Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Sterke Hearke syn suster Rixt wenne yn Twizel by de smid.
Dêr stienen twa ambylden yn 'e smitterij. It greatste dêrfan dat woech ettelike kilo's.
Doe seinen de lju ris tsjin Rixt, hja koe dat greatste ambyld wol bûten krije. Hja sei, dat koe se net dwaen.
Doe seinen se: "Wolst wedzje om in goune?"
Mar Rixt woe net.
Doe't it kofjedrinken wie gong Rixt der...
nl.verhalenbank.28882
Hearke hat ek ris út gekheit by âlde Freark-smid (Oosterbaan) fan Droegeham it ambyld út 'e smidte sjoud. 't Wie 600 poun, 't stie op in blok. Freark wie der krekt even út. Doe't er werom kaem seach er nuver op. Hja wienen skjin forlegen hwant it ambyld stie op 'e wei en der wienen gjin minsken to finen dy't it tille koenen. Doe hat Hearke it mar gau wer...
nl.verhalenbank.37322
Sterke Hearke hat soldaet west yn Den Helder. Dêr lei in anker, dat woech alvehûndert poun. Hearke tilde it op. "Nou sil ik it ek om 'e kaserne hinne tille," sei [er tsjin] de overste, "as ik dan frij fan tsjinst wêze mei."
Mar de overste hie 't net weagje doarst.
nl.verhalenbank.21374
Sterke Hearke hat wol hwat yn 'e bouten hawn. Hy wie al 88 jier, krekt foar syn dea, doe moest der in mudde rogge siedde wurde. De sek mei rogge stie by de wei. Hearke nom him ûnder 'e earm en brocht him mei gemak yn 'e skuorre.
nl.verhalenbank.33188
Hearke syn heit wie in gewante keardel, folle foarser as Hearke en ek goed sterk. Mar Hearke wie folle sterker.
Hearke wie in great-jonge en wenne by syn âlders yn 'e hûs. Doe kom op in kear Piter Durks fan Hamster Pein by Hearke syn heit. Hy sei, hy woe wol us sjen, hwa't de sterkste wie, hy of Hearke.
"Dû trefst it net," sei Hearke syn heit, "Hearke is...
nl.verhalenbank.21375