Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Dutch Keywords: vader Narrator Gender: male Place of Narration: Houtigehage
Jan van der Woude, syn broer, wenne yn Grinzer Pein. Dy hie in dochter Bintsje en dy wie siik. Sy seinen: "'t Berntsje is bitsjoend." Doe gong Jan nei Frânse Hinke ta, dat wie in duvelbanster yn 'e Rotfalle. Dy joech him in fleske guod mei. Sy sei, hy moest meitsje dat er dêrmei thús kom en foaral net òmsjen, hwant dan kom der ien, dy soe it fleske...
nl.verhalenbank.23726
Der wie in âld minske - ik haw har noch wol kend, - dy hie altiten lêst fan 'e duvel. Dy duvel, dy kom by har as se by de wasktobbe stie. It wie in lyts keardeltsje, mei in hoed op. Dan sei se: "Duvel, dû krigest my net, hwant ik hâld it mei ús leaven Hear." (Har heit wie âlde Bouke-duvel. Dy sei altyd: "O duvel, duvel, duvel." Op in kear siet er dea...
nl.verhalenbank.25424
Doe't ús heit al min wie, hearden wy by ús op in nacht timmerjen en weibrekken fan planken. Mar der wie neat to sjen. Wy wennen yn in foech krot, dat doe't ús heit der ôf rekke, sa'n fjirtsjin dagen letter, koenen se de kiste net yn 'e hûs krije. Doe moesten der planken útbrutsen wurde. Dat wie itselde lûd dat wy in fjirtsjin dagen fan tofoaren dy nachts...
nl.verhalenbank.19586
Hjir hat in âld man wenne yn 'e Houtigehage, dat wie de heit fan Japik en Jille Pultrum. Dy âld man makke kuorkes dy't se by 't jirpelsykjen brûkten. Dy kuorkes makke er by him thús yn 'e hûs. Dan leinen der allegear tienen oer 'e flier, hy hie 't dêr drok mei. Op in joun doe't er ophâldde, soed er de boel hwat oprêdde, lyk as altyd. Doe wie 't krekt as...
nl.verhalenbank.37684
Der wienen twa doomnys, de iene kom fan 'e Kompenije en de oare fan 'e Rotfalle. Dêr sieten ik en Jan ek by. Doe hienen se 't oer de geboarte fan Jezus. Jozef, dat wie net de echte heit fan it bern. "Né," sei ik, "hy is fan de Hillige Geast." Doe seinen dy doomnys: "Né, dêr is neat fan oan, dy hat it allinne mar bisocht." Doe sei ds. Warners tsjin my:...
nl.verhalenbank.28404
Oan 'e Mûzegroppewei hat Sytse Bates syn dochter en himsels fan kant makke. Hoe bot as se dy muorren ek skrobben en bjinden, it bloed wie der noait wer wei to krijen.
nl.verhalenbank.23784
Op 'e hoeke fan 'e Houtigehage wennen froeger Sjoerd Frânses jonges, Jan en Auke. Dy wennen dêr mei har heit en mem. Auke en Jan gongen der in bulte togearre op út to mollefangen en to murdejeijen. Op in nacht wienen se togearre op 'e Skieding by de Jankedobbe to murdejeijen. De hounen founen in murd, mar sy woenen net nei dy murd ta. Doe sprong der Auke...
nl.verhalenbank.37693
Ek us in kear doe gong Piter Mook de Hegewei del mei syn dochter. Doe sei er: "Wy matte oan kant, der komt hwat oan." Sy gongen oan kant. Der gong in lykstaesje foarby. De oare deis waerd dyselde bigroeven.
nl.verhalenbank.23780
In âld man fortelde my, der wie in minske stoarn út in húshâlding wei. Hja wie de mem fan trije bern. Doe't dat minske al in skoftsje dea west hie, seinen de bern: "Heit, mem hat hjir hjoed ek west." "Dat kin net", sei de man. Hy wie oerdeis oan 't wurk. Mar it gebeurde al us wer en al us wer dat de bern seinen: "Mem hat der west. Hja hat by de tafel...
nl.verhalenbank.23838
Ritske dy wenne hjir yn 'e Houtigehage. Hy hie in fanke, dy tsjirme altyd, dat wie gjin goed spul. Jehannes Wyts wenne hjir foar by de wei. Dat wie in tsjoenster, dy fortrouden se net. Op in kear soe Ritske to streupen nei Oerterp. Doe kom der in dikke wite kat by harren. Ritske soe op 'e kat sjitte, mar hy koe der gjin skoat op krije. Hy gong de kat...
nl.verhalenbank.23781
De hûskes stienen froeger bûtendoar. 't Wienen trijehoeken. Twa famkes sieten op in joun yn Houtigehage op it hûske. Doe kaem de heit der oan en dy sei: "Ik ha wolris twa famkes op it hûske sitten sjoen, mar noch noait trije." Doe waerden dy famkes sa bang, dat sy fleagen yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.37465
Jan hiet de man. Der wie in dochter yn 'e hûs, dy hie forkearing. Har feint hiet ek Jan. Jan kom us ûnforwacht, doe soenen se krekt ite. It minske hie op trije man rekkene en sei tsjin har man: "Nou Jan, skik oan." Jan, de feint, sei: "'k Lit my net noegje", en hy skikte oan. Doe rekke de man sûnder iten. Letter kom Durk Heide by dyselde minsken. Dy soe...
nl.verhalenbank.24030
Antsje Snipel wie hjir froeger de kaertlizter. Dêr reizge hiel hwat jongfolk hinne. Ik wie to Ljouwert oan 't wurk. 'k Wie noch jong, sa'n tritich jier. Mei in stik of hwat maten gong ik op in joun dêr nei in kaertlizter ta. Hja frege of wy troud wienen. Hja krige my by de hân. "Jo krije in ûngelok", sei se. "Ha 'k al in pear kear hawn", sei 'k. "Dit...
nl.verhalenbank.22035
Germ Smous (= Greate Germ) en syn soan Steven wienen ek us in kear by de Bearnedaem. En doe seach Steven in gedaente op 'e wei: 't like wol in frommes. It biweegde. Germ sei: "Giet it of sweeft it?" "It sweeft", sei Steven. "Set dan sok", sei Germ (Germ hat dit faek forteld. "Doe koe dy bliksems jonge ek noch folle hurder rinne as ik", sei er.)
nl.verhalenbank.23729
Myn heit sei altyd tsjin ús: As jim by jountiid fuortgean, rin net midden op 'e wei, mar altyd oan 'e kant.
nl.verhalenbank.24244
35