Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 datasets found
Dutch Keywords: vader Narrator Gender: female Place of Narration: Nijega
Der wienen minsken, dy hienen in bern, dat tsjirme. Sy tochten: Hoe moat dat dochs komme? Njonken har wennen minsken sûnder bern. De heit fan it sike berntsje sei: It buorwiif kin ús bern wol ris bitsjoend ha. Dat sei er ek tsjin 'e buorman. Kin it wêze, sei er, dat dyn wiif ús bern bitsjoend hat? De buorman woe dêr neat fan wite. Hy sei: Myn wiif is sa...
nl.verhalenbank.11557
Der wie in fanke, dat soe trouwe mei in roomske man. Sels wie se net rooms. Har heit wie hiel bot op dy trouwerij tsjin. Op 'e dei dat se trouwe soenen hied er in ein peal meinom. Dêr soed er ien fan harren mei deaslaen. Underweis trof de pryster him. Dy soe it jonge pear trouwe. "Man, jo binne wapene. Hwat sille jo?" frege de pryster. De man sei sa en...
nl.verhalenbank.11545
Achter Goaijengeahuzen wie ús heit yn 'e ûngetiid, mei noch inkelde oaren. Ynienen hearde hy in freeslik gejammer fan in bern. Mar der wie neat to sjen. Krekt in jier letter yn 'e simmer waerd it slim swier waer. Doe hearde heit wer itselde gejammer. It kaem út in tinte wei, dêr tichteby. Dêr jammere in jonkje yn. Syn heit wie troch de wearljocht rekke en...
nl.verhalenbank.11535
Hwat ik nou fortel gebeurde de kant út fan Earnewâld. It sil sa 'n tachtich jier lyn wêze. Myn heit (Megiel) en noch ien wienen yn in pream. Sy moesten it ien of oar ophelje. Of it nou stien wie of turf fan Beets, dat wyt ik net. 't Wie yn 'e nacht, en sy farden yn 't goede farwetter. Sy koenen it paed goed. Doe gebeurde it dat se samar yn hiele lytse...
nl.verhalenbank.23356
Us heit wie yn 'e ûngetiid by in boer yn Goaijingeahuzen. Dêr wie ek in feint, dy hiet fan Jetse. 't Wie sahwat yn 1905. Jetse hie altyd in soad lêst fan 'e nachtmerjes. "By de jounsbrogge," sei heit, "as wy mei de hannen gear sieten en efkes troch de fingers hinne seagen, dan seagen wy de nachtmerje der wol ynkommen. De feint waerd bleek en mitrich en...
nl.verhalenbank.11485
Op 'e Sumarreheide forskynde altomets in neaken berntsje by lju yn 'e groppe. In man, dy't dêr net wenne, seach it op in kear mei ljocht-moanne-waer. De heit hie it berntsje gjin bierklean jown, doe't it stoarn wie. Nou koe it berntsje de rêst net fine.
nl.verhalenbank.11486
Heit syn famylje dat wie séfolk. Se wennen yn Oerterp. Dêr stiet noch in hûs, dêr't se yn wenne ha, mei in anker der yn. Yn 'e muorre is dat mitsele. Dat hûs ha se restaurearre. Op in kear wienen se op sé. Dêr kom in moai skip oan dat hiel hurd farde, hwant it hie gjin lading. It wienen rovers. Dy woenen it oare skip mei alle hebben en hâlden ha. Mar de...
nl.verhalenbank.12195
Lykstaasjes Op Sumarreheide wenne in frou, Antsje, dy seach foar. Doe wie der in jongkeardel, dy sei: 'No Antsje, is der ek wat nijs op 'e buert?' Se sei: 'Ja, der komt nijs. Dû en ik komme op 'e selde begraffenis. En moatst hjir mar om tinke—ast foar it gat fan 'e hage stieste, dan sil ik dy wol even taknikke'. No, doe waard er al in bytsje kjel. En it...
nl.verhalenbank.12967
Us heit hat yn Goaijingahuzen yn 'e ûngetiid west. Op in kear gong it der op 'e stâl hiel bot oan wei. Mar der wie neat. Letter, doe't de kij op stâl kommen, wie 't selde lûd der wer. Dat hat foartsjirmerij west.
nl.verhalenbank.12297
De mem en beppe fan myn skoanmem soenen op in jountiid nei de tramhalte ta yn Nyegea om harren man (en heit) ôf to heljen. Sy wisten noait hoe't er thúskomme soe, hwant hy brûkte wol us drank en dan wie 't net fortroud, dat er allinne roan. Doe seagen dy twa froulju ûnderweis yn 'e Wierren (ûnder Nyegea) skippen farren op it lân. Letter is dêr in feart...
nl.verhalenbank.12308
Op 'e Sumarreheide wenne Antsje. Dy wie mei de helm geboaren. Dat wist in elk wol. Op in kear makke har buorjonge in praetsje mei har. Is der ek hwat nijs? frege der. Né, ik soe 't net wite, sei Antsje. Komt der ek hwat nijs? frege de jonge doe. Antsje sei: Ast it dan dochs wite wolst, ja. Der komt in sterfgefal. En dêr komme dû en ik beide by op...
nl.verhalenbank.11562
Heit syn heit, dat wie Harmen van der Zee. Dy wenne yn Sigerswâld. Op in joun doe soed er op bêd. Hy stie al yn 'e ûnderbroek. Mar it pypke wie noch net alhielendal leech. Dat woed er earst leech roke. Beppe lei al op bêd. Wylst pake ta 't finster út seach kommen dêr twa greate, felle ljochten lyk op him ta. Hy rôp: Geeske, Geeske, hwat sil dit wurde! Mar...
nl.verhalenbank.11559
Twa pearkes út Aldegea gongen ris nei Hinke Kaert ta to Nijebrêge. Hinke koe de takomst foarspelle. It wienen boeredochters, de fammen en ik tsjinne by de âlden fan de iene. Ik sliepte nachts ek by dy faem. Hja fortroude my altyd alles ta. Doe 't se by Hinke Kaert west wie fortelde se my har wederfaren. Hinke hie sein: Dêrstû mei trouste, dy moat ûnder...
nl.verhalenbank.9650
As der in selskip by elkoar sit, en sy wolle in flesse drank ha, dan moatte se skoppenboer fuortsjûre. Sy matte skoppenboer oan 'e flesse bine en dan de flesse bûten de doar sette, mar de doar op in kier hâlde. Se matte ôfprate, hwa't de flesse oannimme sil. Op in kear sieten der guon by elkoar yn 'e keamer. De âld boer lei siik yn 't bêdsté. Doe setten...
nl.verhalenbank.11567
35