Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: twee Place of Narration: Eastermar
As minsken (arbeiders) tofolle praetten by it wurk, krigen se it folgjende teltsje to hearren fan 'e boer: Der wienen twa arbeiders, dy groeven in feart. Sy bigongen elk op in ein. Doe wienen se op it lêst byinoar. Doe bigong de iene to praten. Doe hâldde de oare op mei graven en sei: "Ik wol net mear mei dy arbeidzje, want dû bist in prater."
nl.verhalenbank.20601
Sibbele en Tryn soenen har sulveren brulloft fiere. 't Soe in greate brulloft wurde. Tryn sei: "Myn kammeraetske Janke sil ek wol út Hollân delsetten komme." "Dat tink ik net", sei Sibbele. "Hwerom net?" "Wel, jimme folk en hàr folk ha yndertiid al ris rúzje hawn om in knyn, dy't troch jimme houn biten woarde." "Och heden," sei Tryn, "dat is al sa lang...
nl.verhalenbank.33692
Myn oerbeppe kom ris op in kear fan 't Wytfean. Sy moest rinnende nei Eastemar ta en 't woarde al skimerich. Hja gong in sanpaedtsje del, by de diken lâns. Hja hie in smel-gouden earizer op. Doe seach se twa man oankommen. 't Wie doe in rare tiid, der woarde rounom roofd en stellen. It wie krekt, as woarde 't har ynjown dat dat twa rovers wienen. Mar sy...
nl.verhalenbank.28388
Hanne Foekes wie in tûke fisker. Hy wenne yn Eastemar. Mar hy hie de duvel ta syn maet. Hy sette altyd kofje foar twa man, foar himsels en foar Jan. Jan dat wie de duvel. Dy geat er ek in kopke yn. De duvel hat him op 'e Leijen de nekke omdraeid by de Tryntsjemoaispôlle.
nl.verhalenbank.12239
By de bruorren Veenstra, de omkes fan Piter en Klaes misten se al in pear kear ierpels út 'e bult. Der moest in dief wêze, dy't dêr nou en dan ta siet. De beide bruorren nommen sterke Hearke ûnder 'e earm dy wie stille plysje en dy hie wol us in kerweike foar har dien. Hearke hâldde him dy nachts tichte by de bult forskûle. De dief kom der oan en gong ta...
nl.verhalenbank.19959
Boardzer Bruining fan 'e Houtigehage wie mei de keppel op 'e Grinzer klaei. Dêr wie ek in neef fan myn wiif by. Doe seach Boardzer dêr op in nacht yn 'e skuorre, dêr't se yn slepten, twa neakene berntsjes omrinnen. Dy koenen de rêst net krije, omt se gjin deaklean oankrigen hienen.
nl.verhalenbank.22267
Twa manlju soenen to fiskjen op 'e Leijen. Hja waerden warskôge troch in frou, hja moesten net nei de Leijen ta. Hwant as se dêrhinne gongen, sei se, soe 't boatsje wol weromkeare, mar sûnder har. De beide manlju steurden der har net oan. Hja binne op 'e Leijen fordronken. It lege boatsje is weromkaem en op 't selde plak lizzen gong dêr't de mannen...
nl.verhalenbank.31214
't Wie yn 'e lette hjerst, doe moesten wy op in kear op 'e lette joun fan Jistrum nei Skûlenburch ta om in pear kij fan 'e boat to heljen. Ik hie myn kammeraet by my. Sahwat op healwei kom der ynienen in hountsje tofoarskyn. It roan fan 'e iene daem skean de wei oer nei in oare daem. "Dat is de duvel", flústere myn kammeraet. "Dat hountsje ha 'k hjir...
nl.verhalenbank.29311
Ik wie noch mar njoggen jier, doe gong ik al mei nei de Grinzer klaei ta to wjudden. Bearn Brúnje gong ek mei. Mar dy krige dêr de koarts: de klaeikoarts. Dy koed er allinne kwyt wurde, as er wer nei 't selde plak ta gong. Dat hat er dien en hy hat der noait wer lêst fan hawn.
nl.verhalenbank.29313
Der wienen, twa man, dy sprutsen togearre ôf, de earste de bêste dy't se tsjinkommen, soenen se neisjen. Tafallich wie dyselde Sterke Hearke. Sy pakten Hearke en soenen him oer de wei smite, mar dat koenen se net rêdde. Hearke krige de beide maten topakken en hy sloech se mei de koppen tsjin elkoar oan en luts se doe wer útelkoar. Doe hienen se har...
nl.verhalenbank.19945
Hanne Foekes wie in ielfisker. Hy wenne to Eastemar yn in arke. Op 'e Leijen is er formoarde woarn. Op 'e Snakkerbuorren hied er syn wenskipke meastal to lizzen. As er ite woe, makke der twa pannen ré op 'e tafel. De iene panne mei iten wie foar Janmaet, sei er. De duvel hat him op 'e Leijen de holle omdraeid.
nl.verhalenbank.21926
As der in frijmitselder dea giet, is er oan 'e duvel oerlevere. It gebeurde us dat der twa spantsjes op 'e bolderwein nei Ljouwerter merke west hienen. Underweis nei hûs ta stutsen se hast rounom oan; dêr't mar drank tape woarde. De froulju krigen dêr har nocht fan, dat doe't se op Hústerheide nòch us stilhâldden, bleauwen de froulju yn 'e wein sitten....
nl.verhalenbank.20409
Der wie in heit, dy hie twa soannen. Elk fan dy soannen hie in hynder. De heit hie ek in plaets en dy woed er ien fan 'e beide soannen ta ha. Mar hokker? Se wienen him beide like nei. De beide soannen hienen 't hast elke dei oer de plaets. Elk fan beiden woe him graech ha en dan sangeren se har heit mar om 'e holle: "Jow him my, heit." Dêr krige de âld...
nl.verhalenbank.33857
To Ljouwert hienen se in hiele greate saek, dy wie fan de firma van Swieten. Der wie fan alles to keap. Jy koenen it sa raer net bitinke of hja hienen it. Dêrom hie de firma van Swieten bipaeld, as der ien wie dy't hwat keapje woe, en hja hienen it net yn foarrie, dan krige dyselde in gloednije radio kedo. Doe kom dêr ris in kear in boerke yn dy saek. Der...
nl.verhalenbank.33739
1