Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
25 datasets found
Dutch Keywords: voorbode Narrator Gender: female Place of Narration: Harkema
Lytse Wytske sei yndertiid, der soe in skoalle op 'e Bulten komme. Hja hie fjouwer lampen brânnen sjoen, dat wie fierstofolle foar in hûs. Mar doe setten se letter op dat plak in hûs del foar fjouwer gesinnen, de saneamde 'malmoune'. Dat hat it west. Sy ha 't hûs letter ôfbrând, doe wie 't alhiel útwenne. (De jonges seinen doe al: der komt in skoalle op...
nl.verhalenbank.24328
Us mem en dy moesten froeger Sytske al us in kear ophelje. Dy wenne by 't monumint op 't Bomkleaster. Hja soe komme to naeijen, mar sy koe sels de naeimesine net drage. Mem droech de naeimesine. De krúswei moesten se passeare, dy wie doe noch net forhurde. De oare deis fortelde mem, se hienen dêr by de krúswei sa bot mei stiennen smiten, dat hie se dúdlik...
nl.verhalenbank.24329
Ek sei se in kear: "Ik ha allegearre ljochtsjes sjoen, dy't biweegden. Der komt hjir foroaring." Doe kom dêr letter in hurde wei, dêr't de auto's lâns snuorren.
nl.verhalenbank.22289
Us mem hearde froeger wol us timmerjen hjir en dêr. Dan kom der letter op sokke plakken in hûs of in hok to stean. Dat gong altyd troch.
nl.verhalenbank.22288
Rinse Loonstra wenne achter ús, doe't wy noch oan 'e Lange Wyk wennen. (Yn dat húske wennet nou Eise Det). Dy seach altyd fan tofoaren dat der brân wie. Dêrom neamden se him altyd Rinse Brander.
nl.verhalenbank.22713
Ruerde Saek helle saterdeijouns altyd boadskippen op yn in âlde sek. Dy boadskippen forkocht se dan wer. Sy wenne yn 'e Smoarhoeke. Op in kear doe hie se wer boadskippen kocht. Doe't se op 'e Fûgelkamp wie, bleau se stean. 't Wie tichte by de keet fan Albert en Tet. Doe seach se in lykstaesje. De minsken dy't achter it lyk oanroannen, koe se wol. Krekt yn...
nl.verhalenbank.22304
De wylde lantearnen, dy't wy froeger seagen, dat ha de lettere fytslampen west.
nl.verhalenbank.24342
Roanes Pander seach ek us op in nacht in lykstaesje. Doe stie er by Wierd Kooistra op 't hiem. Hy seach de lykstaesje foar him lâns gean.
nl.verhalenbank.22257
Willem Peule (= Nicolai) ^ kom us thús fan 'e faem. 't Wie midden yn 'e nacht, en sa'n fjirtich jier lyn. Doe seach er in lykstaesje op 'e Singel. Hy is hurd útnaeid.
nl.verhalenbank.22256
Wy wennen froeger yn in hûs hjir njonken. Dit hûs hjir is in gemeentehûs. Doe't se noch net mei dit hûs oan it bouwen wienen, hearden wy dêr yn 't oare hûs al getimmer en gedoch. Dat wie foartjirmerij. It gebeurde altyd nachts, as wy op bêd leinen.
nl.verhalenbank.24633
As in ekster tichte by hûs komt, sei ús mem, dan komt der binnenkoart in sterfgefal.
nl.verhalenbank.22718
Roel Nicolai (Mekke Roel) sei us op in kear: "Nou sil 'k jim hwat fortelle! 'k Ha in fordekte wein sjoen sûnder hynder der foar en dy ried - !" Letter wienen de auto's der.
nl.verhalenbank.22282
Ik ha wol minsken kend, dy't op 'e joun of yn 'e nacht oan kant reage woarden, as der in lykstaesje oankom.
nl.verhalenbank.22251
Tsjerk Boonstra wenne oan 'e Mûzegroppewei. Dy hat fan tofoaren de lykstaesje sjoen fan syn eigen wiif Lys.
nl.verhalenbank.24634
Us mem hat us hwat bileefd mei in lykstaesje. Sy roan op in joun allinne midden op it paed. Sy wenne doe by de Nije Wei. Dêr is 't ek gebeurd. Sy wie boven oer de lykwein hinne stapt en der achter wer by del tûmele.
nl.verhalenbank.22292
Wy wennen hjir yn 'e Harkema yn in hûs oan 'e Warmoltsstrjitte. Myn man sei op in moarn: "'k Ha de hiele nacht timmerjen heard hjir op 'e tún. En der woarde mei balken omsmiten en mei stiennen. Hjir kin wol ris hwat komme." In pear jier letter woarden der trije greate timmerhokken boud op 'e tún. Doe wienen wy 't hiele gefal al forgetten, mar 't kom myn...
nl.verhalenbank.22250
Wy mochten froeger net in pod deatraepje, hwant, sei mem, dan bigong it to tongerjen.
nl.verhalenbank.24347
Us mem hat ek faek timmerjen heard op it plak dêr't se letter sels in hûs krigen ha. Myn broer wennet nou noch yn dat hûs. 't Is oan 'e Nije Wei, in lyts eintsje achterút.
nl.verhalenbank.22291
Auke Karre kom saterdei-to-jouns altyd by ús mei bakkerswaren. Hy kom fan Eastemar of sa, dy kusten út wei. Op in joun sei 'k tsjin mem: "Hark, dêr is Auke Karre." Ik hearde dúdlik de karre en syn gong en ek it swypkjen fan 'e koer mei bakkersguod. Ik wie yn 'e gong om wetter op to heljen. Mar doe't ik nei de doar ta gong wie der yn gjin fjilden of wegen...
nl.verhalenbank.22290
Der ha froeger twa bern fan Simen Spinder yn 't Fliet sitten. Dy binne omtrint forsûpt. Simen hat se noch kret op 'e tiid ret. Fan tofoaren ha se dy bern dêr razen heard. Dat wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.24335
35