Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
33 datasets found
Dutch Keywords: voorbode vuur
Op it Heechsân yn Eastemar stie de pleats fan Tsjerk-om en Piter-om. In wike foardat dy pleats opbrând is seach ien fan 't Heechsân him yn 'e nacht yn 'e brân stean. Dat wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.31309
Oan 'e Warreboskloane seagen in suster fan my en dy har man (Hindrik van der Meer) allegear fjûr boven in hûs. Mar yn werklikheit wie der gjin fjûr. Net lang dêrnei is 't hûs ôfbrând.
nl.verhalenbank.32417
Dizze herberch stie oan 'e koemerk. In pear jier foardat er opbrânde, seach Atse Veltman de koemerk fol reek. De wyn wie sa dat de reek dy kant oergong, en doch stie der neat yn 'e brân. Letter stie yndied de koemerk fol reek. Doe brânde de herberch op.
nl.verhalenbank.21870
Japik van der Kooi fan Grinzer Pein hat trije kearen fan tofoaren it hûs, dêr't Wigle van der Veen yn wenne, yn 'e brân stean sjoen. Nei de trêdde kear hat it net sa lang mear duorre, doe wie 't sa fier. 't Is oan 'e groun ta opbrând.
nl.verhalenbank.31914
Yn 'e Harkema seagen se in hûs brânnen. It wie it hûs fan Hindrik Dykstra. Letter is 't opbrând. Der binne ek noch bern yn forbrând. De frou wie doe krekt by oare minsken om in bakje kofje.
nl.verhalenbank.10676
Us heit seach op in kear it hûs brânnen fan Tsjibbe-om en Pytsje-muoi, dêr't nou Megiel en Aeltsje wenje, mar it brânde net. Binnen hiel koarte tiid is 't opbrând.
nl.verhalenbank.24504
Us heit hat it faek hawn oer foartjirmerije. Dan seinen de lju: dêr en dêr komt skielk in hûs to stean. Se ha it timmerjen al heard. Ek seinen se wol: dat hûs mat nochris in kear opbrânne. 't Brânnen is al sjoen woarn. Dat mei it bouwen en timmerjen kaem altyd nei, mar ik kin sa net sizze hokker huzen dat wienen. Yn Garyp gongen dy forhalen. Heit fortelde...
nl.verhalenbank.31284
Wy wienen noch fan dy bern, doe wie der in man, dy sei tsjin ús mem: "Ik haw in brân sjoen." It winkeltsje, skean tsjin ús oer hied er yn 'e brân sjoen. Dêr wenne in âld minske yn. Gauachtich dêrnei brânde it op. Mem wie doe noch bang dat er him forsjoen hie, dat it ús hûs wêze soe.
nl.verhalenbank.36515
Atse Veltman fan Eastemar kom us op in nacht thús, doe seach er de koemerk fol reek. In skoftsje letter brânde 'Het witte paard' op. De wyn wie doe krekt sa, dat de reek oer de skoarstien gong.
nl.verhalenbank.21874
Wy wennen froeger yn Drachtster Kompenije. Dêr wennen njonken ús lju, dy hienen earder yn 'e Fianen wenne (yn Houtigehage). Dy frou fortelde ús, sy wie us ûnderweis ergens hinne - doe wenne se noch yn 'e Fianen - doe gong se even by minsken oan ûnderweis, doe hie se achterom sjoen doe wie se allemachtige kjel woarn. "O heden," hie se roppen, "ús keet...
nl.verhalenbank.24660
Douwe en Det wennen yn in hûs op Sumarreheide, dêr waerd fan sein dat it nochris opbrânne soe. Knjillis Sudema hie it brânnen sjoen, mar it stiet der altyd noch. Hy mat fier foarútsjen kind ha -
nl.verhalenbank.31961
Tichte by de Singel stie in âld húske by in dyk. Guon seagen fan to foaren dat it ôfbrânde. Yn werklikheit brânde it doe noch net. Mar 't wie de foarboade. Letter is dat hûs ôfbrând.
nl.verhalenbank.19544
Rinse Loonstra wenne achter ús, doe't wy noch oan 'e Lange Wyk wennen. (Yn dat húske wennet nou Eise Det). Dy seach altyd fan tofoaren dat der brân wie. Dêrom neamden se him altyd Rinse Brander.
nl.verhalenbank.22713
Myn omke wenne yn Ikkerwâld. Hy kaem ris op in joun thús, doe stie dêr in pleatske yn 'e brân. De minsken kamen der út mei har rommel om to rêdden hwat der noch to rêdden wie. Omke fortelde oan oare minsken hwat er sjoen hie. It hûs stie net yn 'e brân. Mar jierren letter brânde 't wol ôf. En krekt sa't er it sjoen hie, tôgen de minsken mei rommel dy't se...
nl.verhalenbank.31988
Yn it hûs dêr't nou Haga de fytsmakker wennet, op it hoekje oan 'e Lytse Wei wenne froeger in timmerman, in sekere de Jong. Hy hie dêr syn timmerhok njonken stean. Boven yn dat timmerhok sieten lytse doarkes, dêr koe 't hout, lyk as planken en balken, ta'n ynskoud wurde. Op in joun wie dêr ien, dy seach fjûr ta dy doarkes útkommen. Hy rôp: Dat hok stiet...
nl.verhalenbank.31542
De plaets fan Tsjibbe Deelstra hat ek yn 't ljocht stien. Letter is er ôfbrând.
nl.verhalenbank.32472
Yn Jistrum is it wol gebeurd dat minsken fan to foaren in hûs yn 'e brân seagen, dat in dei of hwat letter yn werklikheit ôfbrânde.
nl.verhalenbank.31179
Us Bareld komt op in joune thûs. "'k Ha hwat bileefd", sei er. "Wy stienen to praten by Jille Pultrum. Ynienen bigjint dat hûs to kreakjen en to brânnen." Steven de Meer wie by Bareld. Sy binne togeare útnaeid. 't Wienen great-jonges. De hjerstmis brânde dat hûs ôf.
nl.verhalenbank.22930
Ik siet us in kear by alde Kei Anne (= Gerrit de Vries) yn 'e hûs to krantlêzen. 'k Wie noch in jonge. Dêr komt ynienen in hiel helle gloede, alles wurdt ljocht. Us beppe har hûs stiet yn'e brân. Sa'n trije wike letter is 't opbrând. Mar ìk hie 't al earder sjoen.
nl.verhalenbank.22928
It fjûr as foarboade fan in brân wie hjir yn 'e Harkema algemien. In skoft letter brânde sa'n hûs dan op.
nl.verhalenbank.16859
35