Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: voorbode Narrator Gender: female Place of Narration: Boelenslaan
Dêr't letter de tram ried, dêr seagen wy in twa en fyftich jier lyn al ljochten. "Sjoch, dêr is dat ljocht wer", seinen wy dan. 't Wienen wylde lantearnen.
nl.verhalenbank.32416
Iense Boomsma wenne hjir op 'e Boelensloane. Hy wie mei de helm geboaren, seinen se. Hy moest alle lykstaesjes sjen.
nl.verhalenbank.32774
It spukgûlen fan in houn, it geskatter fan eksters, en it rare lieden fan in klok binne oanwizings fan in sterfgefal.
nl.verhalenbank.21906
Us mem fortelde faek dat it ris ergens gebeurd wie dat guon in stem heard hienen: "De tijd is verschenen, de man is er niet." Even letter wie dêr ien fordronken.
nl.verhalenbank.32775
Oan 'e Warreboskloane seagen in suster fan my en dy har man (Hindrik van der Meer) allegear fjûr boven in hûs. Mar yn werklikheit wie der gjin fjûr. Net lang dêrnei is 't hûs ôfbrând.
nl.verhalenbank.32417
Wylde lantearnen woarden der yn 'e Legauke sjoen. De minsken roannen der hinne om der by to kommen, mar dan wienen se fuort. Dat wienen letter de fytsljochten.
nl.verhalenbank.21904
Yn 't foarige hienen de minsken it wol gauris oer wylde lantearnen. As dy sjoen waerden, seinen se, dan soe dêr letter op dat plak in nije wei komme.
nl.verhalenbank.32776
Wylde lantearnen wienen hjir froeger in soad. It wienen de foarboaden fan fytsen en bussen.
nl.verhalenbank.17737
Us mem hat wolris forteld, dat, as se toudounsje soe mei oare famkes, doe't hja noch in bern wie, dat hja dat dan de jouns fan tofoaren al hearde en fornaem.
nl.verhalenbank.32772
Wy mochten fan ús âlden jouns noait midden op 'e wei lâns rinne. Dat dienen wy ek noait, hwant dan koe 't samar gebeure dat wy tsjin in lykstaesje oprounen.
nl.verhalenbank.32773
Us buorfrou sei us tsjin my: "Hearst it wol, Antsje, hoe'n gerattel as der yn 'e loft is? Soe men der net binaud fan wurde? Hwat is dat nou?" Hwant der wie neat to sjen. Letter is de tram dêr kom.
nl.verhalenbank.21903
It is sahwat sechstich jier lyn, doe wenne hjir in skuonmakker. Deis wied er altyd oan 't skuonmeitsjen en jouns brocht er de skuon bylâns op 'e karre. Syn dochter Jeltsje gong dan faek mei. "Op in joun," fortelde Jeltsje, "rieden wy op it rjochte ein tusken Boelensloane en Blauhûs. Doe woenen de hounen ynienen net in stap fierder gean. Heit sei: - Kom...
nl.verhalenbank.32418
35