Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
Pake fortelde, der hie yn 'e Harkema us in man west, dy hie de nachtmerje fangd en dat wie letter syn frou woarn.
Woe men in nachtmerje keare, dan moest men it slotsgat tichtmeitsje en moal struije op 'e bêdden.
nl.verhalenbank.21389
In nachtmerje is in frommeske, ien fan sawn dochters, as se op elkoar folgje. Sy komme troch 't slotsgat yn 'e hûs, Der wie in boer, dy hie in hynder, dat woarde faek troch de nachtmerje biriden. Dêr hie 't dier gâns hinder fan.
Doe struide de boer it hynder ris in kear moal op 'e rêch. Doe koe de nachtmerje der net wer ôf komme. De oare moarns siet se...
nl.verhalenbank.23532
Ien fan sawn famkes is in nachtmerje.
Sy komme troch 't slotsgat. Se ride ek op hynders om. Dan krije dy dieren 't ôfgryslike binaud, dan skoppe se der oer. En har bealch wurdt dweiltrochwiet fan swit. Dy nachtmerjes meitsje flechtsjes yn 'e moanjes.
Nachtmerjes kin men net fange, se binne glêd.
Men kin 't bêst moal op bêd struije om se to kearen.
Ik...
nl.verhalenbank.19525
In nachtmerje komt ta 't slotsgat yn.
Op in kear kom der in nachtmerje by in widner mei trije bern. Dy man hie moal op it gesicht struid en doe koe dy nachtmerje net wer fuort komme. De oare moarns wie se noch by him yn 'e hûs.
"Jo ha my fangd", sei se tsjin 'e widner. Sy koe net wer fuort komme, hwant sy hie moal oan har en in nachtmerje mei neat...
nl.verhalenbank.12351
De nachtmerje, dat wie de duvel.
Se seinen, as se de nachtmerje hawn hienen: "De duvel siet my op 't boarst. De duvel smoarde my hast." Se ha wol probearre de nachtmerje mei de hannen to pakken, mar sy koenen him noait krije. As se der nei taestten wied er al wer fuort. De nacht-merje kom ek wol yn 'e gedaente fan in frommes. Sy wie sacht oer de hûd en sa...
nl.verhalenbank.19974