Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: vermoorden Narrator Gender: male Place of Narration: Feanwâlden
Der wie ris in fékoopman, dy kaem op in freed-to-joun fan Ljouwert. Hy hie kij forkocht en hy hie gâns in knoarre jild by him. Hy roan de Godloas Singel del. Doe seach er guon oankommen, twa man. Hy tocht: Duvel, ik mei wol hwat foarsichtich wêze. Miskien is 't dy mannen om myn jild bigoun. Doe lei dêr in omkearde skou oan 'e kant yn 'e berm. Dêr krûpte...
nl.verhalenbank.30513
Der wie ris in doomny, dy hie fijannen. Doede Lapke wie ien fan dy fijannen. Dy kaem noait by him yn tsjerke. Hy hie sa de pik yn op 'e doomny, dat hy naem it bislút him to formoardzjen. Op in joun liet er in boadskip oan 'e doomny bringe, dat der lei ien op stjerren en de famylje forsocht him dêr to kommen. De doomny gong op stap. Hy moest oer in planke....
nl.verhalenbank.38589
Op dizze ein 't Suderdjip yn Grins wie it loazjemint fan van der Veen. Dêr kamen ris twa tsiiskooplju út 'e Westerein. Dy troffen elkoar dêr. Ik wie der sels ek. Dy beiden woen net foar elkoar wite hoefolle se dy deis fortsjinne hienen en hoefolle tsiis as se forkocht hienen. Doe krigen se rúzje. 't Wienen Sytse en Alle. De iene krige 't mes en stuts de...
nl.verhalenbank.30519
Der hat in boereplaets stien yn 'e Burgermar, hat heit wolris forteld. Dêr ha se de boer en de frou fan formoarde op in kouwestâl. Neidat dat gebeurd wie gong it der dêr altyd allerheislikst oan wei op 'e stâl, dêr't hja formoarde woarn wienen. Dat doe ha se dy plaets ôfbrutsen.
nl.verhalenbank.38547
By de Boppewei yn 'e Westerein spokje twa famkes, mei in read doekje om 'e hals. Der wurdt forteld, dat dy beide famkes dêr formoarde binne.
nl.verhalenbank.30481
By de Skilige Piip leit in heech stik lân. Dêr leit in kiste mei goud yn 'e groun. In smoarrike keardel hat dat jild dêr yn 'e groun set. Letter ha se dy keardel formoarde. En nou spûket dy dêr altyd noch om. Se ha wol prebearre dy kiste ta de groun út to krijen, mar dat woe net. Hy sakke ûnder it graven hyltyd djipper.
nl.verhalenbank.30509
35