Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
It sechje giet, dat der yn 'e Liuwepoel to Harkema in bern fordrinke sil mei read hier en in brún jakje oan. Ien hat dit as foartsjirmerije sjoen.
nl.verhalenbank.15521
Us heit hat as feint us nei Ljouwerter merke ta west, en dear hat er foar de swarte spegel stien.
Allerearst seach er in faem, dy hie roetswart hier. Dat is letter syn wiif woarn. Doe seach er in greate kiste. Dat wie syn eigen deakiste. Doe seach er trije bernekisten achter elkoar. Dat is ek útkom, heit en mem ha de earste trije bern forlern. En doe...
nl.verhalenbank.15632
Us beppe fortelde - en sy hie it wer fan har beppe - , dat op in dei wjerljochte en tongere it hiel bot. En doe kom der in greate fjûrbol oan 'e loft.
En doe hie der in stim west, dy't sei: "Friesland zal het langst bestaan, maar Friesland zal het zwaarst vergaan." (opm. A.A.J.: nei alle gedachten in profesije út it boekje fan Intsje Jans)
nl.verhalenbank.15621
Alde Karst Westra wie kûgelfrij. Dat kom trochdat er sa froom wie. Hy wie yn 'e oarloch, dat is wol hûndert jier lyn. Op in joun sei syn maet tsjin him: "Soenen wy noch wol kûgelfrij wêze, Karst?" Doe sei Karst: "Dû leiste moarn tsien ûre.
Mar ik stean hjir yn 'e namme des Hearen Heare."
Hy seach it yn in fisioen. 't Kom ek sa út. De oare moarns tsien ûre...
nl.verhalenbank.16935
It praet gong froeger yn 'e Harkema gauris dat ien sei: Ik ha dy en dy skuorre of dat en dat hûs brânnen sjoen. Dan brânde dat letter op. Dat wie foartsjirmerije. Mar ik leau dat it ek wolris net útkom.
nl.verhalenbank.15612
Doe't heit stoarn wie en mem weromkom fan 'e bigraffenis hat se dúdlik heard: "Het zwaard zal van uw huis niet wijken." Dearnei binne der trije bern stoarn.
nl.verhalenbank.15670