Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
In nachtmerje wie ien fan sawn dochters. Hja kaem troch 't gat fan 't ûleboerd. Dan gong se earst even op it saeibuordtsje sitten. In nachtmerje kaem ek troch de skoarstien.
Men moest der foar soargje dat de skoarstien tige rikke, dan kaem se net.
It hinnegat moest jouns fral ticht yn 't achterhús, oars kaem se dêr troch. 't Kaeisgat moest ticht treaun...
nl.verhalenbank.37354
Der wie in boer, dy hie in hiel âld plaets. Dy wie wol sa min. Mar dy boer hie gjin jild om in nijen sette to litten.
"Hoe krij ik in nije plaets", sei er faek yn him sels.
Dan roan er op 'e wei om jouns en dan prakkesearre er mar.
Op in kear wie dat wer it gefal. Doe kom dêr in man oan.
"Hwerom bistû hjir alle jounen op 'e wei?" sei dy.
"Dat sil 'k jo...
nl.verhalenbank.27437
Piter Poes seach mear as in oar. Hy wie by minsken yn 'e kost. It hûs dêr't se yn wennen, moest fortimmere wurde. Piter Poes sei: "Der matte ek noch sinten yn sitte." En wrachtich, der kom in partij jild út it ûleboerd wei.
nl.verhalenbank.25625
Gjert Dalstra (= Lytse Kei) fan 'e Tike wie in frijmitseler.
Hy hie him oan 'e duvel forkocht foar in wikseldaelder.
Dy wikseldaelder hied er yn in koer en dy koer hong oan 't ûleboerd. Dat ûleboerd wie net ôfmakke woarn. Op in pear plankjes nei. Lytse Kei hie noait forlet fan jild.
Alle Maitiden gong er nei Zoutkamp, nei in boer op 'e klaei op 'e bou.
nl.verhalenbank.32602
Us mem fortelde, der wie us in kjirdel, dy flokte faek op 'e bern om. Dy godfordommese bern! plichte er to sizzen. Dat gong de duvel wol nei 't sin.
"Duvelse jonge, kom hjir us", sei er om 't oare wurd. As er dan wer hiel bot op 'e bern omflokt hie, kom de duvel der oanfleanen en bigoun mei jild to smiten. De duvel tochte: op in duer krij ik him hielendal...
nl.verhalenbank.24265
Oan diz' kant Grins hat in boerepleats stien, dy hie gjin ûlebuorden.
Earst stie dêr in âld pleats, mar dy wie opbarnd. En de boer, dy't dêr wenne, hie gjin jild om in nijen-ien sette to litten. Hy wie earm.
Doe kom der in keardel by him. Dy woe wol in nije pleats foar him sette. It koste de boer gjin sinten, mar hy moest letter syn siele ha. Dy nachts...
nl.verhalenbank.28066
Op Dyksterhuzen by Menaem stie in boereplaets, dêr woenen noait de ûlebuorden yn sitten bliuwe. Sy foelen der altyd út. Dat wie it wurk fan 'e duvel.
Doe kom dêr ris in marskramer by de doar, dy sei: "Dêr wyt ik wol ried op. Jimme matte der stiennen ûlebuorden yn oanbringe litte."
Dat ha se dien en doe bleauwen se sitten.
nl.verhalenbank.25690
Frijmitselers ha alyd hwat oan har hûs dat net ôfmakke is. It ûleboerd of sa. Om 'e sawn jier mat der ien fan har stjerre. Sy ha in forboun mei de duvel. Elk fan harren hat in wikseldaelder, dat sy ha noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.27696
Greate Wibe wenne yn Jistrum. 't Wie in grouwe, gewante keardel. Sy seinen, hy koe troch 't slotsgat fan 'e doar by de lju yn 'e hûs krûpe. Hy koe tsjoene. Hy wenne op 'e âlde Iest. 't Wie in omke fan 'e dames Leegsma (twa ûnderwizeressen).
De frou fan Eatse Alles wenne ek op 'e âlde Iest.
Dat minske wie sa bang foar de kunsten fan greate Wibe, dat sy hie...
nl.verhalenbank.29308
Der wie in boer dy wie oan reapsein. Syn skuorre wie sa min, dy koe samar ynstoarte. Dêr siet er tige oer yn. Doe kom de duvel by him. Dy sei: Ik sil dy in nije pleats bouwe noch dizze nacht. Hy is klear foardat de hoanne kraeit. Mar dan mast dit even ûndertekenje. De boer die dat. Doe wied er oan 'e duvel forkocht.
Doe gong 't dy nachts op in timmerjen....
nl.verhalenbank.24832
Piter Poes haw ik net mear kend. Hy wie duvelbander en wie net troud. Hy wenne yn in lyts hûske, dêr hat letter Sudema yn wenne. Doe't er dea wie ha se in protte sinten foun boppe yn it ûleboerd.
nl.verhalenbank.31795
Heit wenne yn Feanwâldsterwâl. Hy wie sa'n 17 jier âld, doe hied er op in nacht in droom. Hy droomde dat yn it Bûtenfjild soe de buorkerij fan Kees Broersma ôfbrânne. Heit seach dúdlik in gleone bol op it ûleboerd. 't Wie in bol fan fjûr. En dy rolle oer de hiele naed fan 'e skuorre hinne nei de oare ein ta. Doe wie dy bol ynienen fuort.
14 dagen letter...
nl.verhalenbank.31005
As der in katûle by 't ûleboerd sit to roppen, dan giet der ien dea yn dat hûs.
nl.verhalenbank.30535
De stiennen ûlebuorden.
Der wie in boer, dy wenne ergens boppe Ljouwert. Hy hie nei stêd ta west, nei de merk en wie nou op 'e weromreis. It wie min, stoarmachtich waer en de boer siet tige oer syn minne, âlde skuorre yn. Hy wie deabinaud, dat dy der oan gean soe.
Sa nou en dan suchte hy der oer.
Doe kaem der in menearke njonken him. Dy sei: "Hwat suchte...
nl.verhalenbank.21259
Achter Ljouwert stie in plaets, dy wie tige min. Der roan in mantsje, dy syn plaets wie dat. Hy soe nei hûs ta, hwant de wyn kom opsetten en hy siet bot yn noed oer de pleats. As it in stoarm wurde soe koe it dak it net mear hâlde. En hy hie gjin jild om in nije pleats bouwe to litten.
Underweis kom der in keardel njonken him.
"Hwerom sjogge jim sa bang?"...
nl.verhalenbank.23897
As der in katûl rôp op 't ûleboerd koe men der mar fêst fan op oan dat der in deaden kom, itsij yn datselde hûs of yn in hûs dêr tichteby. Dat gong altyd troch.
nl.verhalenbank.20355
Yn Boarnburgum stie in hûs, dêr siet net in ûleboerd op. As se der àl ien oan makken, dan foel it der fansels ôf. Sy wisten net hoe't dat kom. Dêr hat hwat mei west.
nl.verhalenbank.24090