Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn mem hie in suster, dat wie myn muoike. As dy nachts nei de plé ta gong kom der altyd in neaken popke by har opkrûpen en gong by har op 'e skoat sitten. De plé stie bûtendoar.
Sjoukjemoai wie oars net sa gau fan 'e wize, mar ien kear ha se har dêr weihelle, doe wie se biwusteloas delfallen.
Doe fortelde se ús heit en mem fan dat popke.
Dat berntsje wie...
nl.verhalenbank.33435
Der wie in feint dy wie och sa ûnforskillich. Dy koe 't neat skele hwat er sei. Sûpe as in kreupel. Op in kear hied er yn beide herbergen fan Twizel west. Dêr hied er 't raer opsein. Hy wie foar de duvel net bang, sei er en dat wie sweare by dit en by dat.
Doe wied er dêr wei kom en doe hienen se him de oare moarns in pear stikken lân fan 'e wein ôf foun,...
nl.verhalenbank.33436
Tsjallings Gjertsje fan 'e Falom wie in echte tsjoenster. Kij holp ris op in kear ús buorman yn 't hea. Doe sei dy buorman op in moarntiid tsjin Kij: "Helje even fiifentwintich takken by Gjertsje wei." Kij farde nei har ta mei de skou.
Doe't hy der wie rôp er har by de namme. Doe kom se by him, mar it hie sa raer like. In pear egen, hy soe earst wer fuort...
nl.verhalenbank.33433
By de Batema's oan 'e Mûzegroppewei ûnder Rottefalle is yn 't foarige in dûbelde moart gebeurd. De heit formoarde earst syn dochter en makke doe himsels fan kant. De bloedspatten yn 'e muorre woenen der noait wer út. Men die hwat men der oan dwaen koe, mar it joech neat. Se koenen it hûs letter noait forhiere. Net ien woe der yn. It hûs is letter ôfbrând....
nl.verhalenbank.20101
Op 'e hoeke fan 't Wyldpaed is in sekere Piter Veenstra formoarde woarn. Hy is deastutsen. De bloedplakken ha se noait útwiskje kind.
nl.verhalenbank.22126