Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn Drachtster Kompenije wenne in man dy hie in siik hynder. It dier wie der slim oan ta. Doe gong dy man mei 't wetter fan 't hynder nei de duvelbander ta. Dat wie Hinse Jehannes de Boer fan 't Swartfean.
Hinse joech him in drank mei, dêr moest er fral goed op passe en dêr it hynder fuort fan ynjaen, hwant der wie haest by.
Dy man gong der mei op hûs ta,...
nl.verhalenbank.36920
Hinse Beest
In âldomke fan ús wie Hinse Benedictus fan it Swartfean ûnder de Drachtster Pein. Hy waard troch in dei Hinse Beest neamd, omdat er kundich wie yn it feedokterjen. As der in ko siik wie, hoegden se mar mei in tûflke hier tusken de hoarnen wei by him te kommen en hy seach, watfoar kwaal as it beest hie. Hy doktere ek oer minsken. Se hoegden...
nl.verhalenbank.12997
Greate Wopke fan Kûkherne wie in duvelbander. Mar 't wie ek in wûnderdokter. Ik wie in jonge fan alve jier, 'k wie altyd siik. Twa dokters gongen der oer my, dokter Visser fan Drachten en nòch ien. Mar 't joech neat. Doe gong heit mei myn wetter nei Wopke ta.
"Kom, bist dêr al?" sei Wopke. "Lit my 't wetter mar gauris sjen. Dy jonge hat izersterke...
nl.verhalenbank.24823
Dokter Visser syn frou sukkele altyd. Dokter koe har net better krije. Doe gong dokter op in kear mei har wetter nei greate Wopke ta.
"Kom, binne jo dêr al?" sei Wopke.
"Ja", sei dokter.
"Lit my 't wetter fan 'e pasjinte mar ris sjen", sei Wopke. Doe't er dat sjoen hie, sei er tsjin dokter Visser: "Sjoch, it sit sa: Jo binne wol achter de kwael, mar jo...
nl.verhalenbank.24824
Binne Vogeltsje wie hjir froeger de tsjoenster. Der wenne in jonge yn Drachten, dy wie net goed. Se seinen, Binne Vogeltsje hie him bitsjoend. Der wie mar ien dy't him geneze koe, dat wie de tsjoenster sels. Doe gongen se mei de jonge syn wetter nei Vogeltsje ta. "Ik sjoch it wol," sei se, "de jonge hat in salamander meinom. Dêrtroch koed er sa hurd rinne."
nl.verhalenbank.36652
Hinse Beest
Der wie ris in jongfeint, dy woe Hinse Beest te pakken ha. Hy gong hinne en die hynstemige yn in fleske. Hinse sei neat. Hy gong der efkes út en kaam werom mei in pakje: 'Dizze medisinen—hjouwer en beanen moat de pasjint ha'.
Der wienen ris trije jongfeinten, dy woenen Hinse ek te fiter ha. Se dienen alle trije in bytsje fan har wetter yn in...
nl.verhalenbank.13001