Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
38 datasets found
Dutch Keywords: varen Narrator Gender: female
Achter de Saiter, dêr koe noait in skip lizzen bliuwe. Wy ha wol mei guon praet, dy't dêr nachts weifearn binne. Dan wienen de touwen samar fansels los gong. Soks is dêr faek gebeurd. Se seinen dat dat it wurk fan 'e lange Sleatterman wie. 't Is Hattum Hoekstra fan Earnewâld ek al us in kear oerkaem. Hy is doe midden yn 'e nacht nei Warten fearn.
nl.verhalenbank.21046
Us soan Fokke en Kees en noch ien wienen mei har trijen op 'e Burgumermar yn in sylboatsje. 't Wie blakstil en in gleonhite simmerdei. Hja koenen net sile, sa stil wie it. Doe foel Kees yn it boatsje op 'e knibbels del en dy bigoun to bidden. "Here," sei er, "geef ons een klein briesje." De wurden wienen der noch net út of dêr bigoun it to stoarmjen. De...
nl.verhalenbank.30148
Heit dy fortelde fan in kanael, de Strobosker trekfeart. Doe't dat kanael der noch net wie, seach heit dêr de skippen al farren. Heit wenne yn Sânbulten.
nl.verhalenbank.29626
Sterke Harmen, út it forhael fan it sûkerskip, Harmen Munniksma sa 't der folút hjitte, foer mei twa broers, hast like sterk en great as hy, op in skip, dat skulpen fan 'e sûgers helle. De Makkumers neamden it it reuzenskip. Sa fortelde my in famyljelid fan him, in de Haan út Makkum, hy koe sawn fjirder (in fjirder is plm 70 poun) ierpels tille, to witten...
nl.verhalenbank.50534
Us âlde beppe wie yn tsjinst by de boer. Dêr tsjinne ek noch in oare faem by dy boer. Dy faem hie forkearing mei in feint, dy't op sé fard hie. Op in kear doe nom dy feint har in koeke mei. Dy koeke die de faem yn ien fan 'e koperen earnamers, dy't oan 'e souders hongen, yn 'e keuken. Doe sieten se dêr in kear to iten. Beppe sjocht omheech en dy iene...
nl.verhalenbank.23907
De bûzehappert De skriuwers út 'e earste helte fan 'e foarige ieu hawwe it al oer de bûzehappert. Dat wie in kwea wetterwêzen, dêr't men jin mar foar te wacht nimme koe. As men de lju yn ús krite der nei freget, hawwe guon der noch wol fan heard, mar folle witte se der net oer te fertellen. Hoe't syn uterlik is, minsklik, duvelsk of dierlik, haw ik ek...
nl.verhalenbank.13727
Heit fortelde: Der wie in skip, dat farde út. Doe't se goed en wol op sé wienen, kaem der in mearmin by 't roer. Dy klaude by 't roer op en kaem op it skip. Doe smieten se dy mearmin der út. Dy mearmin hie mei de sturt slein. Doe forgong it skip. Dit mat achter Dokkum gebeurd wêze.
nl.verhalenbank.34563
De fersonken stêd Warten En spoarleas gyng it nei de grûn Mei minske, hûs en toer; En neat fan alles is der bleaun, Sa stiet yn d'âld kronyk beskreaun; No streamt er't wetter oer. Sikke Koldyk 'Ik ha oars net heard, as dy fersonken stêd lei yn 't Wartenster Wiid. Se sizze ek altiten: as it hiel moai waar is en tige, tige stil, dan kin men de âlde...
nl.verhalenbank.13718
Der sieten ris twa Westereinders op in joun yn in boatsje in eintsje fan 't spoar ôf op 'e Swemmer. Doe seagen se dat dêr op it spoar in ding hinne en wer roan. It wie in wyt ding, dat gong by de brêge del en kom flak by de boat yn 't wetter. Doe soenen se der op slaen mei de rym (= spaan), mar doe wie 't ding fuort. (in swager fan my wie ien fan dy beide...
nl.verhalenbank.23768
Oan 'e Dwarsfeart by Drachten wenne âlde Okke. Hy foer mei de môlkpream de Marrewyk lâns nei 't molkfabryk ta. Dêr wie in nachtmerje, dy't wenne yn in holle wylgenbeam, midden oan 'e Marrewyk. It wie in lang frouminsk yn lange klean. Hja sprong soms samar oer syn skouders hinne. Hja moasten altyd tige hoeden en stil wêze, om dy nachtmerje net to steuren.
