Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
18 datasets found
Dutch Keywords: verplaatsen Place of Narration: Drachten
It gebeurde ek wol us dat sterke Ynse foar de gek it ambyld út 'e smederij wei helle en stikum achter yn 'e tún delsette, as de smit der tafallich net wie. Yn Bakkefean gebeurde dat. Hy moest it sels ek wer toplak sette, hwant der wie net ien, dy't dat oars koe.
nl.verhalenbank.19685
To Aldegea wenne ek in hiele sterke keardel. Dy woarde altyd neamd: de luije boer. Dy boer wie ris yn 'e ûngetiid. Doe rekke er mei in foer hea en in âld swart hynderke derfoar fêst yn 'e skuordoarren. It hynderke koe't net mear dwaen. Doe hat dy boer it hynderke útspand en doe hat er it foer hea, dat klem siet sels los skuord en ta de skuorre yn lutsen.
nl.verhalenbank.33336
Froeger hienen se greate kettingeiden (= eggen). Dy dingen wienen hiel swier. Der wienen twa man foar noadich om sa'n kettingeide op 'e wein to lizzen en dan hienen se der nòch tillen oan. Dyselde luije boer hie sa'n kettingeide by Jan Welling, de smid fan Aldegea. Dêr hie hwat oan mankeard en de smid hie 't makke. De boer kom dêr om de kettingeide op to...
nl.verhalenbank.33337
Myn pake, greate Kobus (= K. v.d. Heide, mem har heit) wie tige sterk. Sy skoaiden froeger in protte. Dat die pake ek. Op in kear hied er mei oaren to skoaijen west nei Aldegea. De giften bistienen faek út ierpels (= aardappelen) of twa sinten ofsa. Al mei al hie pake dy kear in mudde ierpels opskoaid. Dy ierpels hied er yn in sek op 'e nekke lizzen. In...
nl.verhalenbank.33335
Sterke Ynse wenne yn Bakkefean. Ik ha wolris heard, as Ynse baeltsjes rogge losse moest fan 'e wein, op in skip, dan krige er se mei ien hân by de tûfe beet en sette se sa op 't skip.
nl.verhalenbank.27520
Sterke Hearke wenne yn Bakkefean. Hy wie sa sterk, dat as se oan 't dongriden wienen, dan luts er sels earst de wein ta it dongsté út en dan kom 't hynder der foar.
nl.verhalenbank.33769
Der wienen us in pear mannen, dy moesten in stik of hwat grouwe beammen op in wein lade. 't Wie yn Bakkefean. Sy koenen 't meimankoarren net rêdde. Mar doe kom krekt greate Ynse foarby. Doe fregen se Ynse of dy wol helpe woe. Ynse lei doe de beammen ien foar ien hielendal allinne op 'e wein. Doe't dat gebeurd wie gongen dy mannen nei de kroech om in...
nl.verhalenbank.25696
As in ymker forstjert, dan matte de bijekuorren in eintsje forset wurde. Oars stjerre de bijen, wurdt der sein. In kanarje yn 'e kouwe mat ek forhong wurde as der ien yn 'e hûs stjert. Oars giet de kanarje dea of hy sjongt noait wer.
nl.verhalenbank.23997
As der ien dea giet, mat it fûgeltsje yn 'e kouwe forhong wurde, oars giet it dea of it sjongt net wer fan fortriet. As der ien stoarn is matte syn skuon op in oar plak set wurde, oars forbroeije se.
nl.verhalenbank.33777
Hearke hat soldaet west to Ljouwert. Hy woe o sa graech ûnder tsjinst wei. Dêr lei op it terrein fan 'e kaserne in anker, dat woech tolwehûndert poun. Hearke hie 't alris in kear optild. Doe frege er oan 'e kaptein, hy woe graech út 'e tsjinst wei. As se it tastienen, hwannear't hy dat anker om 'e hiele kaserne hinne sjoude. Mar it mocht net. Hy moest...
nl.verhalenbank.27502
Syn dochter Rixt tilde op in kear it aembeeld út 'e smederij fan 't blok en sette dat bûtendoar op 'e wei. Dat aembeeld woech fjouwerhûndert poun.
nl.verhalenbank.27503
Der wie in sunige boer, dy hie by de houtforkeaping in persiel beammen kocht. Hy en syn feint prebearren togearre de beammen op 'e wein to krijen, mar dat koenen se net oprêdde. Tafallich kom krekt Sterke Hearke der oan. Dy seach wol dat de mannen yn forlegenheit sieten en dêrom sei er: "Ik sil jim helpe mannen. As ik nou de swiere ein nim en jimme...
nl.verhalenbank.33771
Berga wie plysje yn Grinzer Pein. Hy wie almeugende sterk. Hy wie mear as twa m. lang en hy woech trijehûndert poun. Jumbo neamden se him. Syn frou libbet noch, dy is in goeije tachtich jier. Hy komt fan 'e Haule. Hy hat plysje west yn Haulerwyk en yn Grinzer Pein. Ek yn Grins. Hy wie almeugende sterk. To Grins pakte er twa studinten dy't net om lyk...
nl.verhalenbank.27504
Omke Roel (= Roel Deelstra = Swarte Roel) wenne to Aldegea. Dy wie tige sterk. Dy sette samar even it aembeeld by Alle-smid (= A. Welling) út 'e smederij wei op 'e dyk. Mei man en macht moesten se it der wer ynhelje. It forstân gong net lykop mei syn kracht.
nl.verhalenbank.33701
Sterke Hearke wie ûnder tsjinst. Dêr hied er in greate hekel oan. Hy woe graech frij. Doe lei dêr in anker op 'e wâl, dat woech tolwehûndert poun. Hearke sei tsjin 'e kaptein: "As ik dat anker op 'e boat bring, bin 'k dan frij fan 'e tsjinst?" De kaptein gong nei him ta. Hy sei: "As jo dat dwaen kinne, ja, dan binne jo frij." Hearke tilde 't op en brocht...
nl.verhalenbank.26053
In neef fan my, dat wie Oetse Deelstra. Dy wie ek o sa sterk. 't Siet him yn 't laech. Hy libbet noch en wennet nou yn Drachten. Op in kear wienen Oetse en ik der togearre op út. Doe kommen wy in elzenebeam foarby, dêr siet in eksternêst yn. Dy beam stie yn 'e wâl en hie in stamme fan sa'n 15 cm trochsné. "Hea jonge," sei Oetse tsjin my, "soenen dêr ek...
nl.verhalenbank.33702
Der wie ris in boer, dy kom de moarns fan bêd ôf, doe stie der in wein fol mei dong op 'e nael fan 'e skuorre by him. De boer hie soks noch noait meimakke en sei: "As de duvel him der op set hat, dan hellet dy him der ek mar wer ôf, hwant ik kin it net." De oare deis stie de wein mei dong kreas op 'e groun. "Sjoch jo wol," sei de boer, "de duvel hat him...
nl.verhalenbank.27429
Hearke hie in dochter, dat wie Rixt. Dat mat ek in ôfgryslik sterk frommes west ha. Dy tilde samar even it aembeeld by in smid út 'e smederij wei en sette it op 'e wei.
nl.verhalenbank.26055
35