Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Us heit wie ris in kear nei de faem ta west yn Eastemar. Op 'e weromreis, kom der him by 't tsjerkhôf in grouwe, swarte houn op side en dy bleau by him en woarde earst by de Skeanpaden wer wei. Heit sei, dat hie in pleachbeest west, dat wie dêr wol faker sjoen woarn.
nl.verhalenbank.28370
Olle Martens Hiltsje komt op in oavend op 'e Skieding bij de forten. Doe komt der opeens een dikke swarte hond op haer af met hiel groate ogen. En die bleef moar bij hoar. Se is doar bij fremde minsen inflogen, so bang was se.
nl.verhalenbank.26015
Vertelster heeft dikwijls in de peel gewerkt. Er werd verteld dat ge daar ’s avonds ooit de g[l]oeiige kondt ontmoeten. Als hij eenmaal bij je was, raakte je hem niet meer kwijt.
nl.verhalenbank.47578
Ik en Kij wienen us op in joun nei Jehannes en Tryn ta to praten. Doe't wy wer nei hûs ta gongen roan der ús hyltyd in kat foar de fuotten. Wy koenen it beest net kwyt wurde. Hy bleau by ús oan hûs ta. Ik joech him wolris in skop, mar 't holp neat, hy wie der hyltyd wer.
Thús hat Kij him opsluten, hwant it koe ris in kat wêze fan de iene of oar dy't der...
nl.verhalenbank.33429
In wjerwolf seach der út as in greate houn, hy roan stiif njonken 'e lju lâns. Hy kom út in greate dobbe wei. Op Vogelzang is er sjoen woarn.
nl.verhalenbank.34568
Wy hienen in arbeider fan Garyp. Op in moarn bitiid gong er us wer nei ús ta, doe wie der him in hiele greate keardel op side kom. Dy bleau hyltyd njonken him. Pas doe't er yn Burgum wie, gong er by him wei.
nl.verhalenbank.23614
Wibe van der Woude, dy wenne op Fryske Poalen. Hy hie op 'e fyts nei syn heit west; dy wenne yn Trimunt yn in olle woanwein. Doe't er oan 'e Skâns ta wie, doe gong der hwat foar him op, in great swart ding, krekt as in kachel. It botste hyltyd mar foar him op. Hy waerd deabinaud.
nl.verhalenbank.25891
149.
Een vrouw uut 's Herembarg die op den Steenakker wone was gewend um saoves nog efkes een liter petroalie te hale veur de lamp. Oaverdag had zi'j daor gin tied veur, want dan mos ter gepraot worre. Op een kier kwam ze daorbi'j een gees tege (een paoter met een lamp ien de hand), die eur volge tot onder aan de Wallebult. Toe ze dat 's anderendaags aan...
nl.verhalenbank.22509
Anders Feltsje kaem us op in nacht by de faem wei. Dy faem wenne yn 'e Westerein. Hy wie noch mar in eintsje ûnderweis, doe kaem der him in hiele grouwe koalle fjûr op side. Dy gyng mei him oan 'e doar ta. As hy hurder roan, dan gyng dy koalle fjûr ek hurder. (feltsje is in bynamme)
nl.verhalenbank.22125
Hjir hat in sekere Popke wenne yn 'e Hiltsjemoaiwâlden. Sliepperige Popke neamden se him. Dy wie by 't wiif wei rekke. Op in jountiid fortelde er, as er nei hûs ta gyng, roan hy oer de wei. Mar dan roan der njonken him op 'e ikker in fjûrread lyts keardeltsje.
