Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Dutch Keywords: varen Place of Narration: Drachten
Alde Piter Melles mei twa soannen dy foeren mei trije fiskersaken - elk ien - de Lange Sleatten del. Linse hie de bêste aek, mar dy koe dy kear net meikomme. Doe rôpen se oan him, hwat der oan mankearde. Doe sei er: "Ik ha de duvelsein foar op 'e aek sitten." Dat wie de Lange Sleattener man. Dêrtroch koe er sa hurd net, dy kearde de boel. Doe gong de...
nl.verhalenbank.24851
Der wie in séman, dy hie in papegaei. Dy séman hie ek in wiif, mar hy mocht syn wiif net lije. De papegaei hied er oan board yn syn hut yn in kouwe. Jouns dan wienen se faek by elkoar. Dy papegaei, sa as papegaeijen dogge nom de wurden fan 'e séman oer. Dan sei dy man yn himsels: "Dat duvelse wiif mat dea, godfordomme." It duorre net lang of de papegaei...
nl.verhalenbank.33387
Der wie in boer dy soe nei Ingelân ta, mei de nachtboat. Doe wie der in Ingelsman oan board, dy sei: "A fine light night." Doe sei dy boer: "Nou, dan weet ik het ook nait." "Hwat do you say, sir?" frege de Ingelsman. De boer woarde lulk. "Hwat dochstû op sé," sei er tsjin 'e Ingelsman, "dû bist sels in âlde seur."
nl.verhalenbank.32895
Oan 'e Dwarsfeart by Drachten wenne âlde Okke. Hy foer mei de môlkpream de Marrewyk lâns nei 't molkfabryk ta. Dêr wie in nachtmerje, dy't wenne yn in holle wylgenbeam, midden oan 'e Marrewyk. It wie in lang frouminsk yn lange klean. Hja sprong soms samar oer syn skouders hinne. Hja moasten altyd tige hoeden en stil wêze, om dy nachtmerje net to steuren.
nl.verhalenbank.11533
Mem en heit ha ek fard. Sy leinen us op in nacht by de Rolbrêge, oan diz kant de Tynje. Sy soenen op bêd. Njonken 't roer fan 't skip kom hwat út it wetter, dat gong by 't roer op en oan 'e oare kant der wer by del. Hyltyd hinne en wer, al mar troch. Mem en heit binne dyselde nachts noch forfard. Sy woenen dêr net bliuwe. Mem hat der letter nei frege hwat...
nl.verhalenbank.16841
Yn Easterlittens wenne in skuonmakker. Hy en syn wyfke hienen it tige krap. Mar hy sei tsjin har: "Ik ha altyd noch in hope." De frou sei: "Lit dy hope mar farre. Wy sitte yn 'e earmoed en wy bliuwe yn 'e earmoed." Mar de skuonmakker joech de hoop net forlern. Op in nacht droomde hy. Doe sei er de oare moarns tsjin syn frou: Ik droomde, der kom in frou...
nl.verhalenbank.27071
Der wie in skatrike widdou, dy wenne yn Stavoren. Sy hie allegear skippen op sé dy't nei fiere lannen farden om dêr handel to driuwen. Op in kear sei se tsjin ien fan 'e skippers: "Nou mast foar my it allermoaiste meinimme hwat der mar to krijen is." Nei in lange reis komt dy skipper werom. Hy hat it skip fol rogge. Dûm wie de widdou fan lilkens. Sy sei...
nl.verhalenbank.26971
Wy leinen noait mei 't skip foar de Miuwmerswyk, as it mar eefkes koe, hwant dêr gong 't altyd op in spûkjen. Dêr wienen altyd alderhande lûden. Sy sloegen dêr nachts yn 'e skoat om en sy sloegen tsjin 'e blokken oan of sy goaiden in boom om, wylst der doch neat to sjen wie.
nl.verhalenbank.29300
Durk Bekker sei ek, hy soe der noait op útfarre op 'e earste moandei nei nijjier.
nl.verhalenbank.32697
Oan 'e feart fan Bakkefean nei Sigerswâld, dêr't in pomp ûnder 'e feart is, dêr doogde it net. Heit en dy farden dêr ris lâns, de kant nei Sigerswâld út. Doe seagen se op 'e wâl in dier rinnen, 't like op in greate swarte houn. Dat koenen se net goed sjen, hwant it wie skimerich. Dy houn bleau by 't skip lâns rinnen, oan Sigerswâld ta. Heit biwearde, dat...
nl.verhalenbank.29304
Meine Wykstra wie in âld turfskipper, potskipper en dongskipper. Hy placht wol faek by ús to kommen en hat wol hea foar ús helle. Op in kear fortelde er, hy wie ris in kear op it wetter. Doe rôp der in stem: "De tiid hat der west, de man is der net!" Se farden in eintsje fierder, doe wie de feint bûtenboard rekke en hy wie der net wer útkomd. Dit gebeurde...
nl.verhalenbank.36903
Der sieten us hwat manlju byinoar yn 'e herberch. 't Is al hiel lang lyn. Sy hâldden in weddenskip. Ien fan 'e mannen woe biweare, dat der soenen skielk izeren skippen farre. Dat woenen de oaren net leauwe. De skippen soenen altyd fan hout bliuwe. Izer dat soe sinke. Doe sei de man: "Ik sil 't jim biwize." Hy sei tsjin 't kastleinske: "Ha jo in izeren...
nl.verhalenbank.27428
Ynse wie in grouwe, greate keardel. Hy wie noait hastich. Hy baggere by Klaes-om. In oar farde altyd mei de baggerbakken, mar hy nom se ûnder 'e earm en tilde se sa nei 't plak dêr't se wêze moesten. "Ik wol net farre", sei er.
nl.verhalenbank.19688
Ik ha froeger as boerefeint yn Goaijingahuzen tsjinne, dat leit tusken Grou en Headammen. Ik hie forkearing mei in faem yn Sumarreheide. Snein-to-jouns gong ik altyd nei de faem ta. Dan moest ik earst mei de boat nei de Headammen ta, hwant dêr wie allinne mar forkear oer 't wetter mooglik. Dêr yn 'e Headammen stie in herberch en dêr kocht ik dan earst...
nl.verhalenbank.33329
Yn 'e Rotfalle wenne in mounder, in sekere Kuipers. Dy seach dingen foarút. Hy hie op 'e Alpen stien yn 'e Harkema en doe seach er séskippen farren yn 't Knjillisdjip. Dat wie om 1880 hinne. Letter is 't kanael forbrede en nou farre der geregeld séskippen lâns. Ek sei er, dat se sûnder tried troch de loft iten bistelle koenen to Londen. Dat is letter echt...
nl.verhalenbank.26255
35