Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn Warffum wenne in arbeider, dy koe mear as in oar.
Op in kear krige er myn hân beet en hy seach der yn. Doe't hy him in skoftje bistudeard hie, sei er tsjin my: "Dy hân hâldt forbân mei IJe Wykstra. IJe Wykstra fan Greategast, dat wie de man dy't fjouwer plysjes formoarde hie.
Ik tocht nei, en doe wist ik it. De moarns, doe't dy fjouwer plysjes op 't...
nl.verhalenbank.33293
Oan 'e Mûzegroppewei hat in heit (Batema) syn dochter fan sechstjin jier al us formoarde. De bloedplakken wienen net fan 'e muorre to krijen. As se der bihang oerhinne plakten, kom it bloed dêr wer troch.
nl.verhalenbank.21332
Tsjin it hûs oer dêr't wy earder wenne ha - tichte by de brêge - hâldde in great spoek ta. It wie sa grou en swier, dat se ha it pakt en mei fjouwer hynders foar de wein nei de Surhústerfeanster petgatten brocht. Dêr ha se him yn 'e feangatten forsûpt.
nl.verhalenbank.21323
Op 'e Lytse Wei is us in âld-minske formoarde woarn. Sûnt dy tiid spoeket it dêr altyd. Wy wienen skruten as wy dêr lâns moesten.
nl.verhalenbank.21135
Heit lei al trije dagen siik op bêd. Hy wie altyd mar oan 't noasblieden.
Doe kom der in man by ús, dy sei: "Jo matte in bloedstamper yn 'e hân ha."
Mar dy hie heit net. De man sei: "Ik wol", en doe kom er oansetten mei in mes mei in wyt heft.
Dat krige heit iepen yn 'e hân.
Doe't myn broer thúskom en dat seach, sei er tsjin my: "Bliksem Arjen, wy matte...
nl.verhalenbank.23443
Myn wiif Sjouk hat in healjier tsjinne by Julle van der Henne, dy wie boer op Reahel. Dat wie in nuver plak, dêr doogde it lang net. As jouns de doarren skoattele woarden, stienen se moarns wer iepen. Se dienen de krukken der jouns allegear út, mar it joech neat. Altyd wienen de doarren moarns iepen. Moarns sieten de katten by 't spek to fretten as se der...
nl.verhalenbank.20957
Sterke Hearke wie in drege arbeider, dy't him net forhaestte. Hy arbeide by Kuoi-jonges (Wiberen Ates-jonges) to Eastemar. Albertsje Piter (Piter Ophuis) wie dêr ek arbeider. Piter hie in hastige natuer en sy wienen togearre oan it dongkroadzjen. Piter wie folle flugger as Hearke, dat op in stuit sei Hearke: "Dû matst dy ynbine, hwant dû formoardest my."
nl.verhalenbank.20138
Dêr binne ek wol neakene berntsjes achter by de dobbe sjoen woarn. Dy boarten dêr om. Dy berntsjes wienen dêr formoarde woarn en doe koenen se de rêst net fine. As de minsken dy berntsjes dêr seagen, dan naeiden se út.
nl.verhalenbank.20676
Deselde mannen, Sikke Hoeksma en myn swager Douwe Wedzinga en dan noch in sekere Jan Klamer - dat wienen doe alle trije noch frijgesellen, soenen ris in kear nei Twizel nei de kroech ta. 't Wie mistich waer. Sy kommen fan Mûntsjetille en roannen op 'e âld dyk. 't Wie joun. Doe gongen se de Twizelerwei lâns, dat wie doe noch in modderpaed, dwars troch de...
nl.verhalenbank.28612
It bloed fan ien dy't formoarde is, giet rounom trochhinne en is der noait wer út to krijen.
nl.verhalenbank.20674
Op 'e lytse Wei is us in âld minske formoarde woarn. Dat wie flak by it húske, dêr't Sterke Hearke yn wenne hat. In arbeider foun har yn 'e nacht dea. (Hy arbeide by de Bosma's, dat wienen greate boeren ûnder Droegeham, dy't èk oan 'e Lytse wei wennen) Hy joech it fuort oan by de plysje. De oare moarns gong hy der hinne om to sjen. Doe stie der in krús op...
nl.verhalenbank.19977
Mike Ruerd hat oan 'e Boskreed wenne. Hy hie altyd mei de duvel to krijen. It wie in rare woeste keardel. Op in kear hied er in foer baelders thús krige.
De duvel siet by him op 'e souder. Doe bigong Ruerd mei dy baelders to smiten nei de souder ta. Hy woe de duvel deasmite. Op 't lêst hied er 't hiele foer baelders op 'e souder smiten.
Soms moest Ruerd...
nl.verhalenbank.21153
Oan 'e Mûzegroppewei hat Sytse Bates syn dochter formoarde.
Yn 't sket sieten bloedplakken. 't Koe neat skele hoe faek as se 't oerferven, dy plakken kommen der altyd wer troch.
nl.verhalenbank.27297
Der stie ris in doomny op in doarp, dy doarst wol to sizzen hwer't it op stie. Dêrtroch makke er him fijannen ûnder guon minsken. Sa wie der ek in feint, dy hie de pik op him yn. Dy woe him wol formoardzje.
Op in joun doe moest dy doomny nei in forgadering ta. Even fan tofoaren foardat dy doomny werom kom stelde er him fordekt op.
Doe't de doomny omtrint...
nl.verhalenbank.28563
Oan 'e Boskwei stie in hûs, der spûke it altyd yn. Sy wolle wol ha, dat dêr yndertiid in poep yn formoarde woarn is en dat dy dêr yn spûket.
nl.verhalenbank.28562
Oan 'e Mûzegroppewei hat Sytse Batema syn dochter formoarde. De bloedplakken woenen letter noait út 'e muorre wei.
nl.verhalenbank.26232
De heinproef
In frouspersoan kaam by in boer. Wêr 't it bard is, wit ik net krekt. mar earne yn Fryslân. Neidat de weareld my ferteld hat, hjit it dêr fan it Barhûs. Dêr moat noch in teken fan stean, my net bekend. Dat frommis frege om ûnderdak; sy mocht dêr de nachts fan 'e boer wol bliuwe.
Even letter kaam dêr in soldaat op in hynder. Foar it brechje al...
nl.verhalenbank.14640
By de dikke beam yn 'e Harkema is ris ien formoarde woarn. Froeger roannen dêr paden lâns skean oer 't lân. Nachts siet dêr by dy beam altyd in hiel âld-minske. Dat wie deselde dy't se dêr formoarde ha. Hja spûke letter.
nl.verhalenbank.26235
Dêr't in moart gebeurd is kinne se it bloed noait wer út 'e flier krije. Fan 'e moart oan 'e Mûzegroppewei fan Sytse Bates mat it bloed altyd yn 'e flier sitten bleaun wêze, sa lang it hûs dêr stien hat. Dat wie dêr net wei to krijen.
nl.verhalenbank.28782
Op 'e Mûzegroppewei hat Sytse Bates syn dochter formoarde.
It bloed ha se noait út 'e flier krije kind.
nl.verhalenbank.28594