nl.verhalenbank.11533
Jankemuoi wie in hiel âld minske, dy wenne hjir tichteby. Hja wie alhiel dôf en hie in soan by har yn 'e hûs wenjen fan sa'n fyftich jier. Dat wie Jan, 't wie in neef fan my. Op in kear hie Jan nei de Tille ta west to boadskipjen. Mei de boat. 't Wie op 'e joun. As er fuort wie die âlde Jankemuoi de doarren al bitiid fêst. Dy jouns hie se dat ek dien. Hja...
nl.verhalenbank.29696
Der lei in skipper yn Dokkum by de Bonifaciusfontein. De man die noait in slach en leefde der goed fan. Hy hie twa soannen. Hy hie in sokke of in hoas, dy brocht er nou en dan ûnder 'e piip dy't oer de Strobosker feart lei. Dy hong er oan in toutsje. Dêr ûntfong er it jild yn. Dat krige er fan 'e duvel, dêr 't er him oan forkocht hie. Dêr leefden se fan.
nl.verhalenbank.21008
Skip of pream fêsthâlden yn 'e Langemear 'By de Langemear hie men ek wol spoekerij ûnder wetter. Dan kloeten se en dan koenen se net fan 't stee komme. Dan leauden se, dat it spul fan ûnderen fêsthâlden waard en dat hjitten de wettergeasten of sokssawat te dwaan. It wie de baas, dat se mar foar de wâl lizzen gongen en har útsliepten. Soms waard der tige...
nl.verhalenbank.13723
Mem en heit ha ek fard. Sy leinen us op in nacht by de Rolbrêge, oan diz kant de Tynje. Sy soenen op bêd. Njonken 't roer fan 't skip kom hwat út it wetter, dat gong by 't roer op en oan 'e oare kant der wer by del. Hyltyd hinne en wer, al mar troch. Mem en heit binne dyselde nachts noch forfard. Sy woenen dêr net bliuwe. Mem hat der letter nei frege hwat...
nl.verhalenbank.16841
Der wie in skipper dy seach by de Potmarge altyd in neaken berntsje, dat by him by 't roer opkaem. It wie dúdlik dat it berntsje in winsk hie. Hy helle der in doomny by en doe sei it berntsje, de skipper moast nei de Wurdemerdyk tagean yn Ljouwert op dy en dy tiid. Dan soe dêr in dame rinne yn 't swart, dy't in pakje yn 'e hân droech. Dat pakje moast er...
nl.verhalenbank.21010
Mien man had ou dorover ok van alles kunnen vertelle. ’t Is gebeurd ien Aardt, woar mien man geboren is. On ’t pontvèr in Aardt wier van den aandre kant soaves duk hard geroepe: “Hol mien over”. Mar as ie dan mitte pont overvoarde, was er gin mins te zien. Op ’n keer bleef ’t geroep wer den helen oavend on de geng. De verman wier op ’t les ’t geroep muuj...
nl.verhalenbank.50158
Heit syn famylje dat wie séfolk. Se wennen yn Oerterp. Dêr stiet noch in hûs, dêr't se yn wenne ha, mei in anker der yn. Yn 'e muorre is dat mitsele. Dat hûs ha se restaurearre. Op in kear wienen se op sé. Dêr kom in moai skip oan dat hiel hurd farde, hwant it hie gjin lading. It wienen rovers. Dy woenen it oare skip mei alle hebben en hâlden ha. Mar de...
nl.verhalenbank.12195
Us mem fortelde, skeef oer de Wierren nei de Sumarreheide seagen guon in skip silen oer de heide yn froeger tiid. Letter kom dêr in opfeartsje, fan Aldegea ôf. Dêr farden doe wol skippen.
nl.verhalenbank.25936
Op in kear farde Jehannes Meerstra de feart fan Feanwâldsterwâl del. Doe kom er by 't hiem fan Jan Alberts lâns. Dy syn hinnen wienen allegear yn 'e tún. Jehannes sei even tsjoeh - en dêr fleagen alle hinnen hinne as wylden en keakelje dat it hwat die. Sy fleagen allegear oer de nael fan 'e skuorre hinne, dat Jan Alberts woarde al sa kjel as hwat.
nl.verhalenbank.24156
De tjatteljúed Yn santienheunderd en nach wat straunge der in Sweedsen bark om aiste. De njúegen seejúed gingen fan beues. Ja nomen de moge, de scheepstjattel, der't it yten yn kôke wes, mooi, want ja seine: 'As wy by necur wooi retje, dan jeeuwe wy in slach op 'e moge, dan kin de iene here, wer't de eeure sit'. Yn twa plúegen satten se oof, maar ginien...
nl.verhalenbank.12180
35