Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Wibe Alma soe us by in boer op it Wytfean ta de apels. Doe belle der ien. Wibe tocht, dat 't fan in velosipe wie, mar der wie neat to sjen. Doe kom der in lyts hountsje oan. Wibe sei: "Ast fan 'e duvel bist, dan sil 'k mei dy ôfweve." Mar 't hountsje weve mei him ôf. Hy kom yn 'e toarnen tolânne.
nl.verhalenbank.20155
Us heit wenne op Feanwâldsterwâl, oan 't wetter. Hy hie in hiele lulke houn. Dy krige allinne mar fisk to iten en krûd út 'e jachtgewearen. Dêr koe net in minske op it hiem komme of hy forskuorde se. Mar Jehannes Meerstra, dy koe altyd wol komme, dy liet er gewoan gewurde.
Op in kear kaem der in stommedôve keapman mei twa koffers by ús op it hiem, dy hie...
nl.verhalenbank.31099