Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Albert Alma (de man fan Tet) wie in raren-ien. Hy wenne yn 'e Harkema. Op in joun siet er yn 'e kroech by Japik Laverman op 't Jachtfjild. Hy sûpte en flokte en swetste en hy liet him ûntfalle: Ik bin fan gjin duvel bang. Doe't er let yn 'e joun de kroech forliet woardde er ûnderweis op 'e Skeankamp, dêr't nou bakker de Boer wennet, samar oer de dyk hinne...
nl.verhalenbank.12272
Der wie us in selskip by inoar, dat wie frijhwat roerich en oerdwealsk. Sy flokten en tjirgen har en it wie allegear raer. Doe kom der in swarte man yn mei in hege hoed op. It wie de duvel. Sy woarden allegear deabinaud en ien fan harren sei: "Lit ús psalmsjonge." Sy dienen it en de duvel makke gau dat er fuort kaem.
nl.verhalenbank.20066
Knjillis en Albert Hut (Albert wie Tet har man) wienen oan 't boekweitterskjen by 't Bouwekleaster.
Mar de beide mannen dienen oars neat as flokke en oangean en healwiizje. Dat der gebeurde neat, sy fierden gjin slach út. Dêr wienen se to ûndogens foar.
Doe kom Hearke op 'e Rysloane stil to foarskyn. Hearke wie ek stille plysje. Hy krige Knjillis by 't...
nl.verhalenbank.20489
Doe't Sjoerd Kooij fan Jistrum noch in feint wie, reizge er mei in kammeraet (èk fan Jistrum) nei Garyp nei de froulju ta. Sy hienen dêr elk in faem to wenjen, mar dy fan Sjoerd Kooij wenne hwat fierder.
Sjoerd Kooij wie froeger in los man. It koe him net folle skele hwat er sei en hwat er die.
Op in kear doe gongen se wer nei de faem. Sjoerd sei tsjin...
nl.verhalenbank.29309
Boele en Baeije wennen oan 'e Skûlenburchster feart, tichte by de Hege Draei. Boele (Kuipers) wie in nuver man. Hy koe 't raer opsizze en 't wie slim sa't er spotte.
Op in kear hat de duvel him ris topakken krige en dy hat him sa'n ein smiten, omtrint oan hûs ta.
nl.verhalenbank.29318
Der wie ris in doomny, dy kom op hûsbisyk by hiele rûge, rouwe minsken. Hja hienen in jonge, dat wie slim sokke ûnfatsoenlike wurden as dy altyd brûkte. En flokke as in kriichshelt!
Doomny tochte, dêr mat ik dy minsken ris oer ûnderstean. Hy sei: "Dat komt sa net goed mei jimme jonge."
Doe sei syn mem: "Ik kin my net bigripe, doomny, hwer't dy bliksemse...
nl.verhalenbank.33831
Der siet us in man ûnder in koe to melken. Dy flokte sa bot. Hy sei: "Ik woe wol, duvel, dat ik yn 'e moanne siet." Hy is der hinne stoud en sit der noch altyd mei jok en amers. Sjoch mar us goed.
nl.verhalenbank.20468
Us heit hat boerefeint west by Piter Ates Oosterhof op it Wytfean. Op in kear, doe hienen se dêr in deade koe. Doe warskôgen se Edzer Landbouwer, dy wenne op Skûlenburch yn 't húske dêr't letter Anders en Hil wenne ha. Edzer wie in kringeslachter.
Edzer dy kom by Piter Ates en nom dy koe mei op 'e wein. Heit wie der ek by. 't Wie yn 'e nacht. Sy rieden...
nl.verhalenbank.29317
Under Droegeham wenne in frommes, dat siet altyd mei de manlju to kaertspyljen en sy flokte like bot as de oaren. Hja krige ta straf allegear ûngelokkige bern.
nl.verhalenbank.20068
Guon kommen us let yn 'e nacht fan in pretsje. Se mâltjirgen net allinne, mar der woarden slimme flokwurden brûkt. Se kommen yn 'e buert fan Eastemar tusken hege diken. By in hekke woarde ien fan dy feinten dy't it sa mâl opsein hienen, samar by de oaren weinom, dat se stienen forstomd.
Ien wie hwat dryster as de oaren, dy kom tichter by de hekke. "Der...
nl.verhalenbank.16778