Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Rinse de Wind wie in hiele raren. Hy wenne yn 'e Harkema.
It wie in earsten fjochtersbaes en hy flokte as in ketter.
Doe't er it ris wer in kear raer dien hie, wie der in grouwe houn dy't him thús brochte. Dat wie de duvel sels.
nl.verhalenbank.29378
Willem Ophuis dat wie in omke fan my. Dy hie nei syn broer Piter nei Eastemar ta west. Op 'e joun kom er werom. Op 'e Swarte Wei kom der in fôlle achter him oan. Dy fôlle hat oan 'e Harkema oan syn doar ta mei him roan. Doe wied er ek samar ynienen fuort. Dat hat de duvel west.
nl.verhalenbank.12349
Us beppe wie froeger tsjinstfaem. Op in kear roan se mei noch in oar famke even nei hûs ta. 't Wie op in joun. Dat famke praette nochal lûd. Doe sei beppe tsjin har: "Wy matte net sa lûd prate, hwant ús Hindrik wyt alles as ik thús kom, hwat wy tsjin elkoar sizze."
Doe hie se sein: "As wy wer prate, mast ris achter ús sjen, hwant dat is ús Hindrik, dy't...
nl.verhalenbank.23528