Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
In tsjoenster rydt strampele op 'e biezem troch de loft.
nl.verhalenbank.25369
In jonge man fan Kollumersweach seach op in sneintejoune sahwat om 9 ûre hinne yn 'e simmer in manspersoan, dy't foar him út roan. Hy bigong hwat hurder to rinnen om dy manspersoan yn to heljen, mar dat slagge him net. Doe gong dy persoan boven op 'e dyk oan 'e kant fan 'e wei. De jonge man die it ek. Mar doe sweefde dy manspersoan oer it lân hinne fuort.
nl.verhalenbank.15727
Myn skoanheit syn buorman wie in soan fan Lamke.
Dy hie in dochter Hiltsje.
Reinders Oeke fan Twizelerheide wie de overste fan 'e tsjoensters. Dy learde Hiltsje it fleanen.
Skoanheit sei: "Ja, jimme kinne 't leauwe of net, hwant hja fluttert al fan 'e ûnderdoar op 'e pomp. Jimme kinne wol bigripe, 't sit yn 't laech. 't Is in beppesizzer fan Lamkje! Jimme...
nl.verhalenbank.37350
As der âlde roeken of kaën oer 't hûs hinne fleagen, soe der yn dat hûs gauachtich ien stjerre.
nl.verhalenbank.29524
Stammerige Harm wie in tsjoenster fan formaet.
Hy hat in soad minsken bitsjoend. Syn eigen dochter hie 't net op him stean. Trouwens, it siet yn 't laech. Syn beppe koe it ek. Dy fleach mei in reade rôk oan troch de loft. Sûnder dy rôk koe se net fleane. Syn mem wie ek in tsjoenster.
nl.verhalenbank.15751
Oan it Wyldpaed seach men in âld wiif mei in bolkoer it lân oerfleanen. Sy fleach as kat troch it dak hinne.
nl.verhalenbank.15740
Der wienen tsjoensters dy fleagen op 'e biezemstok troch de loft. Sokken wienen hjir ek yn Kollumersweach en Twizelerheide. Guon ha wolris sokke fleanende tsjoensters by jountiid sjoen.
nl.verhalenbank.29824