Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Alde Karste Lamke wie hjir in bekende tsjoenster. Hja fleach op in biezemstôk troch de loft.
Alde Libbe Griet en Theunis Seely wienen ek tsjoensters.
Wie der hjir ien bitsjoend dan gongen se faek nei in duvelbanner. Dat wienen almeast Ulke duvelbanner fan 't Wyldpaed en greate Wopke fan Kûkherne.
As se duveldrek leinen ûnder 'e drompel fan 'e keet koe de...
nl.verhalenbank.38648
Us mem wenne yn Twizelerheide. Op in middei hearde se in swier gebrom yn 'e loft. It minske woarde sa bang dat hja sprong op 'e kop yn 'e dobbe. 't Wie foartsjirmerije.
Trije dagen letter hienen jo itselde gebrom wèr yn 'e loft. Mar doe wie 't in luchtskip: de Zeppelin. It lûd wie doe noch dúdliker. It gong fan noardoast nei súdwest.
nl.verhalenbank.34460
De tsjoensters fleagen froeger op biezemstâllen troch de loft. Piters Willemke die dat ek. Mar kaem se foar in fjild rogge, dêr koe se net oerinne komme. Dêr foel se yn.
nl.verhalenbank.38317
As trije katten by elkoar sitte to razen, dan binne dat tsjoensters, dy't in forgadering hâlde, sizze [se].
Hjir ha tsjoensters west, dy't op 'e biezem troch de loft fleagen woarde der sein.
nl.verhalenbank.34466
Hjir wennen wol in stik of hwat tsjoensters: Minne Ael, Tsjibbe Teats, Boate Griet. En dan wenne der op 'e Sânbulten ek ien.
Hja koenen op 'e biezemstôk troch de loft ride, seinen se.
Reinde it freeds, dan wienen se oan 't pankoekbakken.
Se foroaren har yn katten en as sadanich forgaderen se yn 't greidlân. Ien kat hie de leiding.
Ienkear yn 'e sawn jier...
nl.verhalenbank.27382
Hjir yn Twizelerheide wenne âlde Piters Willemke. Dat wie ek in âld tsjoenster. Se seinen altyd, dy fleach op 'e biezemstok troch de loft.
Op in kear doe wie Willemke fuort. Doe lei har binnenste op bêd. 't Wie krekt as wie 't in pounse dy't dêr lei.
Ek in kear doe wie Willemke siik. Doe wekken se by har. Doe soenen se nei har sjen, doe lei dêr in pounse...
nl.verhalenbank.33430
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje, in swarte kat meastal. As hja der nachts op út is to tsjoenen lizze de terms op bêd. Hja bitsjoent yn 'e regel bern. Dan makket se greate krânsen yn 'e kessens.
As in bern bitsjoend wie gongen se nei Kûkherne. Dêr wenne Wopke Minke, dat wie in duvelbanster. Dy joech dan in drankje mei. En dan sei se: "Nou sil der...
nl.verhalenbank.37658
Myn mem wenne by har âlden yn in âlde spitkeet achter 't âld tsjerkhôfke fan Twizelerheide. Us mem kaem út 'e keet wei en stapte de heide oer. Doe wie 't tsjuster. Doe stapte der in hiel lyts mantsje njonken har de reed del.
Us Antsje-muoi wenne in lyts eintsje fierder. Dêr kaem mem ta de doar ynfleanen.
"Dêr is in mantsje by my," rôp se, "en dat wurdt...
nl.verhalenbank.38631
Alde Wiger Syts wie in tsjoenster. Dy koe har foroarje yn in pânse. Myn skoanheit gong der mei har man wolris op út to mollefangen. Doe hat myn wiif dêr alris as fanke by dy minsken slept. It wie dêr dy nachts bot oan wei gong.
Wiger wie der op út. Der kom in man yn 't holst fan 'e nacht. Dy sei: "Ik trilje oer de hiele lea. Piters Willemke fleach fan 'e...
nl.verhalenbank.28839
Op 'e Wytgeast dêr stie in hûs, dêr spûke it. Dêr fleagen de skuorredoarren nachts altyd samar iepen.
As jonge stie 'k dêr ris mei in stik of hwat oare jonges fan sa'n fjirtsjin, sechstjin jier, mei de fytsen by ús.
Wy stienen dêr foar de skuorredoarren, sûnder dat wy dêr erch yn hienen.
Doe kommen der in pear manlju langs. Ien dêrfan, in âlde keardel,...
nl.verhalenbank.38642