Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Yn 'e Foksegatten spoeke it. Twa jonges hienen dêr us sa bot oan 't fechtsjen west, dat de iene hie de oare deaslein. Dêr kom dat spoekjen fan.
nl.verhalenbank.19634
Hoe't de namme Spekloane ûntstien is:
It wie froeger Stekloane, en dy loane is sà oan syn namme kom:
Der wie us in skearsliper dy gong mei syn skearsliperskroade de kant nei Rottefalle út. Hy soe yn Rottefalle oernachtsje. 't Wie al donker. Hy wie omtrint oan 'e ein fan 'e Langewyk ta, doe woarde er oanfallen troch twa rovers, dy woenen him fan syn jild...
nl.verhalenbank.21432
Ik ha wol us heard dat guon yn 'e kroech it heilich avondmael fierden en dat har nei ôfrin de nekke omdraeid woarde. Hwer't it gebeurd is, wyt ik net.
nl.verhalenbank.27043
Yn guon plaetsen yn Grinslân is it lang net plús. Der is yn dy plaetsen soms raer hwat gebeurd. De iene nei de oare is dêr formoarde woarn.
Sa wie der in plaets boppe Grins. Dêr kommen by 't maitiid de bomen to wjudden. De boer sei: By dat en dat bynt matte jimme net lizzen gean. Dêr doocht it net.
Ik haw mei in man praet, dy wie dêr ek. Hy sei: "Smyt my...
nl.verhalenbank.28199
Beppe hat by in boer yn Grinslân tsjinne. Dêr wienen in greatfeint en in lytsfeint. Dy lytsfeint doarst der wol to wêzen, dy wie de brutale kant neist en stie suver foar neat.
Op in kear woe de greatfeint him bang meitsje. De greatfeint brocht it hynder nei 't lân ta, doe wie 't al skimerich. Werom moest er oer in barte, dy't oer in brede sleat hinne lei....
nl.verhalenbank.29293
Op 'e Sumarreheide is froeger us in berntsje deamakke woarn. En nei dy tiid gong de doar fan dat hûs altyd fansels iepen; dy koenen se noait ticht hâlde.
nl.verhalenbank.23796
Hanne Foekes wie in tûke fisker. Hy wenne yn Eastemar. Mar hy hie de duvel ta syn maet. Hy sette altyd kofje foar twa man, foar himsels en foar Jan. Jan dat wie de duvel. Dy geat er ek in kopke yn. De duvel hat him op 'e Leijen de nekke omdraeid by de Tryntsjemoaispôlle.
nl.verhalenbank.12239
By de Boppewei spoeken twa famkes by nacht, mei reade doekjes om 'e hals. Dy famkes binne yndertiid formoarde woarn en koenen de rêst net fine. Guon doarsten dêr by nacht net lâns. Der wienen wol keaplju, dy ha dy famkes dêr troffen as se dêr nachts mei de bargewein lâns kamen. Dan wie 't in hiele toer de hynders dêr troch to krijen.
nl.verhalenbank.30073
Tsjoensters matte om 'e sawn jier ien deatsjoene.
nl.verhalenbank.27519
In moart komt altyd út, wurdt der sein, al sille de stiennen 't ek sizze.
nl.verhalenbank.22893
Even bisuden Ljouwert stiet in greate plaets, dat is it Barrahûs. Dêr stiet it beeld fan in soldaet op it hiem.
In keardel fortelde my us hoe't dy dêr kom is.
Op in joun hie der in soldaet by de boer oankloppe, dy frege om ûnderdak foar de nacht. Dat hie de boer goed foun.
In skoft letter hienen der nòch twa frege om ûnderdak, dat wienen in man en in...
nl.verhalenbank.27041
Een wever uit Eersel, die vanuit België naar huis ging met een goedgevulde buidel geld, werd in Steensel overvallen door een soldaat. Deze beroofde de man van zijn geld en vermoordde hem daarna.
Tot straf voor deze moord werd de soldaat veroordeeld om elke avond op het uur dat hij de moord had gepleegd, als een gloeiige op deze plek te verschijnen om...
nl.verhalenbank.49798
Dêr't nou Hamburg wennet hat earder in kastlein wenne, dy hat syn mem ophong, ek in hûs opbrând en syn eigen wiif forsûpt. Haeije Pyl fan de Tike (ek Haeije Klaphakke of Haeije Smyt oan 'e Balke) hat it foar him dien. Letter spoeke dêr altyd in dame yn 't swart. De kastlein joech him oan 'e drank oer.
nl.verhalenbank.32464
Heit en seun
Om túelve, trettienhúnderd hanne, hiene de monniken fan Klaarkamp op it eilaun in úthaf. Der wie bieurkeree1 by en der wene dan aik in bieur.
Op in keer reizige dy bieur mooi in beest nooi de fastewaal—dat kúe da nach ronende, op blaite fotten—om it dier to fekaipjen. Hy wie op 'e wieromreis en da seich2 er, dat it hele bieurespil yn 'e braun...
nl.verhalenbank.12987
Soms dwaelden der minsken op 'e paden om dy't al stoarn wienen. Dy hienen hwat útheefd en koenen de rêst net fine. Of se hienen noch in bigearte, dy't earst yn forfulling gean moest.
Ek guon dy't formoarde wienen dwelmen nachts om. Yn Kollumersweach wie in wiif stoarn, dy har man hie har min bihandele. Nei har dea kaem se hyltyd wer by dy man. Soms roun...
nl.verhalenbank.29939
Hwat men oan ien bilooft foar syn dea, dat moat men neikomme. Oars lit de deade jin net mei rêst.
Van Bruggen yn 'e Folgeren hat ien fan Nyegeasterhoek formoarde. De jouns sei er tsjin ien: "Ik sil dy even oan Nyegeasterhoek tabringe." Mar ûnderweis formoarde hy him. Hy hat him net oan Nyegeasterhoek ta brocht en syn wurd net hâlden.
Sûnt wie 't net yn 'e...
nl.verhalenbank.11518
Yn 'e stêd Grins krigen twa bruorren rûzje yn 't sliepsté. Doe hat de iene de oare formoarde. Dêr is in sang fan. It wie allegearre bloed, en dat bloed ha se noait út 'e flier krije kind. It gong om twahûndert gounen, dy't yn 't bêdstrie sieten.
nl.verhalenbank.20909
Op 'e Simmerdyk yn Burgum is froeger in poep formoarde woarn. Sy ha him bigroeven oan 'e kant fan 'e wei yn 'e berm. Sy ha dêr in krús makke troch de pôllen gjers dêr wei to dollen.
Sûnt wol dêr gjin gjers wer groeije.
nl.verhalenbank.27647
Adrianus Biesterveld hat oan 'e Dwarsfeart to Drachten wenne. Dêr wienen se allegear bang foar, hwant hy koe samar ien formoardzje om hwat jild.
Op in kear, doe wie er krekt út 'e gefangenis wei. Doe siet er yn 't 'Grauwe Peerd' to Drachten. Dat wie in herberch. Doe kom dêr in reizger, dy moest nei 't Hearrenfean ta. Hy hie in koffer by him. Hy woe in man...
nl.verhalenbank.25050
In Barneveld woonden twee broers. Die werden allebei vermoord. Sedert die tijd spoken die beide broers daar. Nou wil der niemand meer in dat huis wonen.
nl.verhalenbank.27121