Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Dêr't de swel syn nêst bout, dêr komt gelok.
Dêr't de earrebarre tahâldt, ek.
nl.verhalenbank.22148
Myn jonge - Jehannes - wie in jier of tolve, hy gong noch nei skoalle. Wy wennen yn 'e Houtigehage.
Op in kear gong hy der yn 'e nacht ôf en doe seach er skean nei in hoeke fan 'e keamer. Dêr bleau er mar nei stean to sjen.
Ik sei: "Jonge, hwat sjochstû dêr?"
"Ik sjoch in houten bakje," sei er, "mei in swart kleedtsje der oer."
Sahwat in jier letter...
nl.verhalenbank.24667
Aelsen Booi fan Houtigehage wie in broer fan myn skoanheit. 't Wie yn 'e nacht en hy gong de wei lâns. Doe waerd er ynienen samar oan kant set. Hy koe net fierder komme. Dêr hat doe in lykstaesje west.
nl.verhalenbank.24673
Wylde lantearnen woarden der yn 'e Legauke sjoen.
De minsken roannen der hinne om der by to kommen, mar dan wienen se fuort. Dat wienen letter de fytsljochten.
nl.verhalenbank.21904
As de poes d'r ore wast, dan krijg ie visite.
nl.verhalenbank.70587
a. Welke dieren worden (werden) in uw omgeving als spookdieren of onheilsdieren gezien?
Zwarte katten, zwarte hond met grelle ogen een zogenaamde borries, krassende kraaien enz.
b. Welke worden beschouwd als een voorbode van iets (en wat dan)?
Bv. zwarte kat voorbode van het kwaad, hekserij of bijgeloof
c. Welke brengen geluk of ongeluk? Kent men aan...
nl.verhalenbank.45501
Wy wienen matteflechters. As fanke moest ik in kear in matte flechtsje foar hiel âlde minsken yn Feanwâldsterwâl. Doe fortelde dat âlde minske my it folgjende:
Ik wie in jongfaem, de âldste fan fiif bern.
Heit en mem en de fjouwer oare bern dy gongen op in snein mei in boatsje nei de Falom. Achter Feanwâlden yn 'e Blauwe klyndobbe binne se alle seis...
nl.verhalenbank.21911
Yn 't foarige hienen de minsken it wol gauris oer wylde lantearnen. As dy sjoen waerden, seinen se, dan soe dêr letter op dat plak in nije wei komme.
nl.verhalenbank.32776
Wylde lantearnen wienen hjir froeger in soad. It wienen de foarboaden fan fytsen en bussen.
nl.verhalenbank.17737
Us heit soe op in moarn nei 't wurk ta op 'e fyts.
't Wie noch o sa bitiid en 't wie noch tsjuster.
Ynienen wurdt er mei fyts en al oan kant set en komt sa yn 'e feart tolânne.
't Wie in rjochte wei. Der kaem in lykstaesje lâns, mar dy hat er net sjoen. 't Gebeurde hjir yn 'e Westerein.
nl.verhalenbank.30363
Heit dy fortelde fan in kanael, de Strobosker trekfeart. Doe't dat kanael der noch net wie, seach heit dêr de skippen al farren. Heit wenne yn Sânbulten.
nl.verhalenbank.29626
Bij de brug in de Westerein stonden us in kear mensen, die hebben daar in geluut hoord. Dat kwam út it water. Later is daar een ferdronken.
nl.verhalenbank.24289
Spûkgûlt der in houn, dan komt der in deaden.
Ek as de eksters tichteby skatterje.
nl.verhalenbank.29785
Pake fortelde, 't wie faek gebeurd, dat se yn 'e nacht terskjen hearden op it lân. Dan woarde der in dei of hwat letter ek werklik tursken.
nl.verhalenbank.22175
As men in ûngemak ha sil, wurdt men fantofoaren warskôge troch de fûgels.
Ik haw it sels meimakke. Trije kear fantofoaren skattere der in ekster, doe rekke der ien ûnder 'e auto. Hy is net dearekke.
nl.verhalenbank.20004
Fan 'e wike kom hjir in beppesizzer.
"Dû hast hjir fan 'e moarn ek al west", sei 'k.
"Né, beppe", sei se.
"Dû hast hjir west, 'k ha dy sjoen, dû hiest in blauwe jurk oan. Mar dû wytst it sels net."
"Ja," sei se, "'k hie in blauwe jurk oan fan 'e moarn."
nl.verhalenbank.21681
Moeke woonde in Hantumer Uutbuurt. Daar had se forkering met in fint. Op in avond kuijeren se togearre. Doe moesten se in weg passeare. Doe sei hy teugen Moeke: "Wacht even Tryn, ik mat even oer de sleat."
Doe sei Moeke: "Wat is dat met dy?"
Doe sei hy: "Der giet in lykstaesje foarby."
Moeke sei niks. Doe sei se: "It is sa't is, jonge, ik meitsje 't út."...
nl.verhalenbank.32616
As it sweltsje tsjin 'e glêzen tikket, komt der mei trije dagen in deaden.
Op it Wyldpaed gebeurde it, dat in lyts popke wosken en klaeid woarde. De mem lei noch yn 't kreambêd. It iene buorwyfke sei: "Der tikket trije kear in sweltsje op 'e glêzen. Dat bitsjut dat der yn 't koart in sterfgefal wêze sil."
Trije dagen letter wie 't berntsje wei.
nl.verhalenbank.20000
Trapet men op in slak, dan bigjint it to tongerjen
nl.verhalenbank.22824
Wy ha yn Gariperheide wenne. Doe't de tram der noch net wie, hearde ús mem de lûden al. Sy hearde him oer de rails hinnegean.
nl.verhalenbank.22788