. Dy binne der letter ek kom. En dêr is èk in nije wei kom.
nl.verhalenbank.22950
Tusken Reitsum en Ginnum stiet in slachthûs.
Foardat it dêr stie moesten se dêr de hynders altyd beet krije, as se der lâns kamen, hwant dan wienen de dieren angstich. It wie foartsjirmerije.
Letter kaem it slachthûs dêr en doe moesten de hynders altyd yn toom hâlden wurde as se it passearden. Hynders binne altyd bang foar in slachthûs.
nl.verhalenbank.32188
Der roan in man yn 'e nacht op Feansterheide. Ynienen sjocht er ien oankommen.
"Joun", sei de earste, mar de oare sei neat werom. De earste sei noch us fan "joun", mar wer krige er gjin antwurd.
Doe seach er in lykstaesje oankommen.
Dy man hie dêr de foarboade fan west.
nl.verhalenbank.16508
Skoanmem wenne yn 'e buert fan Beerta yn Grinslân. Op in joun seach hja dúdlik in bigraffenis. Hja koe de minsken, dy't achter it lyk oanroannen. In dei of hwat letter wie de èchte bigraffenis der. It kloppe allegear krekt.
nl.verhalenbank.32726
Op alle binnenwegen yn 'e Mouneein spûke it. By nacht doarsten de measte minsken dêr net lâns. Nei Readtsjerk gong men troch de bosk. Dat bosk hiet Grikenlân.
Dêr wie in hazzepaedtsje, dêr't net ien lâns doarst.
Dêr wienen 't allegearre lûden. As men dêr in katûle hearde wie dat in faei teken. Dat bitsjutte in ûnk of in slimme sykte.
nl.verhalenbank.32190
Is men by nacht op in paed, dan mat men altyd oan kant gean, hwant dan is der gefaer. Dan kin der wolris in lykstaesje oankomme dy't jin oan kant set.
nl.verhalenbank.30962
As eksters skatteren by hûs, dan wie der binnen de 3 dagen in deaden yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.32191
Dêr stie in wettermoune oan 'e Swarte broek, ûnder de Moune-ein. Dêr wie in polder dy't ûntstien is yn 1866. Dêr fan ôf/foarby roun in reed fan Hurdegaryp dwars oer nei Ikkerwâld. Dat wie de Papereed, dêr troch de monniken oanlein.
Op in nacht moest heit mealle. Heit wie mounder. Doe seach er fanôf Hurdegaryp twa ljochten oankommen, rjochting Ikkerwâld,...
nl.verhalenbank.32151
In minske mat nachts net midden op 'e wei rinne. Hwant dan kin 't gebeure dat er foar by in lykwein oprint en der achter by delfalt, en dan kin er in rare smeet meitsje.
nl.verhalenbank.22970
Ik haw ien kend, dy is ris troch in lykstaesje oan kant set. 't Gebeurde by nacht. Hy hie neat sjoen.
nl.verhalenbank.30970
As in houn oan't spûkgûlen wie, dan bitsjutte dat dat der ien op stjerren lei.
nl.verhalenbank.32194