Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ien dy't in wikseldaelder hat, hat himsels oan 'e duvel forkocht. De wikseldaelder komt altyd wer by deselde dy't him útjown hat.
nl.verhalenbank.19939
Taeke wie mei de helm geboaren. De kreamheinster hat by syn geboarte de helm forneatige. As dat net it gefal west hie hied er alles sjen matten. Nou hoefde hy der nachts net út. Hy seach allinne dat hwat tafallich op syn paed kom.
Der woarde wol sein dat de dokters dy helms djûr forkochten oan ofsieren en sélju. De ofsieren binne dan kûgelfrij, wurdt der...
nl.verhalenbank.28772
Fan 'e frijmetselers mat der om 'e 7 jier ien dea. Dat wurdt troch it lot bislist. Frijmitselers ha noait forlet fan jild. De iene helpt de oare altyd. Dat jild komt fan 'e duvel. Dêr binne se oan forkocht. Ienkear frijmitseler altyd frijmitseler. Jy kinne der net wer by wei. Hja hawwe in aparte frijmitseler-tsjerke. Dêr sitte de glêzen boven yn. Dan kin...
nl.verhalenbank.37250
Op 'e joademerk (it Saeilân) to Ljouwert stie froeger in koopman, dy forkocht fytsbannen. Mar deselden dy't guon kochten, rekken se altyd wer kwyt. Wienen se ûnderweis nei hûs ta dan hienen se ynienen de bannen net mear. Se kommen altyd wer by de koopman tolânne
nl.verhalenbank.19940
Us heit dy hat by in boer wenne, dat wie yn 'e buert fan Grypskerk of sa. Dy boer hie in souder fol sied.
Mar dy boer woarde siik en hy sei: "Dit komt net goed mei my. Tink der om, as ik der aenst net mear bin, matte jimme 't sied oer de kop sette."
Dat biloofden se, mar se dienen it net, doe't er dea wie.
It woarde forgetten. De minsken hienen it to...
nl.verhalenbank.28828
Myn pake Mike Ruerd hie in wikseldaelder. As er forlet fan jild hie die er mar even de pet ûnder 'e tafel. As er him wer tofoarskyn helle hied er wer jild.
Pake hie him foar dy wikseldaelder oan 'e duvel forkocht.
De âld man is ek net noflik stoarn.
nl.verhalenbank.33198
Edzer Sint fan 'e Harkema hie in wikseldaelder. Dêr hat er de namme sint fan krigen, omt er altyd wol sinten om hannen hie. Deselden dy't in wikseldaelder ha, ha har forkocht oan 'e duvel.
nl.verhalenbank.20046
Sterke Hearke wie al âld. Hy wie al in ein oer de tachtich en 't wie mar even foar syn dea. Hy wenne hjir flakby oan 'e Lytse wei. Hy handele doe yn tsiis. Us heit hie tsizen foar him meinom út Bûtenpost. Dy brocht er nei Hearke ta.
Hearke woe dy tsizen bisjen. 't Wienen guon fan sechstich poun.
Hearke wie doe al net goed en siet yn 'e hoeke fan 'e...
nl.verhalenbank.19561
Der wennen guon yn 'e Harkema, dy hienen in wikseldaelder. Dy hienen har oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.20387
Yn 'e Harkema wennen froeger tsjoensters. Hast alle lju hienen wol duveldrek ûnder 'e drompel of ergens oars yn 'e hûs. Dat kochten se by David de Vrieze yn Drachten. Dy sei op in kear, doe't der wer ien kom om duveldrek: "Jo matte even geduld dwaen, de duvel sit noch op 't húske."
nl.verhalenbank.19921