Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wie in boerke, dat hie forlet fan jild.
Doe kom de âld feint by him, dy sei: "Ik woe dyn siele wol keapje."
"Dy kinst àl krije," sei 't boerke, "mar dan mast my dizze lears fol jild leverje."
"Nou," sei de âld feint, "dat nim ik oan. Hingje dy lears mar oan 't groubynt yn 'e skuorre. Mar as ik him fol ha, dan pak ik dy direkt."
"Bêst", sei 't boerke,...
nl.verhalenbank.25194
Myn omke, Auke Sipma, dat wie in hiele raren-ien.
Op in kear kaem er thús fan Rotterdam. Ik wie doe sa'n fjirtsjin jier âld.
"Sille wy fannacht by de spûken lâns?" sei er tsjin my.
"Goed", sei 'k.
Doe gongen wy nei de krûme Hinne ûnder Driezum.
Dêr spûke in fôlle mei in brijpot mei brij om 'e hals. In sleef wie der yn. Mar wy ha dêr neat sjoen.
To...
nl.verhalenbank.25828
Dy't mei de helm geboaren woarde, moest letter alles sjen, as dy helm der forkeard ôflutsen woarde.
De dokters wienen tige hyt op de helms. Dy waerden djûr forkocht.
nl.verhalenbank.29541
In omke fan my wie tachtich jier doe't er my fortelde dat er us in kear to murdejeijen west hie yn 'e boulannen. 't Wie op in nacht. Hy hie dêr in daem fornield trochdat der in murd yn in buis sitten hie. Dy buis hied er útgroeven, krekt yn 'e daem.
Doe wienen der guon oankaem, in man en in wiif. Hy hie se allinne mar heard, hy hie neat sjoen. "Donders,"...
nl.verhalenbank.25191
Frijmitselers hienen harsels oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch hienen se altyd jild en koenen se dwaen hwat se woenen. Mar 't kostte har de siele.
Hekse Harm (= Stammerige Harm) wie ek frijmitseler. Hy hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e duvel.
Hekse Harm wie net fortroud by 't fé. Hy hie de kweade hân. Hy striek mei de hân oer de rêgen fan 'e dieren...
nl.verhalenbank.29542
Bontsje Knjillis (Veenstra) wie in broer fan pake Fokke. It wie dus myn âldomke. Dy hie himsels oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch moest er alles sjen.
Hy seach altyd lykstaesjes en hast altyd by nacht.
Dan siet de duvel him achter. Dan lei er op bêd, mar hy moest er ôf. Fral winterdeis hied er dêr in ôfgrysliken hekel oan. Dan woe er net fan bêd ôf. Mar hy...
nl.verhalenbank.32218
Frymetselers hienen ek in wikseldaelder. Dy wienen dan ek oan 'e duvel forkocht en foar ivich forlern.
nl.verhalenbank.29818
Soms gebeurt it dat bern mei de helm geboaren wurde. Men mat dan it flues nei ûnderen ta der ôflûke.
Docht men it krekt oarsom, dan mat it bern letter alles sjen. Pleechsusters yn 't sikenhûs stielen sa'n helm wol. Dy drage se by har. Dan binne se feilich.
Se wurde ek wol forkocht. Dy't sa'n helm by him hat, dy is kûgelfrij.
Se sizze dat alle frijmetslers...
nl.verhalenbank.32221
Der wie in skippersfeint, dy haw ik wol kend. Hy foer mei in âld man op in skip, dy wie ôfkomstich fan Doezum. Sy foeren mei turf. Sy wennen dêr yn in lyts foarûnderke. Op in kear soe de skipper dêr kofje ynjitte, mar as er de kofjepot krije soe, dan wipte dy fuort. Dan grypte dy skipper der nei, mar dan wipte er wer fuort. De feint siet der by to gnizen....
nl.verhalenbank.26320