Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Hearke hat ûnder tsjinst west. Dêr hied er in hekel oan.
De oare soldaten pleagen him wolris hwat. Mar Hearke wie troch-goed, dy die meastal neat werom.
Mar op in kear doe wied er op in skip fan 'e marine. Doe wienen de soldaten ûnder yn dat skip. Der lei in anker fan fjirtsjinhûndert poun op dat skip, dat lei Hearke op 'e roef, doe koenen dy soldaten der...
nl.verhalenbank.27635
Ek in kear doe wie de wein fol dong en dy stie yn 't skerngat. De beide hynders koenen de wein der net wei krije. Doe smiet Hearke de silen los, hy krige sels it tiksel yn 'e hân en luts it der sels út.
Rienk van der Meer fortelde 't my, dy arbeide mei him. Se neamden Hearke altyd 'pake'.
nl.verhalenbank.27634
Hjir yn Stiensgea hat in famyljelid fan him wenne. Dy wie by de boer yn 't wurk. Hy hiet ek fan Hearke. Dy wie ek wol sà sterk. Se laedden in kear hea op 'e wein. Doe sei de boer tsjin him: "Jo stekke àl hwat dikke stikken op. Tink om 'e sydljedder. Dy mat it hâlde, ik wol 't spul net stikken ha."
"Ik sil der om tinke", sei Hearke. Mar doe wie 't al to...
nl.verhalenbank.27636
Sterke Hearke wie arbeider by in boer op it Bomkleaster.
Rienk van der Meer wie dêr ek. Dy fortelde, sy hienen ris in kear sân helle fan Droegeham. It sân moest tusken de plaets en 't hok yn. Dêr koenen de hynders net tusken. It sân moest dêr lege wurde, dat de wein moest dêr hinne. Hearke gong oan 't tiksel stean en luts it weinfol sân yn 'e gloppe. De...
nl.verhalenbank.27633
Sterke Hearke wie bysûnder sterk. Hy hie in âld hynder, as dat it wurk net dwaen koe die er it sels. As it hynder de wein mei dong net út it skerngat lûke koe, luts hy it der sels út.
nl.verhalenbank.27655
Heit fortelde, Sterke Hearke roan froeger wol ris mei jild. Dat wie foar de banken. Dat moest dan nei in oar plak ta brocht wurde. Op in kear moest Hearke dat ek wer ris dwaen.
Hy droech it jild yn in sek op 'e rêch.
Der wienen in pear, dy wisten dat, dy hienen it op it jild forsjoen. Sy woenen Hearke pakke. Sy pasten op him en hienen har forskûle. Doe't...
nl.verhalenbank.27672
In omke fan my hat ris nei de Grinzer klaei ta west to sichtsjen, by in boer. Dêr wie ek in âld man, dy hie syn bêd klear makke yn in skjinne lege jarrebak.
Dêr woe oars net ien yn sliepe, hwant der hie ris in deade man yn dy bak lein. Sûnt woarden de minsken dy't dêr yn leinen nachts altyd hinne en wer set yn 'e skuorre.
De masinen stienen de hiele nacht...
nl.verhalenbank.27216
Sterke Hearke gong ris in kear nei Beetstersweach ta. Hy wie doe noch feint. Dêr yn 'e Sweach wenne ek in feint en der waerd forteld dat dy tige sterk wie. 't Wie in boeresoan.
Der lei in dikke stien by dy feint op it hiem. De boeresoan prebearre dy stien op to tillen. Hy koe him krekt tille. Doe Hearke. Dy koe him ek krekt tille.
De twadde kear forsette...
nl.verhalenbank.37401