Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Anders hat mei my ûnder tsjinst west. Dy moest omke sizze tsjin Imke de Jong. Hy sei: "Dy keardel kin alles. Soms kom er by ús, dan hie er de paraplu by him. Dan stie dy paraplu by 't sket en hy siet by ús by de tafel to praten. Dan bigoun dy paraplu samar ynienen by ús to dânsjen oer de flier."
nl.verhalenbank.25584
Froeger hienen de minsken liemen flierren. Om 'e nachtmerje net by har to krijen setten se de klompen achterstofoar tsjin 't bedsté oan.
nl.verhalenbank.19325
De jouns foar har dea woarde der hwat by ús oer de flier smiten.
Doe seinen wy: "Hark ris." Wy tochten dat de kat it die op 'e souder.
Mar letter, doe''t hja dea wie, kommen de dragers hjir en dy smieten twa bankjes oer de flier, dêr't de kiste op stean moest. Dat wie krekt itselde lûd.
nl.verhalenbank.25464
Oan 'e Mûzegroppewei ûnder 'e Rottefalle hat Batema yndertiid syn dochter formoarde en doe hat er himsels deamakke. It bloed komt altyd wer yn 'e flier.
nl.verhalenbank.27066
It is ris in kear gebeurd dat der op 'e Trije Roede yn Feanster heide in man stoar. It wie doe noch buorreplicht en Germ Smous moest dy man biklaeije. Dy man wenne yn in spitkeet mei muorren fan heideplaggen. Germ wie noait net in helt en doe't er mei dy man to set soe en him de holle omheech die, joech dy man lûd. Germ woarde sa binaud, dat hy is dwars...
nl.verhalenbank.27920
't Wie op in jountiid, sy sieten by de boer yn 'e hûs.
Doe kom der in âld frou by de doar. Sy woarde der ynlitten, sy woe dêr dy nachts graech sliepe.
Hja siet tusken de oaren yn en as se it wurd nom, tocht de boer by himsels: "Dû hast in manljuslûd." Wylst hja dêr sa meimankoar sieten kom der in soldaet mei in hynder oan. Hy sei tsjin 'e boer: "Kin ik...
nl.verhalenbank.23515