Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wienen twa boeren, dy kuijeren op 'e reed. Doe song dêr in fûgel. Doe sei de iene boer: "Dy fûgel sjongt foar my."
"Né," sei de oare boer, "dy fûgel sjongt foar míj."
Doe krigen dy beide boeren rúzje. Doe woarde it in pleitsaek.
Foar hwa hie nou de fûgel song? Foar de advokaet.
nl.verhalenbank.23889
Alde Gjerte Jel en Luts koenen tsjoene.
Alde Minke Germ soe de moarns to fiskjen en doe moete hy dy beiden. Se sweefden oer de dauwe hinne.
nl.verhalenbank.23877
Twa man fan 'e Houtigehage gongen in kear mei in wein mei bijen nei Drinte ta nei de heide. Dêr roan in hynder foar. Underweis by de Mouneleane achter Duerswâld dêr kom in grouwe swarte houn oansetten. Dat wie in pleachbeest. Dy roan by har lâns. Sy skopten him yn 'e sleat, mar in eintsje fierder, dêr wied er al wer njonken har.
Doe ha se him wer yn 'e...
nl.verhalenbank.23730
Jan van der Woude, syn broer, wenne yn Grinzer Pein. Dy hie in dochter Bintsje en dy wie siik. Sy seinen: "'t Berntsje is bitsjoend." Doe gong Jan nei Frânse Hinke ta, dat wie in duvelbanster yn 'e Rotfalle.
Dy joech him in fleske guod mei. Sy sei, hy moest meitsje dat er dêrmei thús kom en foaral net òmsjen, hwant dan kom der ien, dy soe it fleske...
nl.verhalenbank.23726
Durk-om (= Durk Bouvin) en Jan Taekema dy hienen togearre op 'e sutel west mei matten. Dy hienen se op in karre. De jouns kommen se werom. Sy wienen sahwat by Swarteweisein. Durk-om lei yn 'e karre en Jan Taekema luts de karre foarút. Dat dienen se beurt om beurt, dan koe de iene nou en dan hwat útrêste. Mar by Swarteweisein woe de karre ynienen net...
nl.verhalenbank.23875
Hjir dwars oer wenne Feitse Mud. Dy tsjinne by in boer yn Oerterp. Hy hie in keppel bijen, dy brochten se op in kear achter Duerswâld nei de heide. Dat dienen se yn 'e nacht mei in greate wein mei twa hynders der foar. It wienen allegear kuorren op 'e wein. Feitse en de boer sieten togearre foar op 'e wein. Sa kommen se op 'e Mounleane.
Doe sei de boer:...
nl.verhalenbank.23586
Der wienen twa doomnys, de iene kom fan 'e Kompenije en de oare fan 'e Rotfalle. Dêr sieten ik en Jan ek by. Doe hienen se 't oer de geboarte fan Jezus. Jozef, dat wie net de echte heit fan it bern. "Né," sei ik, "hy is fan de Hillige Geast."
Doe seinen dy doomnys: "Né, dêr is neat fan oan, dy hat it allinne mar bisocht."
Doe sei ds. Warners tsjin my:...
nl.verhalenbank.28404
In pear wiken letter seach er wer hwat. Doe wie 'k èk by him. 't Wie op Luchtenveld yn 'e buert fan Sipke Lindeboom. 't Wie heldere moanne en der lei snie.
Hy seach wèr in spoek. "Sjoch", sei er, en hy seach wol sa binaud.
De beantsjes op 'e bou stienen op 'e stûke. Dêr njonken seach er hwat. Hwat it wie bin 'k noait gewaer woarn. Ik ha der hinne west to...
nl.verhalenbank.21631
Hja seinen froeger, dêr fleagen twa wylde lantearnen troch de lannen hinne. Dat wie de lettere tram.
nl.verhalenbank.23581
Hoe't Wargea oan syn namme kaem.
Twa reuzen hienen de hiele dei skript. Hja hienen oan 't graven west. Doe rêstten se even út. Hja leinen de hannen boppe op 'e tsjerke en de iene sei: "O warch, o warch, o warch!"
De minsken dy't dat hearden joegen doe dat doarp de namme fan Wargea.
nl.verhalenbank.37697
Ek in kear, doe wienen wy der wer togearre op út to murdejeijen. Wy wienen achter it Dwarsdjip.
"Sjoch", sei Wessel ynienen.
"Hwat sjochstû", sei 'k.
