Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
42 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: voorbode Place of Narration: Kootstertille
Myn âlde lju ha faek forteld dat se timmerjen heard hienen yn 'e nacht; dan kom dêr letter op sa'n plak in hûs to stean, mar ik wit net mei hokker huzen as dat it gefal west hat.
nl.verhalenbank.36738
Yn Twizelerheide hearden se midden yn 'e nacht in hoanne kraeijen op 't keale fjild. Mar der wie neat. Tsien jier letter stie dêr in spultsje en dêr wienen ek hinnen en hoannen.
nl.verhalenbank.21680
Fan 'e wike kom hjir in beppesizzer. "Dû hast hjir fan 'e moarn ek al west", sei 'k. "Né, beppe", sei se. "Dû hast hjir west, 'k ha dy sjoen, dû hiest in blauwe jurk oan. Mar dû wytst it sels net." "Ja," sei se, "'k hie in blauwe jurk oan fan 'e moarn."
nl.verhalenbank.21681
Myn dochter wie ris by my, doe woarde se siik. Doe't ik ris in kear yn 'e hûs kom, woarde ik yn 'e keamer keard. Ik seach net hwat it wie, dat my kearde. De oare deis moest myn dochter opnom wurde yn 't sikenhûs. Doe brochten se in draechbaer by ús yn 'e hûs. Dat wie it ding dat ik de foarige deis sjoen hie en dat my kearde.
nl.verhalenbank.24845
Us Gjetsje is stoarn oan 'e Spaense gryp yn novimber 1918. Us mem hat alles in wike of seis fan tofoaren sjoen. Mem sei doe: "Hwat mat dy lykwein hjir op 't hiem?" Der wie doe hielendal net in lykwein. Hja hearde de wein draeijen en piipjen. De kiste stompte tsjin 'e doar oan en kraste tsjin 't kezyn. Letter is 't krekt sa gebeurd. De kiste stompte tsjin...
nl.verhalenbank.29555
Fan 'e moarn hat myn skoandochter hjir west om my to helpen. Dy komt hjir elke moarn om it wurk hwat to dwaen. Ik sei fan 'e moarn tsjin har: "Dû meist wol oanmeitsje. Hwant dû krijst fan 'e middei bisite. Ik leau fan jimme mem." Nou is har mem der al.
nl.verhalenbank.21679
As in houn spûkgûlde, wie der meast in wike of trije letter in sterfgefal.
nl.verhalenbank.29557
De dochter fortelt: "Fan 'e wike kom mem hjir by ús yn 'e stâl. Doe sei se yn har sels: 'Hwat dogge dy trije keallen hjir?' Ik hearde dat en ik sei: 'Hoe komt mem der by, de stâl is ommers leech.' Mar de oare deis sette myn man trije keallen op stâl. Sy hie 't wol goed sjoen."
nl.verhalenbank.24846
Ik wie yn Westergeast útfanhûs by myn dochter. Doe hearde ik dêr timmerjen en der waerd mei balken smiten ensa. Ik sei: "Hjir sil skielk hwat gebeure." Myn dochter Klaske woe 't earst net sizze. Sy woenen 't stil hâlde, net ien mocht it noch wite, mar de saek soe fortimmere wurde. En 't is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.24847
Rin noait by nacht midden op 'e wei, seinen se froeger altyd, hwant jo kinne dan oan kant set wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.29556
Guon hearden de trein fan Ljouwert nei Grins fier fan to foaren al, foardat der noch sprake wie fan in trein, al to Sânbulten riden. Dat wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.32663
Us mem en dy soenen us in kear nei 't Fean ta. Dêr roannen se hinne. Sy hienen in lytse jonge by har. Doe seagen se ûnderweis in lykstaesje oan 'e oare kant de wei. Dat doogde lang net. Sy binne fuort werom gong.
nl.verhalenbank.22316
Yn Minnertsgea hat in man wenne, dy gong der nachts op út om lykstaesjes to sjen. It kom altyd nei.
nl.verhalenbank.22263
Us mem sei soms, as se de klok lieden hearde: "Hwat let de klok wer raer. Der komt wer in deaden."
nl.verhalenbank.29691
By Mountsjetille oan 't Knjillisdjip seagen se froeger ljochtsjes by jountiid. Doe seinen se: "Dêr komt in wei lâns skielk." En dy wei is der èk kom.
nl.verhalenbank.32662
In minske moat by joun of by nacht noait midden op 'e wei rinne, hwant dan kin er in rare reis meitsje. Dan rinne jy by in lykwein op en ploffe der achter wer by del. Men kin ek wol oan kant skoud wurde.
nl.verhalenbank.22317
Der't nou in daem leit wie froeger de brêge fan 'e Harkema. Dy lei oer de Feanster feart. Dêr stienen us guon, dy hearden in stem út 'e wyk kommen, dy sei: "De tijd is gekomen, maar de man is der niet." Even letter wie der in man op 't hynder oankommen mei barstend gewelt. Hy wie al hwat let, dêrtroch ried er sa hurd. Hy ried pardoes yn 'e wetterlossing -...
nl.verhalenbank.22315
Dy't mei de helm geboaren wie, moest alles foarút sjen. Sa'n ien moast nachts faek fan bêd ôf, dan moest er nei in lykstaesje sjen, dy't passearde. Yn dizze buert hat ek sa'n man wenne. 't Is ris in kear gebeurd, dat dy man de nachts wer thús kaem by syn frou, doe hied er in hiel sear plak oan 'e holle. Doe wie er net fier genôch oan kant gong, doe't de...
nl.verhalenbank.29693
Froeger seinen se: "Tink der om, rin noait midden oer 't paed, hwant dan kin 't wolris gebeure datst tsjin in lykstaesje oanrinste."
nl.verhalenbank.32665
Myn frou har pake ried ris op 'e bargewein nei Ljouwert ta yn 'e iere moarn. 't Wie op in freed en 't wie noch tsjuster. Doe frege der ûnderweis ien oft er mei ride mocht en dy kom njonken him to sitten op 'e wein. Doe't se in eintsje riden hienen sei dyselde: "Wy matte even oan kant gean, hwant der komt in lykstaesje oan." Pake wie oan kant gien, mar hy...
nl.verhalenbank.32664
1