Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn Surhústerfean wenne in man allinne. Dy fierde net in slach út en hy kaem doch troch de tiid. Hy sea altyd iten foar twa minsken. Mar net ien dy't dy fremdeling seach. Guon woenen wolris sjen of it wier wie.
Doe seagen se om 12 ûre, doe't it iterstiid wie, ris tomûk troch 't glês. Dêr sieten twa man by de tafel to iten. De iene wie de frijgesel. Mar de...
nl.verhalenbank.31042
Der wie in man dy moest de skonk der ôf ha fan 'e dokter. Mar dêr wie er noch net oan ta. Hy gong nei Knjillis Wytses ta en frege him as dy der ek ried foar wiste. Hy moest de skonk bleat meitsje. Doe die Knjillis Wytses hwat yn in kalkene pipe en bigoun to smoken. Hy soarge der foar dat de reek by de bleate skonk lâns gong.
It duorre net lang of dêr...
nl.verhalenbank.32211
Yn Burgum wenne in widdoufrou, dy hie twa famkes. It âldste wie fjirtsjin jier. Hja hie ek twa famkes forlern. Hja wennen yn in arbeidershûs en dêr hienen se froeger wol stilen yn.
Deis wie de widdou by de boer op it lân en de beide famkes moesten de húshâlding dwaen. As hja thúskaem stie it iten al op 'e tafel. Mar op in kear kaem se thús, doe wie der...
nl.verhalenbank.19723
Der wie in greate boerepleats, dêr wie 't net plús yn. It spoeke dêr. De boer prakkesearde der oer om der wei to wenjen. Hy sei tsjin syn arbeider: "Jonge, astû de boel hjir oplosse kinst, krijst in grou stik jild fan my.
De arbeider sei: "Ik sil 't bisykje." Hy gong nei de dûmny ta en frege of dy in nacht mei him weitsje woe yn in keamer fan 'e pleats,...
nl.verhalenbank.19836
Gjert bihandelde Antsje sa min, dat it sloof hie noait sinten om hannen. De bern roanen mei de honger yn 'e hals om. Der wienen twa. Antsje roun faek genôch skriemend om 't hûs hinne. Gjert hâldde alles sels. Antsje wie skroar.
Op in kear foun Antsje twa ryksdaelders.
Hja naem se op en frege: "Binne dy fan jo, Heare?" Doe hearde se in stim fan boven, dy't...
nl.verhalenbank.19774
Der wienen twa man yn 'e Harkema oan 't fechtsjen. Dat gong om libben en dea, it waerd gefaerlik.
Doe kaem Sterke Hearke der by, dy naem ûnder elke earm ien man en smiet elk in kant út. Sjesa, sei er, elk in kant út. Doe wie 't fechtsjen út.
nl.verhalenbank.31039
Hearke wie ek exteur en stille plysje. Op in kear woarde er ûntbean troch Kuoi-jonges, twa bruorren, dy't in plaets hienen yn Eastemar (achter Sinnestrielen). Kuoi-jonges rekken gauris jirpels kwyt en nou moest Hearke der op passe hwa't soks lapte.
Hearke attrappearre de dief. De man pike mei in sekje jirpels út. Hearke folge him, sûnder dat dy man it...
nl.verhalenbank.17688
Der wurdt fan sein dat der ris trije man to fiskjen wienen by de Skilige Piip. Ien man waerd troch de oare beiden oer board hâlden en doe is dy dêr forsûpt. Sûnt dy tiid spûket dy dêr om.
nl.verhalenbank.30424
Auke en Sjut dy wennen op 'e Tike. Sy stienen min bikend. Us Wytse-om en ús Jehannes-om dy kommen dêr moarns bitiid faek lâns as se nei de merk ta gongen foar de handel. Dan seagen se dêr altyd twa wezentsjes omspûkjen. (popkes)
Op in kear frege Jehannes-om: "Hwat is dat dêr altyd by jimmes achter op 'e tún? Dêr spûket it."
Doe krigen Auke en Sjut beide...
nl.verhalenbank.19717