Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: vermoorden Narrator Gender: male Place of Narration: Surhuisterveen
Hjir flak by op it Ketting is in lyts loantsje. Dêr kommen de âldere minsken noait del. Sy wienen dêr bang foar, hwant it doogde dêr net. In sekere feint, dy't by syn mem yn wenne, kom ris út 'e kroech. Smook hiet er. "As der dan in duvel is," hied er sein, "dan mei 'k him sjen en dan mei er my de kop omdraeije." 't Wie in opskepper en in nuveren. Hy wie...
nl.verhalenbank.26845
Der wenne in âld minske oan 'e Lytse Wei, dy is dêr formoarde woarn. Sy ha doe in krús op 'e beam set. Sûnt spoeke dat âlde minske dêr altyd om. Forskate lju doarsten dêr jouns net mear lâns komme. It krús bleau dêr altyd yn. Woarde de beam omkapt, dan kom it krús wer yn in nije loate.
nl.verhalenbank.27247
Ik ha wol us heard dat guon yn 'e kroech it heilich avondmael fierden en dat har nei ôfrin de nekke omdraeid woarde. Hwer't it gebeurd is, wyt ik net.
nl.verhalenbank.27043
Even bisuden Ljouwert stiet in greate plaets, dat is it Barrahûs. Dêr stiet it beeld fan in soldaet op it hiem. In keardel fortelde my us hoe't dy dêr kom is. Op in joun hie der in soldaet by de boer oankloppe, dy frege om ûnderdak foar de nacht. Dat hie de boer goed foun. In skoft letter hienen der nòch twa frege om ûnderdak, dat wienen in man en in...
nl.verhalenbank.27041
Oan 'e Mûzegroppewei is alris in moard gebeurd. Sytse Batema hat syn dochter de hals útsnien. De bloedplakken komme altyd wer as men prebearret se út to wiskjen.
nl.verhalenbank.27256
By 't Blauhûs mat froeger in moart gebeurd wêze. Letter spoeke dêr altyd in wite juffer. Guon seagen dêr dy wite juffer al us rinnen. Sy woarden bang en roannen by Douwe Wynalda yn, dy't dêr tichteby wenne. Doe Douwe der út. Hy nom it jachtgewear mei. Hwant Douwe gong wol us op 'e jacht. Hy seach de wite juffer ek en hy woe der op sjitte. Mar 't gewear...
nl.verhalenbank.22054
By de Batema's op 'e Mûzegroppewei, woe 't bloed noait wer út 'e flier wei nei de moart.
nl.verhalenbank.22081
Oan 'e Lytse wei tusken Harkema en Droegeham is us in kear in frou formoarde woarn. Op dat plak stie in beam mei in krús der yn. As se dy beam ôfkapten en hy sprute wer út, dan kom altyd dat krús der fansels wer yn.
nl.verhalenbank.27049
As der ergens in moart gebeurt, krijt men de bloedplakken der noait wer út.
nl.verhalenbank.25238
35