"In kiste mei in wyt kleed der oer", sei er.
Dan wie der ien yn 'e kream stoarn as der in wyt kleed oer de kiste lei.
"Ik sjoch neat", sei 'k.
nl.verhalenbank.21630
Op in moarn tusken fjouwer en fiif ûre kommen ik en Sweitse de Wit by de Lange Wyk lâns. Wy soenen nei de buorren ta. Doe kom dêr in lyts swart keardeltsje oan mei in hege hoed op, dy gong stiif njonken my lâns. Sa't ik him neiseach, woarde er wei. 't Wie krekt as der beammen mei woartel en takken ta de groun út skuord woarden.
Doe woarde it in swarte...
nl.verhalenbank.23795
Wessel en Jan Opslach (= J. v.d. Heide) wienen us togearre yn 't boskje oan 'e Trije Roede. 't Wie yn 'e nacht. Der lei in stikje bou yn dat boskje. En dêr sieten faek hazzen yn. Dêr wie 't Wessel en Jan om to rêdden. Mar Wessel syn wiif wie oan 't omfallen ta. Mar dêr steurde Wessel him net oan. Sy sieten dêr stil op 'e hazzen to passen. Hwant mei 't...
nl.verhalenbank.21633
De hûskes stienen froeger bûtendoar. 't Wienen trijehoeken.
Twa famkes sieten op in joun yn Houtigehage op it hûske.
Doe kaem de heit der oan en dy sei: "Ik ha wolris twa famkes op it hûske sitten sjoen, mar noch noait trije."
Doe waerden dy famkes sa bang, dat sy fleagen yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.37465
Yn Uthuzermeden wenne in boer, dy hie twa skuorren.
Yn 'e iene skuorre koenen se wol sliepe, mar yn 'e oare net. Dêr spoeke it. Dêr wie 't net fortroud to sliepen.
nl.verhalenbank.22040
Myn broer Wessel en ik wienen op in nacht oan 't murdejeijen. De Trije Roede wie doe noch sânwei. Dêr wie bosk oan. Dêr hâldden wy doe ta. Ynienen pakte Wessel my by 't skouder.
Ik roan midden op 'e wei. Dat die 'k altyd, mei opset sin. Hwant der kin us ien fan 'e sydkant komme dy't jin ûnforwacht in mep jaen wol.
Mar Wessel pakte my by de nekke en smiet...
nl.verhalenbank.21629
Wy wennen yn Oerterp. Ik wie doe noch yn 'e hûs.
Us mem wie om boadskippen nei in winkel oan 'e Middenwyk. Wy - ik en myn suster - soenen ús mem ophelje. Wy mienden dat ús mem der oankom, hwant mem hie in lantearne mei nom.
Mar wylst se der oankom - sa't wy mienden - gong 't ljocht ynienen skean oer. Wy tochten, hwer bliuwt mem nou.
Mar dat hat in wylde...
nl.verhalenbank.22043
Der wie in boer, dy wenne op in plaets. Hy hie in sleat foar hûs, dêr lei in fonderke oer. Dy boer hie twa dikke Sint Bernard-hounen dy leinen deis altyd op it hiem oan wjerskanten fan it bartsje.
Jierren letter, doe't de hounen al lang dea wienen en de boer dêr net mear wenne, wienen der minsken dy seagen nòch altyd dy beide hounen dêr lizzen.
nl.verhalenbank.23567
Oan 'e Houtigehaechsterwyk wenne in tsjoenster. It wie Jan Mulder syn frou, Luts fan Ritske Ale.
Njonken harren wenne in húsgesin, dêr wie 't jongste bern siik fan. 't Wie in jonkje. Dat woe net groeije, it tsjirme.
't Kin wolris bitsjoend wêze, seinen se en se gongen nei de duvelbander ta. Dy sei, hja moesten alles tsjuster meitsje yn 'e hûs, dat se...
nl.verhalenbank.37461
Twa reuzen wienen yn Eastemar. Sy moesten nei Wargea ta. It gong drok op in graven, sy dolden mei in heale pream. Doe kommen se by in doarp, doe seinen se: "Wy bin der samar." Doe krige dat doarp de namme fan Sumar.
Doe't se in hiel ein fierder wienen seagen se in tsjerke stean mei in toer. Dêr gongen se tsjinoan stean. "Hè," sei de iene reus, "ik bin...
nl.verhalenbank.23819