Hwat hurder hy roan, hwat hurder dat lyts keardeltsje bigong to rinnen. Dat lytse mantsje wie de...
nl.verhalenbank.22156
Eiberts Rinske wenne by de Swâdde. Dêr dobbelen se altyd meielkoar en allerhande folk kaem dêr. Myn broer kaem dêr ek wolris. Op in kear soe myn broer nei hûs ta, doe wie der in beest deun achter him. It like wol hwat op in grouwe, swarte houn. It hie egen yn 'e kop as koallen fjûr. Dat bist bleau hyltyd by him. It folge him op 'e hielen. As hy stean...
nl.verhalenbank.17502
Ien út 'e Houtigehage soe nei de faem ta. Dy wenne yn Surhústerfean. Doe't er oan 'e hulzenhage ta wie - tichte by 't Blauhûs - seach er dat der in kat njonken him roan. Dy bleau hyltyd njonken him. Hy hie in stok by him en dêr sloech er mei. Mar hy sloech dwars troch dy kat hinne. Doe hied er sa fan 'e wize west, dat hy wie it hûs fan 'e faem al lang...
nl.verhalenbank.24678
Myn man hat in kear in pleachbeest troffen. Dat wie op in nacht. Hy roan rjochtút op Trimunt oan. Hy roan op it fytspaed, doe kom der in swart ding njonken him. It hie fjouwer poaten en 't wie great en swart. It roan op it weinpaed njonken it fytspaed, mar dan alhiel op 'e kant, flak by Ouwe (har man).
Myn man sei "Goeie navend", mar it sei neat werom....
nl.verhalenbank.23467
Sahwat trije en fyftich jier lyn, yn 't bigjin fan ús trouwen hienen Klaes en ik ris togearre nei Gerrit Kempenaar yn 'e Twizelerheide ta west to jounpraten. De nachts gongen wy wer op hûs oan. Wy wienen oan 't âlde heidetsjerkhôf ta, dêr't in gracht foar lâns rint. It hountsje roan hyltyd fóár ús, mar dêr by 't tsjerkhôf gong er ynienen achter ús. Hy...
nl.verhalenbank.23739
I. De duivel
1. Zijn U verhalen bekend over mensen, die de duivel gezien hebben of omgang met hem hebben gehad (met hem gedanst hebben, met hem kaart hebben gespeeld), of kent U andere verhalen, waarin de duivel een rol speelt?
Gelieve elk verhaal te noteren op een afzonderlijk blad papier en in elk verhaal duidelijk aan te duiden hoe de duivel...
nl.verhalenbank.14752
Sibe Henstra (byneamd Sibe Liger) fortelde: "Doe't ik sa'n feint wie, kom ik us út it kroechje dat oan 'e Swadde stie. 't Wie let op 'e joun. Doe kom der my in deakiste op roltsjes achternei. Ik woarde binaud en tocht: - ik mat mar fan 'e greate wei ôf. Dan folget dat ding my net mear. Doe gong it skeanôf it lân troch. Ik sprong oer twa sleatten hinne....
nl.verhalenbank.20569
Us beppe wie froeger tsjinstfaem. Op in kear roan se mei noch in oar famke even nei hûs ta. 't Wie op in joun. Dat famke praette nochal lûd. Doe sei beppe tsjin har: "Wy matte net sa lûd prate, hwant ús Hindrik wyt alles as ik thús kom, hwat wy tsjin elkoar sizze."
Doe hie se sein: "As wy wer prate, mast ris achter ús sjen, hwant dat is ús Hindrik, dy't...
nl.verhalenbank.23528
Soms zijn mensen naar huis gebracht door een weerwolf.
nl.verhalenbank.47643
In pleachbeest seach der út as in greate houn, meastal in swarten mei hiel greate egen.
Op 't Wyldpaed kom der yn 'e nacht faek in pleachbeest by de minsken. It beest roan in bytsje achter har, mei de snute tsjin 'e boksen oan. Faek hied er greate flapearen, dêr't er mei klapte. Dy't sa'n pleachbeest by him hie, wie deabinaud. Hy roan in skoft mei en dan...
nl.verhalenbank.33672
De dûmny en de rovers.
Der wie in dûmny, dy moest nei in oar plak ta to preekjen. Hy ried op in hynderke. Doe kommen der rovers oan, dy foelen him oan. Hja klaeiden de dûmny hielendal út, sy bounen syn polsen fêst en smieten him doe yn 't wetter. It hynderke nommen se mei.
Mar de dûmny krige de touwen, dêr't er mei boun wie, los en, alhiel neaken, sette...
nl.verhalenbank.20168