Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: vermoorden Narrator Gender: male Place of Narration: Peize
Yn 'e Broek wennen in pear mannen, dat wienen echte rare. "Wy jowe om 'e duvel niks", seinen se, en sa wie 't ek. Sy joegen suver nergens hwat om. Mar sy binne beide raer oan har ein kom. Sy hienen nei Burgumer merke ta west, elk mei in faem. Doe't se op 'e weromreis yn 'e Falom kommen, krigen se spul. De iene stuts de oare mei 't mes. Dat wie it wurk fan...
nl.verhalenbank.24362
Dy't klean oan ha, dy't op snein makke woarn binne as sy komme ta stjerren, dan wol de dea net earder komme, of sy matte der earst yn knippe. As se in moart dien ha, dan bikenne se dat sekuer op it stjerbêd, earder gean se de dea net yn.
nl.verhalenbank.24215
Ergens stie in boereplaets. Op in kear wienen de boer en de frou fuort. De faem wie mar allinne thús. Hja hie de doarren allegear fêst, mar midden yn 'e nacht kommen der nachtbidders by de doar, dy fregen om hwat. Mar de faem joech se neat omdat de boer en de frou fuort wienen. Doe skouden se in finster omheech en ien kroep mei de holle ûnder 't rút...
nl.verhalenbank.24224
Frijmitselers binne kûgelfrij. Sy ha noait gebrek oan sinten. Mar sy kinne net wer by har partij wei. Om 'e safolle jier mat der ien dea. En sy matte it kristendom ôfswarre.
nl.verhalenbank.23712
Dy't net ta stjerren komme kin hat soms klean oan dy't op snein makke woarn binne. Of hy hat in moart op syn geweten, dy't er noait bekend hat. Dan mat er dat earst sizze, earder kin er net stjerre.
nl.verhalenbank.23717
Tsjoensters komme troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Om 'e sawn jier matte se ien deatsjoene, oars geane se sels dea. Se dienen hjir duveldrek ûnder 'e drompels.
nl.verhalenbank.23715
35