Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn in boerespultsje ûnder de Ham rekke in bern siik. It bern tsjirme, dat wie skoan oan 't bern to sjen. Hoe't de dokter der ek mei omplastere, it joech allegear neat. It bern bleau in harterke, ja it kopke biklonk hoe langer hoe mear.
Doe sei de buorman tsjin 'e heit fan dat bern: "Dû mast opjaen fan dokterjen. Der skeelt dat bern oars hwat. Dêr hat in...
nl.verhalenbank.15782
Piter en Knjilles Alma fan 'e Harkema (twa bruorren) hienen us togearre to jounpraten west. Doe't se op stap nei hûs ta wienen, kom der in lykstaesje oan. Sy gongen beide oan 'e kant fan 'e wei stean. Doe passearde dy lykstaesje dêr.
In pear wiken letter kom de èchte lykstaesje dêr lâns. 't Wie presys deselde, seinen se.
nl.verhalenbank.20048
Wy wennen yn 'e Harkema. Ik arbeide op 'e plaets fan Gosse van Dam op it Wytfean, en myn broer Sjirk wie dêr njonken arbeider, by Bouwe van der Meulen. Alle moarnen bitiid fytsten wy nei 't Wytfean ta, mar wy wienen hast noait by elkoar.
Op in moarn bitiid wie der ien foar my op. Dat gebeurde sahwat op it plak, dêr't nou de Fablo-fabryk stiet. Ik fytste...
nl.verhalenbank.33168
It wie tichte by 't Bouwekleaster. Der roan hwat jongfolk op 'e wei. Us heit wie der ek by. Piter van der Schors wie der ek by. Sy praetten meiinoar ôf, de earste de bêste, dy't dêr foarby kom soe troch ien fan harren oer de groun smiten wurde. Piter soe mei de earste rêdde.
Mar doe trof it krekt sa dat Sterke Hearke de earste wie, dy't dêr lâns kom. Dy...
nl.verhalenbank.21373
Sterke Hearke reizge us mei in ponge mei jild fan 't postkantoar fan Bûtenpost nei Ljouwert ta. Doe't er oan 'e Bonkefeart ta wie, seach er dêr in omkeard boatsje lizzen oan 'e kant fan 'e wei. Hy tocht: It is hjir iensum en it is aerdich tsjuster. 't Kin bêst wêze, dat der fremd folk is, dy't net folle goeds yn 't sin ha. As dy my aenst treffe wurdt it...
nl.verhalenbank.19936
Piter-om en Albert-om dat wienen bruorren. Dy gongen der in bulte nachts op út to murdefangen. Altyd togearre.
Op in kear seagen se op 'e heide in skynsel. It wie in wyt ding. Se wienen beide hwat skruten, mar Albert-om doarst der allinne mar nei to sjen. Piterom seach fan bangens de oare kant út. Hy sei: "Is 't by dy? Is 't by dy? Siz it dan."
Mar it...
nl.verhalenbank.20381
Us mem gong us op in kear by jountiid tusken tsien en alven in reed del. It wie yn 'e Harkema, sahwat op it plak, dêr't nou de fabryk fan Spinder stiet. Doe woarde se twa kearen oan kant reage, trochdat der in lykstaesje lâns kom. Hja seach beide kearen dúdlik de lykwein mei de greate minsken en de bern der achteroan.
nl.verhalenbank.19919
Hjir wenne froeger in man, dy brûkte in protte drank. Hy siet op in kear yn 'e kroech, doe dronk er wer fiersto folle.
Doe soed er nei hûs ta, mar syn suster hie krekt de feint, dy woe him der net yn ha; hja kearde him by de doar. Doe is dy man de mieden yn rekke. Hy hie in doek om 'e hals.
De oare moarns hong dy doek yn in hagebeam. En de man sels stie...
nl.verhalenbank.37239