Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ik en nòch ien roannen us by de spoarlyn lâns. Wy wienen oan 't smokkeljen yn 'e moanneskyn.
Doe wie dêr ynienen in keardel mei in hoed op. Dy roan neist de spoarlyn.
Doe't er ús passearde, wie er ynienen fuort, sûnder in spoar achter to litten. Hwat dat west hat, is my noch altyd in riedsel.
nl.verhalenbank.25972
Der kom yn Haulerwyk yn 'e herberch in man, dy bistelde twa buorrels. De kastlein sette twa romers mei jenever foar him op 'e tafel del. Doe nom dy man earst de iene romer, dy rikke er ien ta oer syn linkerskouder hinne, mar net ien koe dyselde sjen. Doe dronk dy man syn eigen romerfol op.
De romer fan de ûnsichtbere nom er wer oan en der kommen twa lege...
nl.verhalenbank.25966
Ik wie ris mei Bouke Schievink fan 'e Harkema oan 't murdzjen by Hilversum. Wy hienen de hounen by ús. Ynienen komt der in auto op ús ta, mei de koplampen op. Wy hurd fan 'e fyts om ús hounen to pakken. Fuort is 't ljocht. Gjin auto en gjin motor mear. Neat to sjen by de hiele lange feart lâns. Nou freegje ik jo: hwat hat soks west?
nl.verhalenbank.25973
Der kommen us op in kear twa mannen by in boer. Dy hienen in greate koer by har, dêr wie in sek oerhinne. Sy fregen de boer of dy koer dêr wol in nacht by him yn 't achterhûs stean mocht. De oare moarns dan soenen se him wer helje.
Dat wie de boer goed en de beide mannen setten de koer yn 't achterhûs del.
Mar doe seach de boer dat der hwat yn dy koer...
nl.verhalenbank.24176
Haeije Postma fan Surhuzum - in âld man - fortelde ris: Yn Surhuzum wenne in âld-frou.
Greate Gelf en syn kammeraten soenen dat âld-minske ris bang meitsje. Sy passearden in paed mei in omstap om 'e hekke. Dêr moest dat âld-minske lâns.
Twa fan dy mannen gongen dêr stean, elk mei in great wyt ding om.
Doe wie dy âld-frou dêr oan kom. Sy bleau stean en sy...
nl.verhalenbank.27334
Wy hawwe as feinten us in kear west by Hinke Kaert. Myn broer wie der ek by.
Doe't wy fuort soenen, sei se tsjin ús: "Aenst oppasse, jonges. Net folle drank nimme. Ien fan jimme kriget aenst in lyts ûngelokje."
Wy stutsen ûnderweis by in herberchje oan. Wy soenen elk ien keapje en soenen der yn. Doe rekken twa fytsen yn elkoar wylst se omswaeiden nei 't...
nl.verhalenbank.24172
Bearn van der Woude wie myn heit. Hy wie us mei mem to jounpraten nei syn swager, dy wenne sa'n trije hûndert meter fan him ôf. It gong altyd op in kaertspyljen as heit en omke by elkoar wienen. Mar doe hie heit de spylkaerten forgetten dy kear. Hy gong werom om se to heljen en omke gong mei. Sy gongen skeanoer troch 't lân, dat wie 't koartste.
Doe binne...
nl.verhalenbank.26023
Witte wiven gingen altyd door 't bos van Jild Dyk. En so ferdwenen se weer. 't Waren twee witte frouljuu.
Dit gebeurde faak. Forskeidene hebben se sien.
nl.verhalenbank.25852