Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op 'e Nyegeaster Hegewei binne nêst jierren âlde Landmeter en syn frou formoarde woarn. Hja hawwe letter noait de bloedplakken út 'e flier krije kind.
nl.verhalenbank.29624
Yn it sprookje fan Blauburd lit de juffer de kaei falle yn it bloed. Dat bloed kin se noait wer fan 'e kaei ôfkrije, hwant it is moardnersbloed. En sok bloed bliuwt der altyd op sitten.
nl.verhalenbank.19721
Oan 'e Mûzegroppewei hat in hûske stien, dêr wenne Sytse Bates (Batema) yn. De soan Freark wie to riden. De dochter woe ek ride. Mar Sytse woe 't net lije. Sy krigen spul en hy sloech syn dochter mei de bile de holle yn. Doe hat er himsels fan kant brocht. De plakken bloed oan 't bêdsket en oan 'e muorre woenen der net wer ôf letter. Op twa boereweinen...
nl.verhalenbank.22717
By de Batema's oan 'e Mûzegroppewei ûnder Rottefalle is yn 't foarige in dûbelde moart gebeurd. De heit formoarde earst syn dochter en makke doe himsels fan kant. De bloedspatten yn 'e muorre woenen der noait wer út. Men die hwat men der oan dwaen koe, mar it joech neat. Se koenen it hûs letter noait forhiere. Net ien woe der yn. It hûs is letter ôfbrând....
nl.verhalenbank.20101
Moard op 'e Mûzegroppewei (S Batema) : 't bloed, dat net útwiske wurde kin. Rymke:
Sytse Bates, dy wie gemien.
Dy hat syn dochter de hals út snien.
nl.verhalenbank.17603
It is my wol forteld woarn, dat bloedplakken, dy't fan in moart ôfkomstich binne noait wer útwiske wurde kinne.
nl.verhalenbank.23410
Bloedplakken dy't troch in moard ûntstien binne, kinne der noait wer út.
nl.verhalenbank.22268
Yn Surhuzum waerd ris in âlde frou formoarde. Dat gebeurde yn 'e gong. It bloed spatte op 'e muorren.
Dat bloed woe der letter noait wer wei. Us heit hat dêr wolris timmere. Hja wisken de bloedplakken wol út, mar 't bloed kaem der altyd wer troch. (Ien fan 'e moardners wie Harm Oldenburger; der wie in liet fan.)
nl.verhalenbank.38023
Bloedplakken, dy't der by in moart komme, wolle der noait wer út. Dat hat ek it gefal west mei de moart oan 'e Mûzegroppewei fan Sytse Bates.
nl.verhalenbank.24436
Hjir by de nije brêge is ek us ien deastutsen woarn. Mei gjin mooglikheit koenen se dêr it bloed forwiderje. 't Kaem altyd wer.
nl.verhalenbank.17604
Op 'e hoeke fan 't Wyldpaed is in sekere Piter Veenstra formoarde woarn. Hy is deastutsen. De bloedplakken ha se noait útwiskje kind.
nl.verhalenbank.22126
By de Wedze is in man formoarde woarn. 't Wie in boer. In arbeider krige dêr de skuld fan, mar se ha 't noait biwize kind dat er it dien hat.
Doe't dy arbeider op syn stjerbêd lei, sei er: "Greate Pier hat him de hals útsnien en ik moest tasjen."
Bloedplakken dy't by in moard ûntstean kriget men noait wer út 'e flier of de muorre. Dy bliuwe der yn sitten.
nl.verhalenbank.30085
Bloedplakken dy't by moard ûntstean, wolle der noait wer ôf.
nl.verhalenbank.24646