Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: voorbode Narrator Gender: female Place of Narration: Zandbulten
As de sémearmin sjongt is der min waer op til. Dan forgiet alles. De sélju binne der deabinaud foar.
nl.verhalenbank.25294
Yn 'e Koaten wenne in boer, dat wie âlde Bartele van der Ploeg. It gebeurde wol dat se dêr yn 'e nacht yn 'e skuorre oan 't terskjen wienen. Dat hearden se dúdlik. Mar yn werklikheit woarde der pas de oare deis terske.
nl.verhalenbank.25123
Myn suster Harmke hat in great-dochter forlern, in fanke fan fjirtsjin à fyftsjin jier. Sy wennen yn 'e Westerein oan 't kanael. Harmke bigearde dat it bern soe op it tsjerkhôf yn Ikkerwâld biïerdige wurde. It lyk kom op in boerewein, lyk as de gewoante wie. De minsken kommen yn in lange wein, in Janplezier, mar it reinde sa bot, dat sy koenen net it...
nl.verhalenbank.25285
As in houn spûkgûlt, mat der ien stjerre. As de katûl ropt ek. As de spinnen tikje tsjin 't bihang (wylde horloazjes), dan komt der ek in sterfgefal. "De wylde horloazjes tikken my wer sa yn 'e mûtse," sei mem, "ik wist wol dat der in sterfgefal komme soe." (doe wie der in famyljelid stoarn) As de spegel falt, dan gebeurt der hwat slims. As de eksters...
nl.verhalenbank.25119
Froeger seagen wy yn Broek faek wylde lantearnen. Sy ha wol by ús oan hûs ta west. "Dêr komt wer in hûs", seinen se dan. Dy wylde lantearnen wienen altyd yn biweging.
nl.verhalenbank.25125
Yn 'e Westerein is ien forsûpt yn 'e Swâdde. Lytse Roel van Kammen hat it fan to foaren sjoen en heard yn 'e nacht. Hy hearde ien roppen en seach froulju mei wite mûtsen op dy't jammeren.
nl.verhalenbank.25114
Doe't beppe tige min wie ha se dêrby wekke. Beppe hie de kanker. Tidens it wekjen wie der op in nacht yn 't bûthús in gerattel fan jewelste en 't wie krekt as foel der hwat. Doe't se der hinne gongen to sjen wie der neat. In skoftsje letter stoar beppe. Mem en Mink-muoi en noch ien wienen der by. Dy ha har ôflein en biklaeid. Lytse Syberen wie timmerman,...
nl.verhalenbank.25111
35