Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 results
Dutch Keywords: twee
Yn Schoonoord wennen twa reuzen, dy ha dêr froeger alles fornietige. Dêr steane nou twa houten beelden fan.
nl.verhalenbank.30101
Twa reuzen wienen yn Eastemar. Sy moesten nei Wargea ta. It gong drok op in graven, sy dolden mei in heale pream. Doe kommen se by in doarp, doe seinen se: "Wy bin der samar." Doe krige dat doarp de namme fan Sumar. Doe't se in hiel ein fierder wienen seagen se in tsjerke stean mei in toer. Dêr gongen se tsjinoan stean. "Hè," sei de iene reus, "ik bin...
nl.verhalenbank.23819
Yn Akkrum, dat doe noch gjin namme hie, wie in reus oan 't slatten. Dêr krige er 't bot fan yn 'e rêch. Dat kom om't er hyltyd krûm stien hie ûnder 't slatten mei in bollepream. Doe sei er: "Ah... krom!" It plak krige doe de namme Akkrom. (Der wurdt ek forteld, dat twa reuzen dêr ris mei in kanael oan 't graven wienen. De iene seach achterom. 't Kanael...
nl.verhalenbank.33046
To Britsum linen twa reuzen tsjin 'e toer oan. Doe knapte de toer. Dy wie net bistand tsjin sa'n swier gewicht. "Ik brits 'em", sei de iene reus. Doe krige dat plak de namme Britsum. Dy reuzen wienen dêr yn 'e buert oan 't graven. (Sy ha 't my op 'e klaei forteld)
nl.verhalenbank.26073
Der wienen ris twa reuzen, dy wienen togearre oan 't feartgraven. Sy bigounen elk fan in kant en sa groeven se moai op elkoar yn. Mar doe't se omtrint oan elkoar ta wienen, kommen se ta de konklúzje, dat se net tsjin elkoar oer kommen. Doe moest it lêste eintsje wol krûm wurde. "Aah- krom!" sei de iene reus tsjin 'e oare. Dat hearden guon en doe neamden...
nl.verhalenbank.26070
Ellert en Brammert woonden in een hol in een berg in Brammertshoop bij Schoonoord. Het waren twee beruchte rovers. Ze woonden bij elkaar. Ze spanden eens een touw over het Ellertshaar op de heide. Op zekere dag kwam daar een meisje langs die ging langs de olde Groningse weg die van Coevorden naar Groningen loopt. Dat meisje liep tegen het touw aan en toen...
nl.verhalenbank.32024
Der wienen twa reuzen, dy hienen 't o sa drok hawn togearre. Doe leunden se ergens yn in doarp tsjin 'e tsjerketoer oan. Mar dy toer bijoech him ûnder it swiere gewicht. De toer bruts. Doe krige dat doarp de namme Britsum. In skoft letter wienen dy reuzen wer warch. Dêr wie èk wer in toer, in mânsken-ien. Dêr gongen se tsjin oan stean. Dy toer bleau...
nl.verhalenbank.33045
To Britsum wienen ek twa reuzen oan 't wurk west. Dy rêstten even út en leinen mei de earmen op 'e tsjerke. "Krak" sei de tsjerke. "Hwat wie dat?" sei ien fan 'e reuzen. "Ik bruts him", sei de oare. Sa hat dat plak dêr de namme Britsum krige.
nl.verhalenbank.20626
Twa reuzen wienen mei in kanael oan 't graven. Hja brûkten elk in heale pream, dêr dolden se mei. De modder kaem oan 'e kant fan 'e feart to lizzen. Hja koenen dêrtroch net sjen of er wol rjocht waerd. Doe sprong ien fan harren boppe op in modderheap en hy seach achterom. "Ah - krom!" rôp er. De feart wie bryk. Doe krige it plak dêr de namme Akkrom.
nl.verhalenbank.20625
De Bouwe-pet rint fan 'e bûterfabryk (nou opheven) fan Gytsjerk rjochting Feanwâldsterwâl. De lêste helte hyt Mûzerit. Twa greate reuzen foeren mei in greate houten skou fan Ljouwert oer de Greate Wielen nei Gytsjerk. Dêr koenen se net fierder, hwant dêr hâldde it wetter op. De iene reus hiet Bouwe - dêr fandinne de namme Bouwe-pet, mar de oare syn namme...
nl.verhalenbank.32150
Hoe't Wargea oan syn namme kaem. Twa reuzen hienen de hiele dei skript. Hja hienen oan 't graven west. Doe rêstten se even út. Hja leinen de hannen boppe op 'e tsjerke en de iene sei: "O warch, o warch, o warch!" De minsken dy't dat hearden joegen doe dat doarp de namme fan Wargea.
nl.verhalenbank.37697
Alde Tabe Kooistra fortelde ris, hy en Koen hienen achter Kollum wenne, doe hienen se ris op in joun to praten west. Der lei snie, 't wie yn 'e winter en de wegen wienen iensum. Hja hienen kaertspile. 't Wie moai ljochtmoanne-waer. "Hea," sei Koen, "dêr komt ek noch ien oan." Hwat tichterby dyselde kom, hwat greater hy woarde. Op 't lêst wie 't in...
nl.verhalenbank.27433
12