Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
In wearwolf is in man dy't alles forskuort. Ien fan sawn bruorren dy't op elkoar folgje is in wearwolf. De wearwolf makket alles dea as er de kâns kriget. Men mat him sokke tiden hwat tasmite: in doek of in bal ofsa, dêr't er de tosken yn sette kin.
nl.verhalenbank.36156
In wjerwolf is in minske dy mat soms hwat forskuorre.
nl.verhalenbank.34632
Thys fan 'e Roeken wie in wjerwolf. Dy hie tiden dan moest er alles opfrette hwat der foar him kaem. Dan wied er gefaerlik. Sokke tiden rikken se him mar gau in bûsdoek ta. Dy iet er dan op en dan hongen him de triedden dêrby ta de mûle út. Hy praette ek hiel raer.
nl.verhalenbank.29757
It gebeurde us dat twa jonge lju yn 'e wein sieten nei 't gemeentehûs ta. Hja soenen dy deis trouwe. Underweis yn 'e wein byt de man har in stik út 'e skelk. Hy wie in wjerwolf. Hja makke it fuort út.
nl.verhalenbank.21918
De bargekoopman Nicolai fan Twizel wie in wjerwolf. Hy wie ien fan sawn jonges.
Ek ien fan 'e sawn soannen fan Lammert Roek wie in wjerwolf. Hy wie troud. Op in kear hie syn wiif Antsje in prater. (praetster)
Hy kom thús. Hy sei: "Hast ek hwat, Antsje?"
Doe smiet Antsje him in bernejurkje ta.
De prater sei: "Hwat mat er dêr mei?"
"Hy is de sawnde," sei...
nl.verhalenbank.20170
Der wienen in feint en in faem, dy wienen togearre út to riden.
Underweis lei de feint de swipe del en hy liet it hynder stilstean.
De faem sei tsjin 'e feint: "Hwat silstû?"
"Jow my de bûsdoek", sei er. Doe joech se him in reade bûsdoek. Dêr gong er mei fuort.
Doe't er in skoftsje fuort west hie, kom er werom. Doe hied er de reade triedden fan 'e bûsdoek...
nl.verhalenbank.23534
As jo in wjerwolf tomjitte komme, dan matte jo se in bûsdoek tasmite.
Der wie in wjerwolf, dy kom by in faem. Hy siet by har to frijen. Doe gong hy der ynienen út.
"'k Mat dyn skelk even mei ha", sei er.
Doe't hy der wer ynkom hongen him de triedden fan 'e skelk ta de mûle út. Dy hied er forskuord.
nl.verhalenbank.25806
Weerwolf
D'r stond us 'n verloofd paortje, ze waore aon 't vrije en elke kir kwam d'r 'n hondje op hun af. De jonge of 't meske, da wi'k nie precies mir, gooide zunne zaddoek naor da hundje. Die verschurde 't hillemaol en 's aanderdaogs komme ze 'ne man tege mè 'n stukske van die zadoek in z'n mond.
nl.verhalenbank.41645
Der wie in faem, dy troude mei in wjerwolf. Hja hie in read baeijen rôk oan. Hy gong achter har stean en doe biet er hiel bot yn dy rôk. Hy hie de reade triedden fan it guod noch yn 'e kiezzen sitten.
"Hast it wol sjoen?" seinen har âlden tsjin syn frou.
Wjerwolven matte nou en dan bite, dat kinne se net litte. Fral yn read baei meije se graech bite.
nl.verhalenbank.25177