Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
29 datasets found
Dutch Keywords: voorbode Place of Narration: Eastermar
Skippers to Grou seagen op in stik iis flak by Grou us in kear in freeslike ramp. In hiele smite minsken sakken der troch en fordronken. ('t Is noait gebeurd) Letter doarsten se dêr noait wer to riden. Mar dêr is oant nou ta noch noait in ûngelok gebeurd.
nl.verhalenbank.21837
Alde Frytsen wie de beppe fan Willem Mulder. Sy hat wenne op it Waltsje yn Eastemar. Hja wie mei de helm geboaren. Op in kear kom se yn 'e pottewinkel fan Rikele Pot. Doe sei se tsjin Rikele: "Der sil hjir in greate rammeling gebeure." In pear dagen letter kom der by Rikele yn 'e winkel in hiel boerd mei diggelguod del.
nl.verhalenbank.19953
Us pake wenne op it Wytfean. As er jouns dy kant nei de Harkema útseach, dan seach er dêr allegear ljochtsjes. It wie dêr doe noch heide, en minsken wennen der hast net. Mar letter is Harkema bot oanboud en doe kamen der ek in soad ljochten.
nl.verhalenbank.31211
Heit fortelde ús froeger, in man út Droegeham hat klear heard dat der yn 'e Harkema sein waerd: Harkema-Opeinde Uitstappen! En dêrby hearde er it lûd fan in ridende trein. Dat doe waerd der tocht dat der yn 'e Harkema noch in trein komme soe. Miskien gebeurt it noch. Harkema is it greatste plak fan 'e gemeente woarn.
nl.verhalenbank.31212
Trije bruorren to Eastemar hearden trije jounen achter elkoar op 'e dyk fan Sapelân guon oan it houtkappen. Mar alle trije kearen, dat se der hinne gongen, wie der neat to sjen. Mar de fyfte dei woarde op dyselde dyk it hout kapt.
nl.verhalenbank.20083
Heit fortelde, hja hearden froeger gebolder yn 'e loft, krekt foardat de trein kom.
nl.verhalenbank.32806
Yn 'e famylje fan myn wiif to Burgumerheide wie ien tige min. De famylje kom delsetten. (Mar hy is wer better woarn). Doe sei ien fan 'e famyljeleden: "Mei seis wiken binne wy wer byinoar." Op 'e kop om't ôf, krekt seis wiken letter stoar der in broer fan skoanheit. Dat wie Sjouke Dykstra. Dyselde hie 't dus wol goed sjoen.
nl.verhalenbank.32807
Wy leinen op in kear yn Klein Groningen - dat is oan diz kant Donkerbroek - mei 't skip to ierdappelladen. Ik wie noch net troud en ik slepte foar yn 'e durk. Us Sjouk wie noch in jongfaem. Dy roun op in iere moarn troch de warring hinne nei ús ta. Hja sei: Nou ha 'k sa nuver droomd: Jehannes Boom is dea. (Jehannes Boom wie in âld Eastemarre skipper.) De...
nl.verhalenbank.31909
Yn Sjoerd Bonnes-plaets yn Sumar hat Fokke van der Kuip feint west. Op in kear hearde er dêr in swart bont hountsje gûlen. Dat hearde aeklik. op itselde plak dêr't it hountsje stie to gûlen, foel in pear dagen letter in man fan 'e fyts. Hy wie fuort dea.
nl.verhalenbank.21880
35