Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Oan 'e Dwarsfeart by Drachten wenne âlde Okke. Hy foer mei de môlkpream de Marrewyk lâns nei 't molkfabryk ta. Dêr wie in nachtmerje, dy't wenne yn in holle wylgenbeam, midden oan 'e Marrewyk. It wie in lang frouminsk yn lange klean. Hja sprong soms samar oer syn skouders hinne. Hja moasten altyd tige hoeden en stil wêze, om dy nachtmerje net to steuren.
nl.verhalenbank.11533
Heit syn famylje dat wie séfolk. Se wennen yn Oerterp.
Dêr stiet noch in hûs, dêr't se yn wenne ha, mei in anker der yn. Yn 'e muorre is dat mitsele. Dat hûs ha se restaurearre.
Op in kear wienen se op sé. Dêr kom in moai skip oan dat hiel hurd farde, hwant it hie gjin lading. It wienen rovers. Dy woenen it oare skip mei alle hebben en hâlden ha. Mar de...
nl.verhalenbank.12195
Yn 't foarige wie 't yn 'e Wierren (ûnder Nyegea) noch allegearre heide. Op in kear seach ús mem samar troch dy heide skippen farren mei de lantearne yn 'e mêst. Jierren letter waerden dêr twa fearten groeven. Ien dêrfan is de polderfeart, dy't yn Earnewâld útkomt. Dêr farden letter skippen.
nl.verhalenbank.11502
Nachtmerjes farre yn in tobbe oer de mar. Twa skrinkelbonken binne har rimen.
nl.verhalenbank.23358
Der wienen in man en in frou, dy wennen yn in skipke. Mar dat skipke wie sa min en sa wrak, dat sy koenen der net mear mei farre. Sinten foar in oar skip wiene der net, en der mast dochs hwat fortsjinne wurde. Dat sy sieten slim forlegen.
Op in kear wie 't minske allinne thús. Sy wie och sa treurich gesteld. Dêr kom in mynhear oan. Dy sei: Jo sjogge sa...
nl.verhalenbank.12193
De mem en beppe fan myn skoanmem soenen op in jountiid nei de tramhalte ta yn Nyegea om harren man (en heit) ôf to heljen. Sy wisten noait hoe't er thúskomme soe, hwant hy brûkte wol us drank en dan wie 't net fortroud, dat er allinne roan. Doe seagen dy twa froulju ûnderweis yn 'e Wierren (ûnder Nyegea) skippen farren op it lân. Letter is dêr in feart...
nl.verhalenbank.12308
It wie yn 'e simmer en fier foar myn tiid. Doe foeren der skippers oer de Galle by Grou. Dy kommen fan Ljouwert. Sy seagen samar ynienen in baen mei ridersfolk. It wienen dûbelde banen. Alle minsken dy't op en by de banen wienen sakken troch it iis hinne en forsûpten. It wie in allerfreeslikst gejammer.
Letter wienen de minsken fan Grou altyd skruten om...
nl.verhalenbank.11574
To Aldegea wenne in boer, dy hiet fan Harmsma. Hy helle hea fan 'e Headammen mei syn beide arbeiders. Dat wienen Foppe en Alle. Dat hea woarde op in pream laden en dêr farden se mei nei Aldegea ta. De nachts slepten de boer en de arbeiders yn 't hea op 'e pream.
Mar de boer koe net yn 'e sliep komme. Hy seach dy nachts klear dat der allerhande folk oer de...
nl.verhalenbank.11564