Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
By Sytse Batema oan 'e Mûzegroppewei is yndertiid us in moart dien. It bloed ha se dêr noait wer út 'e flier wei krije kind, it kom der hyltyd wer yn.
nl.verhalenbank.21228
Dêr't in moart gebeurd is kinne se it bloed noait wer út 'e flier krije. Fan 'e moart oan 'e Mûzegroppewei fan Sytse Bates mat it bloed altyd yn 'e flier sitten bleaun wêze, sa lang it hûs dêr stien hat. Dat wie dêr net wei to krijen.
nl.verhalenbank.28782
It is ris in kear gebeurd dat der op 'e Trije Roede yn Feanster heide in man stoar. It wie doe noch buorreplicht en Germ Smous moest dy man biklaeije. Dy man wenne yn in spitkeet mei muorren fan heideplaggen. Germ wie noait net in helt en doe't er mei dy man to set soe en him de holle omheech die, joech dy man lûd. Germ woarde sa binaud, dat hy is dwars...
nl.verhalenbank.27920
Der is yn Twizel al ris in kear in ynbrekker troch de boer attrapearre woarn. Dy boer wenne sahwat tsjin 'e âld tsjerke oer. De boer krige him to pakken en hy hat him mei in kneppel deahoud. It bloed roan oer de flier en dat woe der letter noait wer út. As se in nije planke yn 'e flier setten kom it bloed dêr wer yn.
nl.verhalenbank.27934
Op 'e Mûzegroppewei hat lang in hûske stien mei bloedplakken yn 'e flier. Dêr wie ris in moard gebeurd. Dy bloedplakken woenen der net wer út.
nl.verhalenbank.33799
Nachtmerjes, dêr dienen se fan alles tsjin yn 'e Harkema.
Se dienen duveldrek ûnder 'e drompel. Foar de stoel dy't foar 't bêd stie, struiden se moal oer de flier. (nachtmerjes meije neat meinimme). Sy struiden ek moal op it gesicht en op 'e tekkens.
Sy leinen in wiete dweil foar 't bêd. Sy leinen in krús ûnder in dweil. De toffels of de klompen setten...
nl.verhalenbank.19467
Yn it hûs fan 'e Batema's oan 'e Mûzegroppewei hat famylje fan my wenne. Ien fan 'e Batema's hat dêr syn dochter formoarde. Doe't myn famylje dêr wenne sieten der twa greate bloedplakken yn 'e flier. Dy ha se der noait út krije kind.
nl.verhalenbank.33067
Dêr't in moard gebeurd is krije se 't bloed noait wer út 'e flier.
Dat mat ris gebeurd wêze by lju oan 'e Mûzegroppewei.
nl.verhalenbank.25759
Hearke wie arbeider op 't Bouwekleaster by Bindert Japiks Kloosterman. Doe moesten se alris sied op 'e souder bringe. Dat gong de boer net hurd genôch. Op 't lêst sei hy der hwat fan tsjin Hearke.
Doe krige Hearke de balen sied en dy smiet er ien foar ien fan 'e telle op 'e souder. 't Wienen balen fan in mudde.
Mar sa koe 't ek net, hwant doe sprongen de...
nl.verhalenbank.25764
Oan 'e Mûzegroppewei hat yndertiid Sytse Bates syn dochter formoarde en himsels to koart dien. Sy koene letter it bloed net wer út 'e flier en út 'e muorren krije. As se it der wei fagen kom it der letter altyd wer yn.
nl.verhalenbank.28526
Reid Keuning fan Koatstertille liet de soldaetsjes oer de flier rinne. Dy kommen út 'e hurddobbe wei.
nl.verhalenbank.28524
Ymke de Jong wie us by Mooiweer, de kastlein fan Sumar. Dêr lei er in ryksdaelder op 'e tafel. Oer de flier makke er in krytstreek. Dêr stienen in man of fjouwer achter. Dat wienen Sumarders.
Doe sei Ymke: "Dy't oer dy krytstreek hinne dânsje kin en de ryksdaelder pakke kin, dy mei him hâlde. En dan liz ik der wèr ien del."
Mar der wie net ien, dy't oer...
nl.verhalenbank.24109
By in moart kinne se de bloedplakken net wer út 'e flier en de muorren krije.
nl.verhalenbank.35986
By Sytse Bates oan 'e Mûzegroppewei koenen se noait it bloed út 'e flier krije. Dêr wie in moart gebeurd. As se in nije planke yn 'e flier sloegen, kom it bloed dêr wer yn.
nl.verhalenbank.25798
In een kamer van de aloude burg Dijksterhuis te Pietersburen worden op de vloer bloedvlekken gevonden, die telkens weêr te voorschijn komen, ook al wordt de vloer vernieuwd. Het volk zegt, dat dit bloed afkomstig is van een meisje, dat daar eenmaal werd vermoord.
nl.verhalenbank.40706
Heks wordt ontmaskerd doordat haar man een zwarte kat een poot afhakt
In de molen hier heeft ook lang een kat gezeten, die overal in-kroop en waardoor de molenaar de molen vaak moest stilleggen. Op den duur werd ie het echter moe en nam ie een kapmes mee. Toen ze eens dicht in zijn buurt zat, sloeg ie ze met een houw een achterpoot af. Maar toen ie...
nl.verhalenbank.35602
By in moardgefal kinne se de bloedplakken ek noait wer út 'e flier krije. Dat wie it gefal by Sytse Bates oan 'e Mûzegroppewei.
nl.verhalenbank.27799
By Sytse Bates oan 'e Mûzegroppewei is in moart dien. De bloedplakken ha se net wer út 'e flier krije kind. Dienen se der in nije flier yn, dan kommen dy plakken dêr yn.
nl.verhalenbank.28284
Oan 'e Mûzegroppewei by Rottefalle hat Sytse Batema syn dochter formoarde. Sy ha de bloedplakken noait wer út 'e flier krije kind.
nl.verhalenbank.23688
By Aldegea binne op in boerespultsje ris twa âlde minsken formoarde. De bloedplakken sieten oan 't sket. Sy ha wit hoe faek prebearre se der ôf to krijen, mar dat woe net.
Sy ha der wol oerhinne ferve, mar dat joech allegear neat.
Ek by de Batema's oan 'e Mûzegroppewei ûnder 'e Rottefalle ha se de bloedplakken net út 'e flier krije kind. Dat wienen èk...
nl.verhalenbank.25560