Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: varen Place of Narration: Leeuwarden
De fersonken stêd Warten En spoarleas gyng it nei de grûn Mei minske, hûs en toer; En neat fan alles is der bleaun, Sa stiet yn d'âld kronyk beskreaun; No streamt er't wetter oer. Sikke Koldyk 'Ik ha oars net heard, as dy fersonken stêd lei yn 't Wartenster Wiid. Se sizze ek altiten: as it hiel moai waar is en tige, tige stil, dan kin men de âlde...
nl.verhalenbank.13718
By de Wissedwinger to Ljouwert wie 't Spoekesteechje. Dêr doogde it net, seinen se. Yn 't Spoekesteechje stie in snobberswinkeltsje. Dêr kochten wy as bern wolris snobbersguod foar in sint. Yn dat winkeltsje wenne Oud-moedertje. Dat wie in tsjoenster, seinen se. Dy fortelde 't forhael fan in berntsje - in neaken berntsje, dat by in skipper by it roer...
nl.verhalenbank.33584
It spoek en de silerij 'Der waard ek ferteld, dat it skip sûnder oanwiisbere oarsaak sa mar mei de kop yn 'e wâl rûn, of dat de smid it skip op 'e side treau of dat it roer omskuord waard. De skippers moasten foaral op har iepenst wêze op it momint dat in reinbôge mei ien poat op it lân stie, want as de smid dan tichteby wie, koe er twa dingen dwaan— hy...
nl.verhalenbank.13708
De Man en syn basis 'Yn dy hiele omkriten fan Earnewâld en Warten koe it barre, dat men mei de smid te meitsjen krige. Dat kaam trochdat er net wist, wêr't syn skat bedobbe wie. Dus oeral wêr't er op sa'n stuit tochte, dat er sykje moast, koe er in skip de wâl ynstjoere of tsjinhâlde of hurder farre litte' (S. de B.).
nl.verhalenbank.13655
Skip of pream fêsthâlden yn 'e Langemear 'By de Langemear hie men ek wol spoekerij ûnder wetter. Dan kloeten se en dan koenen se net fan 't stee komme. Dan leauden se, dat it spul fan ûnderen fêsthâlden waard en dat hjitten de wettergeasten of sokssawat te dwaan. It wie de baas, dat se mar foar de wâl lizzen gongen en har útsliepten. Soms waard der tige...
nl.verhalenbank.13723
De boaiem fan it farwetter omheech 'Der waard ek wol ris sein, dat op it stuit dat men der mei it skip oan farren kaam. de boom fan 'e feart ynienen omheech riisde en dat it skip fêstrûn en net fierder koe. Miskien hat der wol ris in skipper op in grutte reidpôle of sa sitten, mar yn alle gefallen, it hiet, dat de smid fan Earnewâld de boom fan'e feart...
nl.verhalenbank.13706
Der wienen freonen fan ús, dy farden mei in skip. De frou forlear har suster. Der wie hwat net yn 'e heak mei dy suster, hja hienen ergens net oan foldien by har dea, hwant dy suster strúnde nachts by harren skip om. Op in kear doe kom se midden yn 'e nacht by harren en doe sei se tsjin har suster: "Nou woe 'k graech datste datselde, dêr't ik rjocht op...
nl.verhalenbank.28546
Alde Van Noord wie beurtskipper. Hy farde wyks twa kear fan Ljouwert nei Amsterdam. Op in kear wied er op 'e Sudersé. It bigong hiel bot to waeijen. Doe gong er foar anker lizzen, midden op 'e sé. En doe hienen se om har hinne sjoen, doe hie der in sémearmin op 'e achterkant fan it roer sitten.
nl.verhalenbank.28581
It spoek lûkt of skoot mei 'Ik ha ek al ris heard, doe foeren der twa bruorren mei in pream en de iene rûn yn 'e line. En ynienen tocht er, wat giet dat licht. Doe stie der ien ûnder dy pream en treau him foarút. Dat moat de Langesleatten man west ha. Op 't lêst rôp de man yn 'e line oan syn broer yn 'e pream: Wat dochsto? It is krekt as lûk ik him net....
nl.verhalenbank.13701
1