Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: verliezen Place of Narration: Drachten
Myn wiif wie swier fan in bern. Doe kom de buorfrou by har en sei: "Hark us, ik haw in lykstaesje sjoen, dêr wienen hast gjin froulju by, wòl manlju." Myn wiif hie fuort yn 'e gaten dat dit fan it bern wêze soe, dat se krije soe, mar sy woarde der net oars fan. Sy sei rêstich: "As God it bileavet fan net, dan gebeurt it net." It bern gong dea. De buorfrou...
nl.verhalenbank.22935
Ik wenne yn 'e Boelensloane by Bareld Bijma yn 't keammerke. Wy wienen krekt troud. Wy wienen sahwat seis en twintich jier en hienen al in pear bern. 't Is nou sa'n fyftich jier lyn. Wy leinen op bêd. Doe sei 'k tsjin myn frou: "Ik ha hjir in kistje yn 'e hûs sjoen. Dêr matte wy oerhinne stappe as wy fan 't bêd ôfkomme. Sawn jier letter ha wy in jonkje...
nl.verhalenbank.22934
Tabe Bergsma fan Drachtster Kompenije fortelde dat hy hie in famke forlern. Wiken fan tofoaren hie er it famke al yn 'e kiste lizzen sjoen, by syn bêd. 't Wie yn 'e nacht, doe't er it sjoen hie. Hy lei doe op bêd. Sa hat er 't ek sjoen, doe't it bern nei 't hôf brocht waerd. (Tabe Bergsma wennet nou op 'e hoeke fan de Knipe).
nl.verhalenbank.30885
Dokter Visser syn frou sukkele altyd. Dokter koe har net better krije. Doe gong dokter op in kear mei har wetter nei greate Wopke ta. "Kom, binne jo dêr al?" sei Wopke. "Ja", sei dokter. "Lit my 't wetter fan 'e pasjinte mar ris sjen", sei Wopke. Doe't er dat sjoen hie, sei er tsjin dokter Visser: "Sjoch, it sit sa: Jo binne wol achter de kwael, mar jo...
nl.verhalenbank.24824
Ek in kear doe wie Reade Atse ek us wer yn Grins oan 't hurdriden. 't Wie al let en 't gong om priis en premy. Atse sette net bot ta, dat hy wie mar justjes foar. Mar de jury sei, it wie kamp, hwant sy woenen Atse de priis net ta ha. Doe moesten se wer. Mar doe die Atse even syn bêst. De tsjinpartij wie in trêddepart achter. Reade Atse is noch mei syn...
nl.verhalenbank.23636
Boardzer Bruining ^ fan Boelensloane hie sjoen dat Frans Tuinstra in famke forlern hie. De hiele lykstaesje hat er sjoen mei alle minsken dy't der achter roannen.
nl.verhalenbank.30886
Der wie in skatrike widdou, dy wenne yn Stavoren. Sy hie allegear skippen op sé dy't nei fiere lannen farden om dêr handel to driuwen. Op in kear sei se tsjin ien fan 'e skippers: "Nou mast foar my it allermoaiste meinimme hwat der mar to krijen is." Nei in lange reis komt dy skipper werom. Hy hat it skip fol rogge. Dûm wie de widdou fan lilkens. Sy sei...
nl.verhalenbank.26971
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Wy hienen froeger ien by ús, dat wie Rikele Myt, dy koe spoekje. Ien wie troud mei in dochter fan Myt. Dat wie in evenredige keardel, dêr't alhiel gjin kwea by siet. Dy sei fan Myt: "Dat wiif - ik haw har it eech út 'e kop slein. Ik siet to matteweven by de spitmuorre. 'k Siet yn 'e hûs. Ik tocht: - hwat in...
nl.verhalenbank.25406
Úlke Forwoest wenne yn Droegeham of yn Twizelerheide. Dy droech syn namme net forgees. It wie in forwoest man. En in nuveren-ien. Hy hie altyd praetsjes. Dan en dan, sei er, hied er mei de duvel fochten. En hy hie 't altyd woun. Mar op in moarntiid founen se him mei de nekke omdraeid. Doe hie de duvel it dan fan hìm woun.
nl.verhalenbank.19316
1